Us-Leaffrouwekatedraal (Sion)
Us-Leaffrouwekatedraal | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Switserlân | |
kanton | Wallis | |
plak | Sion | |
adres | Rue de la Cathédrale 13, 1950 Sion | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 15e iuw (tsjerke); ein 12e iuw (toer) | |
boustyl | Romaanske (toer) en goatyske arsjitektuer | |
offisjele webside | ||
side bisdom |
De Us-Leaffrouwekatedraal (Frânsk: Cathédrale Notre-Dame; Dútsk Kathedrale Unserer Lieben Frau) yn de Switserske Sion is de oan Marije wijde katedraal fan it bisdom Sion.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin it ein fan de 5e iuw ferhûze de biskopssit fan Martigny (Octodurum) nei Sion, mar fan de earste katedraal fan Sion is sels it plak net bekend. Oan it begjin fan de 9e iuw ûntstie de earste karolingyske tsjerke op it hjoeddeiske plak, dy't yn 1010 troch brân ferneatige waard. De toer fan de tsjerke ûntstie om de iuwwikseling nei de 13e iuw. Yn de bloeitiid fan de wrâldske macht fan de biskoppen fan Sion wiene de basilyk fan Valeria en de boarch de sit fan it domkapitel en de residinsje fan it foarstbisdom. De Us-Leaffrouwetsjerke hold lykwols de status fan katedraal.
Brannen en kriichsgeweld yn de lette midsiuwen skansearren it romaanske bouwurk sa'n soad, dat it tsjerkeskip tusken 1450 en 1500 troch in goatysk skip ferfongen waard. Tegearre mei de romaanske toer út de 13e iuw foarmet dy bou de tsjintwurdige katedraal. Yn de jierren 1947-1948 waard it koer mei twa traveeën nei it easten te langer makke.
Arsjitektuer en ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Us-Leaffrouwekatedraal fan Sion is in trijeskippige basilika mei dwersskip en in lang koer. De tsjerke hat lykas de tradysje is in eastlike oriïntaasje. Oan de westlike kant stiet de romaanske toer mei in kegelfoarmiche spits.
Boppe it portaal is in fresko fan Marije mei Bern oanbrocht, flankearre troch twa hillige biskoppen en de stifters. It wichtichste keunstwurk fan de ynrjochting is in letgoatysk fleugelalter mei in foarstelling dat de Beam fan Jesse útbyldet.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale Unserer Lieben Frau (Sitten)
|