Fagot

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fagot

De fagot (Ingelsk: bassoon) is in houtblaasynstrumint, de bespilers hearren dan ek by de houtblazers. It ynstrumint bestiet út in lange (houten) buis mei in licht koanyske boarring. Omwille fan de hantearberens is it ynstrumint 'dûbelteard' (dêrom is it dat guon Flaamske komponisten ek wol ris foar takkebosk skriuwe. Fagot betsjut yn it Frânsk nammers bondel of takkebosk). De klank fan de fagot is hiel karakteristyk: yn de lege toanen in bytsje grof en kerrelich, yn it middenregister liket it op dy fan de hoarn en yn de hichte komt it by de toan fan de sello, altfioele of minsklike tenoarstim.

Bou[bewurkje seksje | edit source]

It reid[bewurkje seksje | edit source]

Reidsjes fan in fagot

It reid is it stik fan de fagot dat foar it ûntstean fan lûd soarget. Troch it oanblazen begjint it reid te triljen en komt der lûd. It reid is krekt as by in hobo in dûbelreid, foarme troch twa licht bûgde reidblêden mei rûnings nei bûten. Oarspronklik hongen dy twa blêden mei de tip oan elkoar. Om it reid te meitsjen wurdt it reid dûbelteard en wurde der lytse ynsnijïngs makke oan de efterkant. Troch dy ynsnijings kin it reid efteroan rûn makke wurde, sadat it op de 'S' past. De reidblêden wurde byinoar holden troch 3 ringen fan izertried en om it luchtticht te meitsjen wurdt it efterste stik mei neillak, jern of rubber tadutsen.

It ynstrumint[bewurkje seksje | edit source]

ûnderdielen fan de fagot

It dûbelreid wurdt fêstmakke oan in losse bûgde metalen buis, de saneamde S-bocht of 'S', de beneaming 'bokaal' wurdt ek brûkt troch Belgyske fagottisten (yn de figuer hjirneist oanjûn mei de letter e). Dy 'S' foarmet de ferbining tusken it reid en de oanelkoarkeppele dûbele houten buis. Dy houten buis bestiet winliken út fjouwer ûnderdielen: de flerkepiip (c, in inkeldfâldige buis), de lears (d, in blokhout mei twa boarrings, dy't ûnderoan mei elkoar ferbûn wurde troch in metalen U-bocht, dy't ôfdutsen wurdt troch in metalen kape), de baspiip (b, inkeldfâldich) en de klankbeker (a), dy't meastentiids moai foarmjûn is en op 'e ein meast in wite ring hat.

In misbegryp is dat in fagot famylje fan de hobo wêze soe (fagot = bashobo?). Hobo en fagot ha elk as ynstrumint in hiel eigen ûntsteansskiednis en hawwe in eigen ûntjouwing trochmakke. De oerienkomsten binne: ynstruminten fan hout en oanblaasd troch in dûbelried. Dêr hâldt it mei op.

Wize fan spyljen[bewurkje seksje | edit source]

It dûbelreid wurdt fuort tusken de lippen fan de fagottist nommen en troch it oanblazen dêrfan begjinne beide reidblêden te triljen. Dat triljen wurdt oerbrocht op de lucht dy't ynblaasd wurdt en sa ûntstiet in lûdsweach. De wize fan oanblazen is fan ynfloed op de klank en de lûdssterkte. Foar it meitsjen fan in kwalitatyf goede toan is in goede embouchure needsaaklik. As in fagottist in minne embouchure hat, klinkt de fagot gauris houterich en nasaal. Topfagottisten kinne lykwols net nei te kommen rûne, folle toanen meitsje dy't poergeskikt binne foar liryske en melangolyske passaazjes.

Troch it gewicht fan it ynstrumint wurdt by it spyljen gauris gebrûk makke fan in ophinging (koarde om 'e nekke, harnas of in sitriem) of stipe (skonkstipe of letter ek in fan de spiler lossteande hâlder). Dêrtroch hoecht de fagottist it gewicht net mei de hannen te tillen. Foar in goed bespyljen hinget it ynstrumint diagonaal foar de bespiler en is de boppekant fan it ynstrumint skean nei foaren rjochte.

