Springe nei ynhâld

Meet Me in St. Louis (film út 1944)

Ut Wikipedy
Meet Me in St. Louis
film
makkers
regisseur Vincente Minnelli
produsint Arthur Freed
senario Irving Brecher
Fred F. Finklehoffe
basearre op de roman fan Sally Benson
kamerarezjy George J. Folsey
muzyk Roger Edens (tekst)
Conrad Salinger (meldijen)
Georgie Stoll (dirigint)
filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer
distribúsje Loew's Inc.
spilers
haadrollen Judy Garland
Lucille Bremer
Margaret O'Brien
byrollen Mary Astor
Leon Ames
Harry Davenport
Tom Drake
Marjorie Main
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 novimber 1944
foarm lange filmmusical
sjenre histoaryske romantyske film
taal Ingelsk
spyltiid 113 minuten
budget en resultaten
budget $1.885.000
opbringst $6.566.000

Meet Me in St. Louis is in Amerikaanske histoaryske romantyske filmmusical, filme yn Technicolor, út 1944, ûnder rezjy fan Vincente Minnelli. De haadrollen waarden fertolke troch Judy Garland, Lucille Bremer en de jonge Margaret O'Brien. De titel betsjut "Moetsje My yn St. Louis". De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme fan Sally Benson, út 1942. It ferhaal fan dizze jukeboxmusical folget it wol en wee fan 'e famylje Smith yn St. Louis, yn 'e oanrin nei de iepening fan 'e Louisiana Purchase Exposition fan 1904 yn dy stêd. Meet Me in St. Louis krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard yn 1994 foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it National Film Registry. It liet Have Yourself a Merry Little Christmas, dat yn 'e Ingelsktalige wrâld no in wiere krystklassiker is, waard oarspronklik skreaun foar Meet Me in St. Louis.

Yn 'e simmer fan 1903 riedt de Amerikaanske stêd St. Louis him ta op 'e iepening fan 'e Louisiana Purchase Exposition, in wrâldtentoanstelling dy't op 30 april 1904 yn 'e stêd iepene wurde sil. De famylje Smith liedt yn St. Louis in noflik bestean yn in begoedige sosjaal fermidden. Alonzo Smith, in abbekaat, en syn frou Anna hawwe fjouwer dochters: Rose, Esther, Agnes en de jongste, dy't "Tootie" neamd wurdt, en ien soan, Lon jr. By harren yn wenje pake Smith en de húshâldster, Katie.

De santjinjierrige Esther is fereale op 'e buorjonge, John Truitt, dy't koartby yn St. Louis kommen is te wenjen. Hy sjocht har yn 't earstoan lykwols net stean. Tootie, in dogeneat fan in jier as sân dy't altyd kattekwea úthellet, hat it foar de moade om Neely, de iiskoman, te beselskipjen as dy syn rûte troch harren buert riidt.

De tweintichjierrige Rose ferwachtet in tillefoantsje út New York fan har frijer Warren Sheffield. Sy en Esther hawwe harsels oanpraat dat Warren har perfoarst in houliksoansiik dwaan sil, want wêrom soed er oars de muoite nimme om fan sa fierôf op te skiljen? De hiele húshâlding is op 'e hichte fan it tillefoantsje en wat dat ynhâldt, útsein heit Alonzo. As dy it lang om let ûntdekt, is er der min oer te sprekken – net sasear oer de mooglike ynhâld fan it tillefoantsje, mar om't er troch de leden fan syn gesin bûten sokke saken holden wurdt. It lang ferwachte tillefoantsje komt úteinlik ûnder iten, wylst de hiele húshâlding oanwêzich is en it petear folgje kin. As Warren, dy't gjin flau idee hat fan 'e heechspande ferwachtings fan syn faam, gjin houliksoansiik docht, bliuwt Rose beskamme efter.

Op in feest dat by de Smiths thús holden wurdt, wit Esther einlings de oandacht fan John Truitt te lûken, dy't dêr ien fan 'e gasten is. Se bewissiget (troch syn hoed te ferbergjen) dat er bliuwt oant alle oare gasten ôfset binne, wêrnei't se him freget om har te helpen by it útdwaan fan 'e gaslampen yn it hiele hûs. Har fyn ynleine plannen om him yn te palmjen, komme lykwols net út as er har fertelt dat se itselde parfum brûkt as syn beppe en ôfskie nimt troch har de hân te skodzjen. Dêrby foeget er har ta har alteraasje ek noch ta dat se "in allemachtich sterke grip" hat "foar in famke".

