Springe nei ynhâld

Fertelperspektyf

Ut Wikipedy

In fertelperspektyf, ek wol fertelynstânsje of gewoan de ferteller neamd, is in term út 'e narratology dy't oanjout hoe't in ferhaal ferteld wurdt. Oer it algemien kin steld wurde dat dêr trije foarmen fan binne.

  • It auktoriële perspektyf: der is in alwittende ferteller dy't bûten it ferhaal stiet en dy't altiten op 'e hichte is fan 'e motiven, tinzen en gefoelens fan alle personaazjes. Hy kin him manifestearje yn it ferhaal troch kommentaar te jaan of te oardieljen oer wat personaazjes dogge of tinke. Hy kin gebeurtenissen ironisearje of relativearje, of in koarte gearfetting jaan. Der bestiet in ûnderskie tusken eksplisyt auktoriale fertellers en ymplisyt auktoriale fertellers. In eksplisyt auktoriale ferteller sprekt de lêzer direkt oan. In ymplisyt auktoriale ferteller docht dat net.
  • It personele perspektyf: de ferteller kin identifisearre wurde mei de (of ien fan 'e) haadpersoanen; de lêzer kriget allinne mar te hearren wat dy iene persoan wit en tinkt. Dit perspektyf kin ek fan persoan ta persoan ferspringe, mar ornaris bart dat dan per haadstik of alinea, en net per sin.
  • It ik-perspektyf: it ferhaal wurdt ferteld yn 'e ik-foarm en de lêzer kriget neat oars te hearren as wat de ik-persoan wit en tinkt.

Oare perspektiven besteane wol, mar binne tige seldsum. Sa binne der boeken dy't yn 'e wy-foarm skreaun binne, lykas yn Het dikke schrift fan Ágota Kristóf, dat in libbensbeskriuwing fan in twilling is, of de roman Grutte wurden fan Akky van der Veer, dy't ferteld wurdt troch in kollektyf 'wy'. In 'do'-perspektyf is te finen yn de novelle Bertegrûn fan Durk van der Ploeg.