Microsoft

Ut Wikipedy
Microsoft-opliedingssintrum

Microsoft Corporation is in Amerikaanske kompjûtersoftwareprodusint fêstige yn Redmond (Washington). It bedriuw is benammen bekend om de bestjoeringssystemen MS-DOS, Windows en kantoarsoftware lykas Microsoft Office. It bedriuw ferkeapet ek toetsebuorden, kompjûtermuzen en ferskate kompjûterspullen. Fan de kompjûterspullen is de Age of Empires rige bekend. Microsoft ûntwikkelet ek spullen foar syn eigen spulkompjûter: de Xbox en foar de opfolger fan de Xbox, de Xbox360.

Programma's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit binne de meast wichtige programma's dy't microsoft útjûn hat:

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1975 waard it bedriuw oprjochte troch Bill Gates en Paul Allen. It earste produkt wie in BASIX-interpreter foar ferskillende kompjûters lykas de MITS Altair 8800, Commodore VIC-20 en Commodore 64. Microsoft ûntjoech him hiel fluch nei't se fan IBM in opdracht krigen om in bestjoeringssysteem te skriuwen foar de IBM-PC yn 1980. Microsoft hie sels gjin bestjoeringssysteem en kocht dêrom de QDOS foar $50.000,- fan in lyksoartich bedriuw. QDOS waard omtsjoene ta MS-DOS en mei lisinsje oan IBM jûn.

Yn 1981 begûn Microsoft mei it meitsjen fan in grafysk brûkersdiske foar MS-DOS mei de namme Interface Manager dat letter Microsoft Windows neamd wurde soe. Yn 1985 waard Windows 1.0 buorkundich makke. Jierren letter makken IBM en Microsoft in nei bestjoerinssysteem ûnder de namme OS/2. IBM en Microsoft krigen spul mei elkoar en woenen net mear fierder oparbeidzje. Microsoft wurke fierder oan de ûntjouwing fan Windows en IBM makke OS/2 Warp. Microsoft hie yn de konkurrinsjestriid mei IBM mear sukses omdat Windows 3.0 en 3.1 flugger wienen en mear WYSIWYG-applikaasjes lykas Word besikber hie. Microsoft krige syn monopoly mei it útbringen fan Windows 95 en de Microsoft Office pakketten.

Meiwurkers en omset[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoaryske ûntjouwing[1]
Jier Meiwurkers Omset
yn mln. $
1980 40 8
1981 125 16
1982 200 32
1983 383 69
1984 608 125
1985 910 140
1986 1.200 197
1987 2.000 300
1988 2.800 590
1989 3.900 804
1990 5.200 1.186
1991 11.700 1.847
1992 15.300 2.777
1993 16.500 3.786
1994 20.900 4.714
1995 17.800 6.075
1996 20.561 9.050
1997 22.232 11.936
1998 27.055 15.262
1999 31.575 19.747
2000 39.170 22.956
2001 48.030 25.296
2002 50.621 28.365
2003 54.468 32.187
2004 57.086 36.835
2005 61.000 39.778
2006 71.172 44.280
2007 78.565 51.120
2008 91.259 60.420
2009 92.736 58.440

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.microsoft.com/presspass/inside_ms.mspx#RevenueHeadcount