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nettsjinsteande it misbetearen fan har plannen wit Esther harsels in nije kâns ta te eigenjen troch John út te nûgjen om 'e kommende freed mei op in tramrit troch de stêd nei it plak dêr't oan 'e gebouwen fan 'e wrâldtentoanstelling wurke wurdt. Se wurdt op 'e nij teloarsteld as John dy deis net opdaagjen komt en de tram sûnder him ôfset. Har bedrukte stimming slacht lykwols om as se him healwei de rit gewaar wurdt wylst er draaft as in mâlenien om 'e tram by te heljen.

Mei Halloween ferklaaie Tootie en de tolvejierrige Agnes harren as deade jonges en jouwe har bûtendoar by de oare bern út 'e buert. Agnes en de oaren beprate wa fan harren buorlju se "deadzje" sille (troch mei moal te besmiten, sadat se der wyt útsjogge, as in geast). Tootie wol ek meidwaan, mar wurdt troch de oaren negearre om't se "te lyts" achte wurdt. Wanhopich om harsels oan 'e oaren te bewizen, biedt se har oan as frijwilliger om menear Braukoff oan te pakken, in buertbewenner dêr't mank de bern de freeslikste ferhalen oer geane en foar wa't eltsenien spûkbenaud is. As se nettsjinsteande har eangst yn har opset slagget, wurdt se troch de oaren útroppen ta "de ferskriklikste" fan allegear en mei se meihelpe mei it goaien fan ôftanke meubelstikken op it freugdefjoer dat midden op 'e strjitte ûntstutsen is.

Thús skrikt de hiele húshâlding op as se Tootie ynienen in geweldigen gjalp jaan hearre yn 'e rjochting dêr't de tram foarby komt. Esther hastiget har nei bûten ta en draacht har suske yn 'e hûs. Tootie gûlt, mist in tosk en hat in útskuorde lippe, en se beweart: "John Pruitt woe my fermoardzje!" Esther nimt fuortendaliks foar wier oan dat John it lytse famke oanfallen hat en draaft nei it oanbuorjende hûs, dêr't se John in pear flinke terwinkels ferkeapet en him ferbaal de mantel útfeecht. Nei't Esther alwer thús is, komt troch de thúskomst fan Agnes de wiere tadracht oan it ljocht. De famkes hiene in grutte pop oanklaait sadat it by nacht wol in bern liek, en hiene dy op 'e rails foar de tram smiten om te sjen oft dy dêrtroch ûntspoare soe. Dat barde net, mar de trambestjoerder helle de plysje der wol by om út te sykjen wa't ferantwurdlik wie foar sa'n gefaarlike streek. Op dat stuit liek it John, dy't it hiele spul sjoen hie, better om Tootie en Agnes foar harren eigen feilichheid mei te lûken by him yn 'e hûs, mar Tootie skuorde har los en foel plat op har gesicht. Esther skammet har dea as se foar it ferstân kriget dat se John sa ferkeard beoardiele hat, dat se hastiget har daliks werom nei syn hûs om wiidweidich har ûntskuldigings oan te bieden. Dat petear einiget mei in earste tút.

Judy Garland (m.) yn 'e sêne wêryn't se op 'e tram The Trolley Song sjongt, in liet dat nominearre waard foar de Oscar foar bêste liet.

Esther is yn 'e sânde himel, mar har dreamen wurde rou fersteurd as har heit dyselde jûns fan syn wurk thúskomt mei it nijs dat er in baan by in nije ôfdieling fan syn bedriuw yn New York oannommen hat en dat de hiele húshâlding tusken kryst en âld en nij dêrhinne ferhúzje sil. Mei't Alonzo it dêr foarôf mei nimmen oer hân hat, sels mei syn frou Anna net, komt dat de oare leden fan it gesin rou op it dak. Ta ûnbegryp fan Alonzo, dy't mar miende dat er mei in prachtige ferrassing kaam, is nimmen der bliid mei. Fral Rose en Esther, dy't har frijers en al har freonen efterlitte moatte sille, binne raar gesteld. Harren mem is ek bot skrokken, mar sy fermoedsoenet har al rillegau mei har man troch in duët oan 'e piano te sjongen.

