Persoanlike kompjûter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In persoanlike kompjûter, ôfkoarte as pk, is in begryp foar in kompjûter foar it yndividueel útfieren fan in ferskaat saken, lykas administraasje, tekstbewurking, ynternetferbining, programmearjen, kompjûterspultsjes, en oare saken. Men kin in kompjûter foar it wurk, ûnderrjocht en hobby brûke.

Bou[bewurkje seksje | edit source]

Diagram fan in typyske stasjonêre PK.
  1. Byldskerm
  2. Memmeboerd
  3. Sintrale ferwurkingsienheid (CPU)
  4. Wurkûnthâld (RAM)
  5. Utwreidingskaart
  6. Enerzjyfoarsjenning
  7. Kompaktskiifstasjon, dvd-stasjon
  8. Fêste skiif
  9. Mûs (kompjûter)
  10. Toetseboerd


Typen[bewurkje seksje | edit source]

Nei wize fan brûken binne der ferskate pk-typen:

  • Stasjonêre pk's, dy't fierder opdield wurde kinne yn:
    • Kantoar-pk's (Ingelsk desktop PCs)
    • Wurkstasjons (Ingelsk workstations)
  • Draachbere pk's (Ingelsk laptop PCs, notebooks, wearable computers)
  • Bûs-pk's (Ingelsk personal digital assistants as PDAs)

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De hjoeddeistige PK komt fuort út in ûntwikkeling fan de sântiger jierren ôf. Der binne mei de tiid ferskate PK-soarten ûntwikkele.

  • De earste kompjûter dy't foar wurk en privee brûkt waard, wie de Xerox Alto fan it bedriuw Xerox PARC dy't fanôf 1973 produsearre waard. It wie gjin kommersjeel produkt, der binne mar in pear tûzen fan boud, mar dat wie de kompjûter dêr't de term persoanlike komjûter foar optocht waard.
  • Mei troch de ûntwikkeling fan de Alto kamen der mear typen selsbou-kompjûters, dêr't de Altair 8800 de wichtichste fan wie.
  • Yn 1975 brocht IBM de IBM 5100 op de merk foar wittenskiplike tapassings. It wie in yntegrearre kompjûter, mar fier bûten it budzjet fan saaklike tapassings en hobbyisten.
  • It earste yndustriële type PK wie de Apple II fan it bedriuw Apple. Dy PK waard op 5 juny 1977 yn de Feriene Steaten yntrodusearre. De Apple II wie dúdlik beynfloede troch de Altair, mar it wie in kant en klear produkt. Fierders koenen der kaarten taheakke wurde, foar tekstbewurking, spultsjes ensafuorthinne. It wie in kompjûter dy't feroare wurde koe ta de winsk fan de kunde. It wie de earste kompjûter mei kleuren en lûd.
  • Yn likernôch deselde tiid, 1977, waarden de earste kommersjele persoanlike kompjûters, de Commodore PET 2001 en de Tandy TRS 80 Model 1, yntrodusearre. Wat prestaasjes oanbelanget kamen dy kompjûters aardich oerien mei de Apple II. Hja hienen lykwols gjin mooglikheid foar útwreidingskaarten, gjin kleurwerjefte en gjin lûd. Net folle letter kamen ek ferskate oare merken mei persoanlike kompjûters.
  • Om't de klant yn de lette sântiger jieren, mei it sukses fan de Apple II en oaren, frege om PK's, begûn ek IBM mei de ûntwikkelingjen fan in eigen persoanlike kompjûter. Oars as by de 5100 waard no keazen foar goedkeape en maklik beskikbere oplossings. De kompjûter dy't IBM op 12 Augustus 1981 yntrodusearre, hie in 8-bit ISA bussysteem, mei kleure-opsje en lûd. IBM hie syn earste PK fan in Intel-8088-Prosessor foarsjoen, in net sa krêftige ferwurkingsienheid, mar ien dêr't hja ûnderfining mei hienen. Dy hie levere wurde moatten mei in oanpaste ferzje fan CP/M, dy't normaal op krêftigere PK's draaide, maar om't IBM dat net foarelkoar krije koe, waard de kompjûter levere mei it ôfwikende bestjoeringsysteem PC-DOS, dat troch Microsoft oan IBM levere waard.

Hjoed de dei[bewurkje seksje | edit source]

Apple Macintoshes lykas de iMac Core Duo binne PK's fan hjoed de dei.

Njonken de taken tekstbewurkjen en tabellekalkulaasje wurdt it multymedia mêd hyltyd wichtiger. Hjoed wurde meastal bestjoeringssystemen Windows fan merklieder Microsoft meilevere. Der bestean alternative bestjoeringssystemen lykas Linux. It lêste is in iepenboarne bestjoeringssysteem.

Mei USB of sels triedleaze ferbinings lykas WAP, Wi-Fi of Bluetooth kin de kompjûter tsjintwurdich ek mei fotokamera's, mobile tillefoans ensafuorthinne kommunisearje.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • John Markoff: What the dormouse said. How the 60s Counterculture Shaped the Personal Computer Industry, New York, Viking 2005 ISBN 0-670-03382-0

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]