It berik fan in fagot

Troch de 'optearde' buis is de effektive buislingte grut (2,59 m), sadat it ynstrumint lege toanen produsearje kin. De leechste toan dy't makke wurde kin is de Bes1 (kontra-bes). Richard Wagner skreau foar inkelde fan syn opera's in A1 foar, in heale toan leger dus, dêr't fagotten foar ferlinge wurde moasten en útwreide mei in ekstra klep. Dy ynstruminten binne lykwols frij seldsum. Troch de mooglikheid fan 'oerblazen' hat de fagot in grut berik fan goed trije oktaven. (Troch de lipspanning te ferheegjen en it brûken fan it oktaafklepke, wurdt in toan produsearre dy't in oktaaf heger leit as gewoan. Soks hjir 'oerblazen'.) De heechste toan dy't sa makke wurde kin hinget ôf fan de kundigens fan de fagottist. Meast wurdt de f ll (f twastrepe) as absolute boppegrins oanholden, mar troch komponisten wurdt mar komselden in hegere toan as de d ll foarskreaun.

It noateskrift foar de fagot wurdt meast yn de bas- of F-kaai skreaun. By hegere passaazjes wurdt de tenoarkaai brûkt en hiel inkeld sjocht men de fioel- of G-kaai.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It ynstrumint hat him ûntjûn út de dulciaan fan de renêssânse- en barok-perioade wei en is besibbe oan de skalmei en de pommer. De reden fan it ûntjaan fan iendielich dulciaan nei in fjouwerdielige fagot is net yn 't foarste plak it makliker ferfier, mar de gruttere krektens by it boarjen yn koarten houtstikken. In oare ferbettering út dy tiid is it brûken fan duorsume materialen, lykas ebbehout en ivoar. Yn de rin fan de tiid is de fagot hieltyd faker foarsjoen fan kleppen. Benammen yn de wurkpleatsen fan Heckel (foar it Dútske systeem en Buffet (foar it Frânske systeem is in soad dien oan it fierder ûntjaan fan it ynstrumint. Der is ûnder oaren wurke oan in keunststoffuorring yn de buizen fan de lears, om foar te kommen dat rotsjen troch kondinswetter begjint, en oan it oanbringen fan allerhande trilkleppen.

Plak yn het orkest[bewurkje seksje | edit source]

Sûnt de 18e ieu is de fagot in fêst lid fan it symfony-orkest. Under de houten blaasynstruminten hat it sawat deselde fol as de sello by de strykynstruminten. Yn it klassike orkest dogge meast twa fagotten mei. Yn moderne grutte symfoanyske stikken binne gauris trije fagotten en in kontrafagot foarskreaun (der wurdt dan praat fan fjouwerdûbel hout). De kontrafagot klinkt noch in oktaaf leger as de faot. Yn dat ynstrumint is de buis noch in twadde kear teard. Sûnt in tal jierren is de fagot in algemiene ferskining wurden yn it harmony-orkest of symfoanysk blaasorkest. Op syn minst twa fagotten en bytiden ek in kontrafagot foegje harren spesifike klank oan it blaasorkest ta.

Fagotmuzyk[bewurkje seksje | edit source]

Solistyske stikken foar fagot[bewurkje seksje | edit source]

Orkeststikken mei promininte fagotpassaazjes[bewurkje seksje | edit source]

De fagot yn de popmuzyk[bewurkje seksje | edit source]

Yn de popmuzyk wurdt de fagot komselden brûkt. In inkelde útsûndering:

De fagot yn de jazz[bewurkje seksje | edit source]

Ek yn de jazz is de fagot noch gjin 'standert' ynstrumint. Wichtige promoaters foar jazz op 'e fagot binne de Nederlânske fagottist Jan-Willem van der Ham en syn Amerikaanske kollega Michael Rabinowitz.

List fan bekende fagottisten[bewurkje seksje | edit source]