Springe nei ynhâld

Ik-perspektyf

Ut Wikipedy

It ik-perspektyf is in fertelperspektyf dat fan ien personaazje útgiet en gebrûk makket fan 'e earste persoan inkeltal (ik). De ferteller is hjirby dus tagelyk de haadpersoan, en de lêzer wit allinne mar wat dy haadpersoan ek wit. Dizze fertelstyl makket útinoar rinnende reäksjes by lêzers los. Foar guon makket soks it it maklikst om him/har mei de haadpersoan te identifisearjen; de lêzer tinkt ommers ek oer him- of harsels as "ik". Mar oaren fine dit krekt folle konfrontearjender as in ferhaal dat yn it personele perspektyf skreaun is (mei't it krekt is as sit der immen foar jin oer dy't tsjin jin praat), sadat it foar sokke lju it ferhaal mear op in distânsje hâldt.