Skalmei
In skalmei is in blaasynstrumint mei in rjochte koanyske boarring. De toan wurdt mei in dûbeld reid makke. Yn Aziatyske kultueren komme ferskate foarmen foar dy't meast bûtendoar brûkt wurde foar dûnsmuzyk. Ek yn bygelyks Bretanje wurdt noch in skalmei brûkt yn de lokale folksmuzyk, de bombarde. Op de Balkan is de Zurla noch altyd yn gebrûk.
Yn de Jeropeeske tradysje wie de skalmei mei de gruttere famyljeleden fan de pommer in populêr ynstrumint yn de renêssânse. De bas-foarmen wiene gauris swier en ûnhânsum yn gebrûk en waarden dêrom ferfongen troch in optearde ferzje fan de dulciaan, dêr't de moderne fagot út fuortkommen is.
Ek de spylpiip fan in doedelsek wurdt wol -in bytsje ûnterjochte- skalmei neamd hoewol't dêr meastentiids opbûne dûbeldreiden brûkt wurde. Ut sa'n spylpiip is de hobo fuortkommen.