Springe nei ynhâld

Oargel

Ut Wikipedy
It âldste Europeeske oargel hinget yn 'e Basilique de Valère yn (Sion, Switserlân) út 1390

In oargel is in muzykynstrumint dat bestiet út ôfsûnderlike pipen, dêr't loft trochhinne rint op in labium (of tonge). Immen dy't op in oargel spilet wurdt in organist of in oargelist neamd. In oargelmakker of - bouwer is immen dy't oargels ûntwerpt, boud en ûnderhâldt. Oargels wurde ta de aerofoanen rekkene.

It oargel soe útfûn wêze troch de werktúchkundige Ktesibios út Aleksandrje en út de tredde iuw foar Kristus datearje. Ktesibios neamde it nije ynstrumint hydraulosm, fan it Grykske ὕδωρ (hydor, wetter) en aulos, in populêr blaasynstrumint fan in dûbelreiten blaasynstrumint. Ktesibios sette in rige auloi fan ferkillende lingtes op in bak, wêr't ûnder druk loft yn pompe waard. In pompsysteem wêrby't de luchtdruk troch wetter yn goede banen lied waard soarge foar konstante luchtdruk.

Yn de Hellinistyske en Romeinske kultuer spile it oargel in wichtige rol by muzykwedstriden en net-religieuze plechtichheden.

Op hokker stuit it idee ûntstie om de komplekse wynfoarsjenning fan de hydraulos te ferfangen troch blaasbalgen is net bekend. De earste oanwizings fan oargels mei blaasbalgen datearje út de 2e iuw.

Mei de delgong fan it Westromeinske Ryk ferdwûn ek it oargel út West-Europa, mar yn it Eastromeinske Ryk (Byzantium) bleau it bestean. Undúdlik is it op hokker wize it oargel wer ús kant op kaam. Wol is it wis dat Pepyn de Koarte yn 757 in oargel krige fan de Byzantynske keizer Konstantyn V. Ek is der praat oer de Fenesiaanske preester Georgius, dy't om likernôch 826 hinne mei de bou fan oargels útein set wêze soe.

Oant doe hie it oargel noch gjin funksje yn 'e tsjerke. De iere tsjerkfaars stiene ek erchtinkend foar ynstrumintale muzyk oer. Sûnt de 10e iuw binne der yn Ingelân oargels yn tsjerken en kleasters. It soe lykwols noch lang duorje ear't it oargel folslein akseptearre waard yn 'e tsjerken. Yn it lêst fan de 13e iuw waard it oargel jimmeroan populêrder yn stedstsjerken en kleasters, ek al hie de tsjerklike hiërargy noch jimmeroan net it measte mei it oargel op. It oargel soe lykwols in sintraal plak yn 'e earetsjinst ynnimme en dat is yn in soad tsjerken noch jimmeroan sa.

De earste oargels hiene gjin registers wermei't rigen pipen yn- en útset wurde koene. Fariaasjes yn klankkleur of - sterkte wiene dêrfandinne net mooglik. Om dochs foar ôfwikseling te soargjen waard efter de spiler in twadde oargel boud, dat rêchposityf neamd waard. Ek waard der in twadde oargel boppe it earste boud, it boppewurk. Om mear spylmooglikheden foar de hannen oer te hâlden, waarden de baspipen mei de fuotten bespile: it pedaal, dat yn 1470 útfûn waard.

It âldste oargel fan Fryslân stiet yn 'e Salviustsjerke fan Dronryp

Troch de útfining fan in wize om rigen pipen yn en út te skeakeljen waarden nei 1500 folle mear klankkleuren mooglik. Dat mechanisme wurdt bestjinne troch it yn- en útskowen fan de registerlûkers njonken of boppe de spyltafel.

Herfoarmers lykas Jehannes Kalvyn en Huldrych Zwingli stiene kritysk foar it oargel oer. Kalvyn beskreau it oargel as de 'sirene fan 'e duvel' en neffens him stie it ynstrumint symboal foar de katolike oerdwealskens. Mar yn 'e Nederlannen wiene der ek foarstanners fan it oargel, lykas Constantijn Huygens. Sûnt healwei de 17e iuw krigen jimmeroan mear Nederlânske tsjerken in oargel.

