Sion (Switserlân)
Sion | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Switserlân | |
Kanton | Wallis | |
Plak | Sion | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 34.599 (31.12.2017) | |
Oerflak | 25,6 km² | |
Hichte | 515 m | |
Oar | ||
Tiidsône | CET (UTC+1)) | |
Simmertiid | CET (UTC+2) | |
Offisjele webside | ||
www.sion.ch (Frânsk en Dútsk) |
Sion (of yn it Dútsk Sitten; Walliserdútsk: Sittu; Latyn: Sedunumis) is de haadstêd yn it kanton Wallis, Switserlân. De stêd leit oan de noardlike kant fan de Rône en hat likernôch 40.000 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut argeologysk ûndersyk docht bliken dat it gebiet al sûnt it Stiennen Tiidrek bewenne wurdt. Doe't yn it jier 15 foar Kristus de Romeinen it oant dan ta Keltyske Wallis feroveren, ûntstie de delsetting Sedunum. Yn 580 nei Kristus ferhûze de biskopssit fan Martigny nei Sion en fanôf 999 fuksjonearre de biskop fan it bisdom tagelyk as lânshear.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alhoewol't de stêd eartiids twatalich wie (Frânsk en Dútsk) en healwei de 19e iuw noch in mearderheid fan in Dútsktalige mienskip hie, hat de Frânske taal tsjintwurdich it Dútsk hast hielendal ferkrongen. Hjoed-de-dei sprekt likernôch 70% fan de ynwenners Frânsk tsjin noch mar 6% Dútsk. Fierder binne der noch lytsere taalminderheden lykas Portugeesk en Italjaansk.
Wynbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei Satigny en Chamoson foarmje de omkriten fan Sion it belangrykste wynbougebiet fan Switserlân. Bekende winen út Wallis binne de wite Fendant, de reade Pinot Noir en de reade Dôle. De grutste wynbou-assosjaasje fan it lân, Provins, hat syn sit yn Sion.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karakteristyk foar Sion is it midsiuwske stedsbyld oan de foet fan twa heuvels mei op de toppen it kastiel fan Tourbillon en de fortifisearre Basilyk fan Valeria (Basilique de Valère). Yn de âlde stêd stiet de goatyske Us-Leaffrouwekatedraal (Notre-Dame de Sion) mei syn romaanske toer. Súdwestlik fan de katedraal stiet de Sint-Theodorustsjerke (Église Saint-Théodule). Mei de twa iuwen duorjende bou fan de tsjerke waard yn 1516 yn let-goatyske styl útein set. In stik fierder eastlik leit it stedhûs (Hôtel de Ville), in renêssânse gebou út 1656-1665 boud mei yn de hal stiennen mei romeinske ynskripsjes.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Musée cantonal d'Histoire (Kantonaal Histoarysk Museum)
- Musée cantonal des Beaux-Arts (Kantonaal Museum fan de Keunsten)
- Musée cantonal d'Archéologie (Kantonaal Argeologysk Museum)