Op krystjûn wurdt der in formeel bal holden. Om't dat it lêste feest is dêr't se yn St. Louis nei ta kinne, sjogge Rose en Esther der bot nei út. Rose is lykwols slim teloarsteld as Warren net hàr freget, mar Lucille Ballard, in fanke dat koartby út New York yn St. Louis kommen is te wenjen. Har broer Lon is ek teloarsteld, mar allinne om't er Lucille wol sitten seach. Esther, dy't sûnder Rose en Lon net nei it bal mei, beävensearret dat har broer en suster der tegearre hinne geane. Op 'e jûn fan it bal wurde lykwols al har plantsjes wer yn ûnstjoer brocht as John syn heite smoking net op 'e tiid ophellet by de skroar, der't it pak foar him fermakke waard. Mei de saak ticht en sûnder te witten wêr't de eigner wennet, kin John net mei Esther gean. Hja is alhiel yn triennen. Pake biedt oan om ynstee fan John mei har te gean, en Esther nimt syn leave oanbod oan.

Op it bal risselwearje Esther en Rose om wraak te nimmen op Lucille Ballard en har jûn te ferrinnewearjen troch har balboekje fol te skriuwen mei dûnsen mei jonges dy't net dûnsje kinne. Se binne oangenaam ferrast as Lucille, wannear't se mei harren yn 'e kunde brocht wurdt, hielendal net de "Easterske snob" is dêr't se har foar holden, en ynstee foarstelt om mei Rose fan begelieder te ruiljen, mei't Warren sa oerdúdlik fereale op Rose is en net op har. Dat, Rose en Warren komme dochs byinoar, wylst Lon mei Lucille giet. Under it tasjend each fan pake langet Esther oan Lucille har eigen balboekje oer, mei as gefolch dat se sels mei de knoffelichste dûnsers fan it feest oantangele sit. Nei trije hotsende botsende dûnsen om har in leske te learen wurdt se lykwols rêden troch pake, dy't har dûnsjendewei nei de yngong ta liedt dêr't John yn in troch pake beävensearre smoking op har wachtet. Letter dy jûns, as er har thús bringt, docht John Esther in houliksoansiik om't er benaud is dat er har nea wer sjen sil nei de ferhuzing fan 'e famylje Smith nei New York. Esther jout him tawurd, mar fielt der neat foar om, sa't hy wol, op stel en sprong te trouwen, mei't se earst har skoalle ôfmeitsje wol.

As Esther let thús komt, ûntdekt se dat Tootie noch op is en foar har finster ûngeduldich sit te wachtsjen op 'e Krystman. Hja sit der oer yn oft se wol al har boartersguod meinimme kin nei New York en hoe't de Krystman harren dêr takom jier fine moat. Esther sjongt foar har it krystferske Have Yourself a Merry Little Christmas, mar dat makket it der net better op. As se útsongen is, skuort in ûntreastbere Tootie har fan Esther los en draaft de treppen del, har heit foarby, dy't no krekt thús komt fan syn wurk. Se fljocht nei bûten ta en begjint dêr de sniemannen dy't se dy moarns mei Agnes, Lon, Rose en Esther makke hat, oan stikken te slaan. Esther giet har efternei en sjocht har heit net, dy't ûnderwilens nei it rút rûn is om te sjen wat Tootie no fan doel is. Op 'e knibbels yn 'e snie omearmet Esther har lytse suske en besiket har moed yn te praten, troch har foar te hâlden hoefolste better en moaier alles yn New York wol net wêze sil.

