Kompjûterspultsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kompjûterspultsje 'Free Orion'

In kompjûterspul of fideospul is in spultsje dêr't de brûker/spiler ynteraktyf by belutsen is mei in betsjinningsbakje dêr't in fisuele ynteraksje op in fideoskerm mei kreëarre wurdt. Der binne ferskate mediums dêrsto sa'n spultsje mei dwaan kinst, eartiids wiene soks benammen de spulkompjûter of de persoanlike kompjûter. No komme der hyltyd mear tapassings foar PDA's, mobile tillefoans en draachbere spulkompjûters.

By nije kommersjele spullen wurdt de klam hyltyd mear lein op 'e fisuele belibbing fan it spultsje. Microsoft (mei de Xbox) en Sony (mei it Playstation) binne wiidferneamd op dat mêd. By oare spullen leit de klam op it spyljen sels (gameplay) en de ynnovaasje. Nintendo leit tsjintwurdich de klam op 'e ynnovaasje mei de produksje fan de Wii en Nintendo DS, eartiids wie ek Sega dêr ferneamd om.

Ferskate kompjûterspultsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oersjoch mei kompjûter-gênres mei in pear foarbylden fan populêre titels yn dat gênre.

kompjûterspulgênres en spultsjes
First person shooter (FPS) Aliens versus Predator, America's Army, Call Of Duty, Counter-Strike, Doom, Duke Nukem, Far Cry Half-Life, Medal Of Honor, No One Lives Forever, Quake, Return to Castle Wolfenstein, Unreal, Wolfenstein: Enemy Territory
Third person shooter (TPS) Tomb Raider, Splinter Cell, Grand Theft Auto, Max Payne, Mercenaries, The Godfather: The Game, James Bond
Arcade Tetris, Pong, Arkanoid, Pac-Man, Wii Sports
Minygames-samling Wii Play, Game & Watch, Sega Genesis Collection, Super Monkey Ball: Banana Blitz, EyeToy
Kaartspul Patience (Solitaire), Freecell, Hearts, Spider
Boerdspullen Damjen, Skaken, Risk, Stratego, Domino
Puzel Tetris, Bejeweled, Lemmings, Reversi, Actionloop, Lumines
Role playing game (RPG) Final Fantasy, Baldur's Gate, Neverwinter Nights, Dungeons & Dragons, The Elder Scrolls, Fable, Jade Empire
MMORPG Asheron's Call, Dark Age of Camelot, Everquest, Guild Wars, Lineage2, Ultima Online, World of Warcraft, Tibia, RuneScape, FLYFF, PlaneShift, Omerta, Warhammer Online
Real-time strategy (RTS) Warcraft, Command & Conquer, Age of Empires, Acts of War, Empire Earth, Dune
Turn-based strategy (TBS) Civilization, Total War, X-com, Advance Wars, Fire Emblem, The Lord of the Rings: The Third Age, Heroes, Imperialism
Adventure: Leisure Suit Larry, King's Quest, The Legend of Zelda, Atlantis, Myst, Day of the Tentacle, Monkey Island, Beyond Good & Evil, Fahrenheit
Platfoarmspul Rayman, Crash Bandicoot, Mario, Jazz Jackrabbit, Sonic the Hedgehog, Banjo Kazooie, Super Monkey Ball
Reesspul Need for Speed, Colin McRae Rally, Gran Turismo, Crash Team racing
Simulaasje The Sims, SimCity, Rollercoaster Tycoon, Animal Crossing, BAHN, Zoo Tycoon, Theme Park
Sport NBA Live, Madden NFL, Virtua Tennis, Top Spin, Pro Evolution Soccer, FIFA, Hattrick, Football Manager
Beat'em up Mortal Kombat, Tekken, Soul Calibur, Street Fighter, Dead Or Alive, DragonBall Z

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]