Mobile telefoan

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Mobile tillefoan")
Gean nei: navigaasje, sykje
Mobile telefoan
Mobiele telefoon zend- en ontvangstmast.jpg

In mobile telefoan of mobile tillefoan, ek wol mobyl(tsje), gsm neamd, is in apparaat dêr't triedleas mei telefonearre wurde kin, mei help fan in netwurk fan antennes. Mobile telefoans meitsje gebrûk fan radiogolven en fan telefoansintrales om binnen in bepaalde regio kommunikaasje tusken brûkers mooglik te meitsjen. De earste generaasjes makken gebrûk fan analoge modulaasje, lettere fan digitale (GSM en UMTS). Soks kin op as iepenbier mar ek as priveenetwurk. In foarbyld fan in privee- (ofwol sletten) netwurk is it C2000-netwurk foar de helpferlieningstsjinsten.

De term mobile telefoan omfettet net de saneamde triedleaze telefoan dy't keppele binne oan in fêste telefoanoansluting en dy't allinnich brûkt wurde kinne binnen in striel fan hûndert meter fan it basisstasjon.

Om radiofrekwinsjes te brûken foar mobile telefony is yn Nederlân in fergunning fan it Agintskip Telecom fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken needsaaklik. Mobile telefoans moatte troch dat agintskip (of in fergelykbere ynstânsje yn in oar EU-lân) goedkard wurde.

Mobile telefoans hawwe meastentiids net foar elke letter in toets. Dêrom wurdt by it ynfieren fan tekst (foar in sms, foar it elefoanboek, ensfh. ) gebrûk makke fan multy-tap of T9.

De earste mobile telefoan waard yn 1973 ûntwikkele. In mobile telefoan waacht tsjintwurdich (2010) faak minder as 100 gram. Mear avansearre tastellen wurde smartphones neamd; dy wage faak tusken de 100 en 200 gram.

De mobile telefoans binne mei faasje ûntwikkele ta de saneamde smartphone's dy't benammen brûkt wurde foar it ferstjoeren fan tekstberjochtsjes. Wy hawwe it tsjintwurdich oer sosjale media. Op dy tûke telefoans nimt ek it skreaune Frysk yn in rap tempo ta.

Yn 2010 waarden der 1,4 miljard mobile telefoans ferkocht.[1]

Referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. http://www.nu.nl/economie/2434837/14-miljard-mobiele-telefoons-verkocht-in-2010.html