Microsoft Office

Ut Wikipedy
Microsoft Office
Logo fan Microsoft Office

Word 2019 op macOS Mojave

Untwikkelder Microsoft
Meast resinte ferzje 2019
Platfoarm Android, iOS, macOS, Windows, Windows Phone en platfoarmûnôfhinklik fia Office Online
Kategory Kantoarpakket
Lisinsje Kommersjeel
Webstee (ned) office.microsoft.com

Microsoft Office is in kantoarpakket mei û.o. in tekstbewurker, rekkenblêd- en presintaasjeprogramma. De oarspronklike ferzje is fan 1990.

Programma's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Microsoft Office bestiet hjoed-de-dei út in oantal produkten mei elk tagong ta ferskate programma's. De meast gongbere produkten mei byhearrende programma's steane hjirûnder beskreaun:

Programma Home & Student 2019 Professional Plus 2019 365 Personal 365 Home 365 Business Essentials 365 Business 365 Business Premium
Word Ja Ja Ja Ja Nee Ja Ja
Excel Ja Ja Ja Ja Nee Ja Ja
PowerPoint Ja Ja Ja Ja Nee Ja Ja
OneNote Ja Ja Ja Ja Nee Ja Ja
Outlook Nee Ja Ja Ja Nee Ja Ja
Publisher Nee Ja Ja Ja Nee Ja Ja
Access Nee Ja Ja Ja Nee Ja Ja
OneDrive Nee Nee Ja Ja Ja Ja Ja
Skype Nee Nee Ja Ja Ja Ja Ja
Skype foar bedriuwen Nee Ja Nee Nee Ja Ja Ja
Exchange Nee Nee Nee Nee Ja Nee Ja
SharePoint Nee Nee Nee Nee Ja Nee Ja
Teams Nee Nee Nee Nee Ja Nee Ja
Office Online Nee Nee Ja Ja Ja Ja Ja

De standalone-ferzjes fan Office 2019 binne in ienmalige oanskaf. Office 365 is allinne yn abonnemintsfoarm beskikber.

Fryske staveringshifker[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 5 july 2019 is der in nije en ferbettere Fryske staveringshifker foar Microsoft Office beskikber. Op it stuit is dizze staveringshifker der allinne noch mar foar Windows, ferzjes foar macOS en oare bestjoeringssystemen komme nei ferwachting foar it ein fan 2019. Brûkers fan macOS kinne ta oan dy tiid de âlde staveringshifker fan de Fryske Akademy brûke.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]