It oargel ûntwikkele him jimmeroan mear nei in hichtepunt healwei de 18e iuw. Yn 'e rin fan de tiid waard it oargel ferbettere en oanpast oan de feroarjende easken fan de tiid. Fral de yndustrialisaasje wie fan grutte ynfloed op it oargel op de bloei fan it mechanyske oargel. It belangrykste dat wy yn 'e hjoeddeiske tiid tafoege ha is de elektryske wynmasine. Dy soarget der foar dat de balgen mei wyn folle bliuwe, sadat der ôfskie nommen wurde koe fan it traapjen.

Basisûnderdielen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Koepeltsjerke, Ljouwert hat it grutste oargel fan Fryslân

It oargel is in blaasynstrumint dat werom giet op de fluit. Yn de rin fan de tiid feroare it troch lytse oanpassings ta syn hjoeddeiske foarm. De panfluit liket troch de rige pipen mei fêste lingtes al wat op in oargelfront.

It leit foar de reden dat besocht waard om mei de dûbelfluiten mei harren mûlestik en mei de panfluit as foarbyld in ynstrumint te meitsjen, wêrmei ien of meardere toanen tagelyk makke wurde koe, wylst it mei ien mûlestik oanblaasd waard. De oplossing bestie út in tal pypkes of fluitsjes op in lange doaze, mei oan 'e sydkant in mûlestik om de pypkes oanblaze te kinnen. Om tefoarren te kommen dat alle pypkes tagelyk lûd joegen, waarden der ûnder de pypkes klepje of skúfkes oanbrocht, sadat it mooglik waard om toanen te selektearjen.

Mei't der mear pypkes oan it ynstrumint tafoege waarden, waard it dreger om mei de beheinde kapasiteit fan 'e longen foar genôch wyn te soargjen. Sa waard útein set mei it sykjen nei in mechanyske oplossing. De ôfstrûpte hûd fan in bist (in balge) waard as opslach brûkt foar de wyn wêrop it oargel spylje koe. De hûd waard fêst set mei twa mei knieren oan inoar fêst sette planken en sa koe der druk op de balge set wurde. It krop fan it bist tsjinne as útgong foar de wyn, dat oan it kanalensysteem fan it ynstrumint oansletten wie.

Underdielen dy't nedich binne om in gewoan oargel wurkje te litten binne:

  • De pipen.
  • De wynlade (de doaze dêr't de pipen op steane).
  • It mûlestik wertroch de pipen oanblaasd wurde: de kanalen.
  • De balge, dy't foar de wynfoarrie en de goede druk fan de wyn soarget.
  • De klepkes of skúfkes dy't de wyntafier nei de pipen ôfslute: de fentilen.
  • De hefbeamkes om de klepkes te iepenjen en te sluten: de toetsen.
  • De ferbining fan de toets nei it fentyl: de traktuer.
  • De spyltafel of klaviatuer.

Soarten oargels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tsjerkeoargel fan de Grutte Tsjerke yn Ljouwert

Der binne ferskillende soarten oargels dy't neffens it plak dêr't in oargel stiet en it doel dêr't it foar boud is yndield wurde kinne:

  • It tsjerkeoargel is in piipoargel yn in tsjerke of katedraal, dat brûkt wurdt by de begelieding fan sang of foar ynstrumintale muzyk.
    • in oksaaloargel of galerijoargel is in oargel op in kreake of in oksaal.
    • in koeroargel stiet yn 'e regel by in sjongkoar of yn it koer fan 'e tsjerke. It is lytser dan it grutte oargel en it kin mobyl wêze.
  • It hûsoargel is in lyts model fan in piipoargel, dat thús stean kin.
  • In konsertoargel is in grut piipoargel dat selstannich of by in orkest brûkt wurde kin.
  • It teäteroargel waard faak yn bioskopen en teäters brûkt foar de muzyk by stomme films.
  • In dûnsoargel stie eartiids yn dûnssealen.
  • It kermisoargel is in draaioargel dat op merken ynset wurdt om dêr in grut folume oan muzyk te meitsjen. In apart type kermisoargel waard brûkt yn de âlderwetske draaimûne.

Harmoania, elektroanyske oargels, Hammond-oargels, pyrofoanen, knikkeroargels, wynoargels, wetteroargels en flesseoargels wurde wol oargels neamd, mar binne dat eins net.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Orgel