Springe nei ynhâld

Personaazje

Ut Wikipedy

In personaazje is in fiktive persoan yn in wurk fan fiksje, lykas in mearke, gedicht, koart ferhaal, stripferhaal, novelle, roman, toanielstik, musical, opera, operette, harkspul, film, tekenfilm, tillefyzjesearje, rollespul, fideospultsje of kompjûterspultsje. De term komt fan it Frânske personage ("persoanlikheid"), mar giet oarspronklik werom op it Latynske persona ("masker"), mei't it yn 'e Klassike Aldheid wizânsje wie dat akteurs maskers droegen. Personaazjes ûndergeane en/of feroarsaakje de foarfallen yn sokke fiksjewurken. Yn strips sprekt men ynstee meastal fan in stripfiguer, en yn tekenfilms neamt men in persoanaazje faak in tekenfilmfiguer. Yn rollespullen en fideo- en kompjûterspultsjes makket men njonken 'personaazje' ek faak gebrûk fan 'e Ingelske term character.

De Wikipedy hat ek in side Fertelperspektyf.

It personaazje dat neamd wurdt yn 'e titel fan in fiksjewurk hat de titelrol. Dy komt faak (mar net altyd) oerien mei de haadrol, dy't spile wurdt troch it personaazje (of de personaazjes) fan wa't it ferhaal útgiet. Dêrby kin de auteur gebrûk meitsje fan ferskillende fertelperspektiven. As de haadrol omskreaun wurdt yn 'e trêde persoan inkeltal ("hy" of "sy"), dan sprekt men fan in personeel perspektyf. Wurdt it ferhaal ferteld yn 'e earste persoan inkeltal ("ik") dan is it skreaun yn it ik-perspektyf. Yn it lêste gefal kin men noch ûnderskie meitsje tusken in fertellend ik-perstpektyf (wêrby't it ferhaal efterôf ferteld wurdt) en in belibjend ik-perspektyf (dat it ferhaal op it momint sels beskriuwt). In trêde mooglikheid kwa fertelperspektyf is it auktoriële perspektyf, wêrby't it ferhaal ek yn 'e ik-persoan ferteld wurdt; dêrby stiet de (alwittende) ferteller sels lykwols folslein bûten it ferhaal. Soms is in personaazje in alter ego fan 'e auteur sels, troch wa't dy syn eigen tinkbylden uteret.

Soarten personaazjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
ûnderferdieling nei rol
  • haadpersoan: it personaazje oer wa't it ferhaal giet en dy't der de wichtichste bydrage oan leveret.
  • protagonist: it personaazje dat de wichtichste bydrage oan it ferhaal leveret, meastal deselde as de haadpersoan. Dit kin in held wêze, mar ek in antyheld.
  • antagonist: de tsjinfuotter fan 'e protagonist dy't de tsjinwurkjende krêft yn it ferhaal fertsjintwurdiget. Faak de smjunt neamd.
  • byfiguer: in personaazje (ornaris binne der ferskillende yn itselde ferhaal) dat in ûnderstypjende rol spilet. Hjirfan spylje de deuteragonist en de tritagonist nei de protagonist de wichtichste rollen.
  • ûnsichtber personaazje: in personaazje dat in wichtige rol spilet en dêr't in protte oer praat wurdt, mar dat nea te'n toaniele fierd wurdt. It publyk kriget him/har dus nea te sjen (mar soms wol te hearren), lykas de mem fan Howard Wollowitz yn The Big Bang Theory of de heit fan Fran Fine yn The Nanny.
ûnderferdieling nei karakter
  • round character of dynamysk personaazje: in personaazje dat yn 'e rin fan it ferhaal in ûntwikkeling trochmakket. Hy/sy hat in dúdlike, faak komplekse persoanlikheid, en it publyk komt in protte oer him/har te witten.
  • flat character of statysk personaazje: in personaazje dat net sterk útwurke is en frijwol gjin ûntwikkeling trochmakket. Foar it publyk bliuwt sa'nent frij ûnbekend.
    • archetype: in fariant op it flat character, dat bepaald wurdt troch ien inkele minsklike eigenskip (bgl. de drûge amtner, de ferjiteftige perfester, ensfh.).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.