Alonzo Smith, dy't wit dat Esther sels folle leaver yn St. Louis bliuwe wol, wurdt djip troch dat tafriel rekke. Nei in hoart ûnrêstich omridele te hawwen, nimt er in beslút. Hy ropt de hiele húshâlding fan bêd ôf en makket bekend dat de ferhuzing net trochgiet. Syn bazen moatte mar in oarenien sykje om it kantoar yn New York te lieden. Wylst de hiele húshâlding blyk jout fan blydskip om dy beslissing, stapt Warren Sheffield ynienen de wenkeamer binnen. Hy wiist nei Rose en seit har yn net mis te fersteane bewurdings oan dat er fan har hâldt en dat er fan doel is sa gau mooglik mei har te trouwen. Sûnder op antwurd te wachtsjen jout er him like hommels wer ôf as dat er kommen is.

Esther (Judy Garland) treastget Tootie (Margaret O'Brien) as se yn gûlen útbarst omreden fan 'e oansteande ferhuzing nei New York.

Yn 'e maityd fan 1904 geande de Smiths, de ferloofden fan 'e beide âldste dochters ynbegrepen, yn twa troch hynders lutsen iepen rydtugen nei de wrâldtentoanstelling, dêr't Lucille har by Lon jout. Dy jûns befynt de hiele húshâlding him op in ferheging dy't útsjocht oer de Grutte Lagune fan 'e tentoanstelling op it stuit dat de tûzenen lampen, dy't it Grutte Paviljoen ferljochtsje, oanset wurde. Se fersuchtsje tsjininoar dat lju dy't St. Louis hawwe, gjin oare stêd nedich binne.

Margaret O'Brien as Tootie en Judy Garland as Esther.
Lucille Bremer as Rose.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Esther Smith Judy Garland
Rose Smith Lucille Bremer
"Tootie" Smith Margaret O'Brien


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Anna Smith Mary Astor
Alonzo Smith Leon Ames
pake Smith Harry Davenport
John Truitt Tom Drake
Katie de húshâldster Marjorie Main
Agnes Smith Joan Carroll
Alonzo "Lon" Smith jr. Henry H. Daniels jr.
Lucille Ballard June Lockhart
Warren Sheffield Robert Sully
kolonel Darly Hugh Marlowe
iiskoferkeaper Neely Chill Wills
buorjonge Johnny Tevis Darryl Hickman
dokter Girard Donald Curtis

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meet Me in St. Louis waard regissearre troch Vincente Minnelli, dy't op 'e filmset fan dizze film yn 'e kunde kaam mei aktrise Judy Garland, mei wa't er letter troude. Hy wurke nei in senario fan Irving Brecher en Fred F. Finklehoffe op basis fan in rige fan fiif autobiografyske koarte ferhalen fan Sally Benson. Dy waarden oarspronklik yn it tydskrift The New Yorker publisearre ûnder de titel 5135 Kensington (it adres fan 'e famylje Smith), en yn 1942 ek yn omwurke foarm as de roman Meet Me in St. Louis. As produsint wie Arthur Freed by it projekt belutsen foar de filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Foar de film wie in budget beskikber fan $1.885.000. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan George J. Folsey.

De filmmuzyk waard foar de film adaptearre troch Roger Edens, dy't ek as associate producer fungearre, en arranzjearre troch Conrad Salinger. De muzyk waard dirigearre troch Georgie Stoll. De film is in jukeboxmusical mei't in stikmannich fan 'e lieten al earder bekend wiene. Foarbylden dêrfan binne Meet Me in St. Louis, Louis, in liet dat yn 1904 troch Kerry Mills en Andrew B. Stirling skreaun waard foar de echte Louisiana Purchase Exposition, Under the Bamboo Tree, dat datearret fan 1902, en it Skotske folksferske Auld Lang Syne (inkeld yn ynstrumintele foarm).

Margaret O'Brien yn 'e trailer fan Meet Me in St. Louis. Hja wûn de Jeugd-Oscar foar al har aktearwurk yn 1944.

Have Yourself a Merry Little Christmas, dat no yn 'e Feriene Steaten in krystklassiker is, wie krekt wól foar Meet Me in St. Louis skreaun, troch Hugh Martin en Ralph Blane. Judy Garland, dy't it sjonge moast, fûn de oarspronklike begjinregels te somber en Minnelli wie it mei har iens en liet se feroarje. (De oarspronklike regels wiene: "Have yourself a merry little Christmas / It may by your last / Next year we may all be living in the past": "Fier foar dysels in fleurich lyts krystke / It soe wolris dyn lêste wêze kinne / Takom jier kinne we allegear skoan yn it ferline libje".) Jierren letter, doe't Frank Sinatra it liet covere, liet dy noch mear feroarings fan deselde soarte yn 'e tekst oanbringe. De ferzje fan Sinatra is hoe't it ferske tsjintwurdich oer it algemien songen wurdt.

