Springe nei ynhâld

Althobo

Ut Wikipedy

De Ingelske hoarn, cor anglais of althobo is de gruttere en legere útfiering fan de hobo. Hoewol leger fan toan is it as it om de klankkleur en it bespyljen giet yn wêzen in lege hobo. De klank fan de althobo is weemoedich, soms klagerich.

It ynstrumint hat neat mei de hoarn te krijen, krekt likemin as dat yn it Ingelsk is. De eardere modellen yn de 18e iuw (jachthobo) wien boud mei op healwei in knik. Yn it Frânsk hjitte soks 'corps anglé': 'bûgd lichem'. De beneaming Ingelske hoarn is dus in ferkearde oersetting fan 'cor anglais', dat sawat it selde klinkt as 'corps anglé'. It wurd 'cor' betsjut 'hoarn' en is net besibbe oan it Frânske 'corps' foar 'lichem'. Sjoch ek it Italjaanske 'corno' foar 'hoarn'. It ynstrumint is stimd yn F, in kwint leger as C dus. De grepen op de althobo binne deselde as dy op de hobo, de klippen sitte wol fierder útinoar.