Filmmusical

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Musicalfilm)
Filmposter fan The Broadway Melody.

De filmmusical, musicalfilm of muzykfilm is in filmsjenre dêr’t in mingsel fan dûns en songen lieten (dy’t troch de personaazjes songen wurde) yn it ferhaal mongen wurde (soarte fan sjongspul). De ferskes wurde brûkt om de plot foarút te helpen of om de ûntjouwing fan de karakters te ferdúdlikjen. In subsjenre fan de musicalfilm is de musicalkomeedje, dy’t in sterk humoristysk elemint oan it ferhaal tafoeget.

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De musicalfilm wie in natuerlike útrinner fan it musicalteater. It grutste ferskil tusken film en teater is it brûken fan in soad dekôrs en ferskillende lokaasjes, wat yn in teater net handich oant ûnmooglik wêze soe. De musicalfilms hawwe meast wol oerienkomsten mei teater: de akteurs sjonge meast harren liet en dûns as soe der in publyk wêze. Yn sekere sin wurdt by film de sjogger it oanwêzige publyk, sjoen dat de akteur geregeldwei streekrjocht yn de kamera sjocht om syn gefoelens te uterjen wylst er/se sjongt. It liket wol oft it publyk in soarte fan geheime ‘freon’ is oan wa’t de spiler syn gefoelens kwyt kin.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de earste lûdsfilm The Jazz Singer (1927) mei Al Jolson wurdt foar it earst wurke mei songen muzyk, der wurdt nammentlik yn fjouwer sekwinsjes songen. Yn 1928 joegen de Warner Brothers de release út fan in folslein sprutsen film Lights of New York fan Bryan Foy, dêr’t in muzikale sekwinsje fan in nachtklub yn siet. It entûsjasme fan it publyk wie sa grut dat yn minder as in jier tiid alle wichtige studio’s allinnich noch mar films mei lûd makken. De earste film dy’t as filmmusical omskreaun wurde kin wie The Broadway Melody fan Harry Beaumont, dy’t daliks ek in tophit waard en de Academy Award foar Bêste Film wûn yn 1929.

Der wiene al gau hiel wat ferskillende filmmusicals, wêrûnder drama’s mar ek komeedzjes. Ein 1930 wie it publyk mear as sêd fan filmmusicals en de studio’s waarden twongen om de songen muzyk út de films te snijen dy’t doe frijjûn waarden. As foarbyld hjirby Life of the Party (1930), oarspronklik bedoeld as folsleine kleurefilm en folslein sprutsen filmmusical. Ear’t de film frijjûn wurde koe waarden de lieten lykwols ferwidere. Itselde barde by Fifty Million Frenchmen (1931) en Manhattan Parade (1932). It publyk begûn kleur al gau mei filmmusicals te assosjearjen en sa resultearre de deldong fan de musicalpopulariteit ek yn in delgong fan it brûken fan kleur.

Yn 1933 libbe de filmmusical fannijs op, regisseur/goreograaf Busby Berkeley (1895-1976), bekend fan ûnder oaren 42nd Street), wreide tradisjonele dûnsnûmers út mei ideeën dy't er opdien hie as soldaat. Sa brûkte er eksperimintele bylden dy’t as basis dûnsers en sjongers foarmen. Ek Fred Astaire (1899-1987) wie mei syn ritmyske keppeling fan byld en lûd net fuort te tinken út de musicalwrâld.

Tsjin de ein fan de fjirtiger jierren en yn de fyftiger jierren makke de och sa wichtige producer Arther Freed de oergong fan de âlderwetske ientoanige musicalfilms ta hiel wat nijs. Freed selektearre syn eigen akteurs en wie der ferantwurdlik foar dat in soad stjerakteurs harren hichtepunt belibben. Inkelde foarbylden binne: The Wizard of Oz (1939), Meet Me in St. Louis (1944), Singin' in the Rain (1952).

Sûnt de jierren fyftich is de populariteit fan filmmusicals tebek rûn. As oarsaak wurdt benammen de opkomst fan de rock-’n-roll jûn, wêrby’t konsertfilms, films mei in bekende popgroep of sanger yn de haadrol of mei popmuzyk as eftergrûnmuzyk folle mear súkses hiene. Dochs waarden der neitiid noch inkelde ferneamde musicals makke, al binne dat meast ferfilmings fan al populêre teatermusicals, lykas bygelyks The Sound of Music (1965), Grease (1978) en A Chorus Line (1985). Dochs duorre it noch oant de jierren 2000 foar’t de musicalfilm wer wat weromkomt mei nije wurken lykas Moulin Rouge! (2001), Chicago (2002) en The Phantom of the Opera (2004). En in grut tal langspylanimaasjefilms binne noch hieltyd musicals, ûnder oare de films fan Disney.

Yn Yndia is sawat de hiele filmyndustry stuolle op musicals, de saneamde Bollywoodfilms. Dy musicals binne noch altyd och sa pupulêr yn Aazje en hawwe de ôfrûne desennia ek bekendheid yn de Westerske wrâld krigen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.