It echte hûs fan 'e famylje fan skriuwster Sally Benson op 5132 Kensington Avenue yn St. Louis, dat yn 'e film (allinne fan bûten) te sjen is as de wente fan 'e famylje Smith, bestiet no net mear. Nei't it ferkocht wie, rekke it fertutearze en waard úteinlik ûnbewenber, wêrnei't it yn 1994 sloopt waard.

De distribúsje fan Meet Me in St. Louis waard fersoarge troch Loew's Inc. De film gie op 22 novimber 1944 yn St. Louis yn premiêre, en iepene dêrnei op 28 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen.

De trailer fan Meet Me in St. Louis.

Fan 'e filmkritisy krige Meet Me in St. Louis oer it algemien positive resinsjes. Bosley Crowther fan The New York Times neamde it "in waarme en betsjoenende ferfilming op basis fan 'e memoires fan Sally Benson", en it tydskrift Time hie it oer "ien fan 'e moaiste films fan it jier". Wolcott Gibbs, dy't skreau foar The New Yorker, neamde de film "ekstreem ynnimlik", hoewol't er fûn dat er wol wat koarter kinnen hie. Yn 2005 neamde Richard Schickel Meet Me in St. Louis yn Time as ien fan 'e hûndert bêste films aller tiden. Hy skreau: "Nettsjinsteande de nostalgyske sjarme hat Minnelli de film trochkrongen mei in dreamerich, út en troch surreälistysk, tsjuster, en it bliuwt, foar guon fan ús, de bêste Amerikaanske filmmusical."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Meet Me in St. Louis in net te ferbetterjen goedkarringspersintaazje fan 100%, basearre op 33 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Meet Me in St. Louis, in ûntwapenjende, leave musical, oanfierd troch treflike optredens fan Judy Garland en Margaret O'Brien, is in krysttraktaasje foar alle leeftiden." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Meet Me in St. Louis in goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 18 resinsjes.

Yn 1994 waard Meet Me in St. Louis troch de Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it National Film Registry omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

Margaret O'Brien en Judy Garland fiere op in feest by de Smiths thús it liet Under the Bamboo Tree op.

Meet Me in St. Louis brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $5.016.000 op, en yn alle oare lannen en territoaria $1.550.000. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $6.566.000. Ofset tsjin it budget fan $1.885.000 betsjut dat in winst fan $4.681.000 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dat levere in skjinne winst op fan $2.359.000, wat foar dy tiid in reuseftich kommersjeel súkses wie. Meet Me in St. Louis wie ek de op ien nei meast opbringende film fan 1944, nei Going My Way. Trochdat de film letter noch inkele kearen op 'e nij yn 'e bioskoop brocht waard, bedroech de úteinlike opbringst $12,8 miljoen.

Meet Me in St. Louis waard yn 1945 nominearre foar fjouwer Oscars, yn 'e kategoryen bêste adaptearre senario, bêste kamerarezjy yn in kleurefilm, bêste filmmuzyk en bêste liet (foar The Trolley Song). Aktrise Margaret O'Brien wûn dat jiers de Academy Juvenile Award (sis mar de Jeugd-Oscar) foar al har aktearwurk yn 1944, wêrûnder Meet Me in St. Louis.

Der waarden fan Meet Me in St. Louis twa remakes foar de tillefyzje makke: Meet Me in St. Louis út 1959, mei Jane Powell, Jeanne Crain en Patty Duke, en Meet Me in St. Louis út 1966 (dat gjin musical wie), mei Shelley Fabares en Celeste Holm. Yn 1989 gie ûnder deselde titel op Broadway in toanielmusical yn premiêre, dy't op 'e film basearre wie. Yn 1994 makke Gerald Kaufman mei stipe fan it Britsk Filmynstitút in dokumintêre oer de film Meet Me in St. Louis, dy't krekt-en-gelyk neamd wie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.