Springe nei ynhâld

Frysk op kompjûters

Ut Wikipedy

It skriuwen fan Frysk op kompjûters is net sûnder tûkelteammen. Om't de measte kompjûters yn de Feriene Steaten ûntwikkele binne, is der faak net achte op it ynfieren fan letters dy't net yn it Ingelsk brûkt wurde. Yn it bysûnder is it skriuwen fan letters mei diakrityske tekens,^ ´ ` ¨ ensfh., net sûnder mis mooglik. Ferskate programma's en bestjoeringssystemen binne oanpast oan it ynfieren fan oare tekens en fral foar grutte talen binne der aparte kaaibuorden makke, mar der is gjin oplossing dy't foar eltse taal en elts programma jildt.

De Wikipedy hat ek in side Frysk alfabet.

Sa jout ek it skriuwen fan Frysk problemen. Der is gjin spesjaal Frysk kaaiboerd en lykas by oare talen binne der problemen mei it ynfieren fan diakrityske tekens. Der is gjin fêste oplossing foar it probleem.

In Frysktalige desktop

By Microsoft programma's is faak ien fan de folgjende oplossings mooglik:

  • Jo type earst it teken en dan de letter. Om't op in soad kaaibourden gjin trema (¨) sit, wurde dêrfoar klamkes (") brûkt. De kaaiboerdynstelling moat dan by taal op VS (International) stean.
  • Jo brûke in kaaikombinaasje om de Microsoft-koade fan de letter mei diakritysk teken oan te jaan: hâld de Oarre-toets [Alt] fêst en tik trije sifers yn op it rjochter siferblokje.

Yn dat lêste gefal giet it meast om de neikommende koaden:

á 160 â 131 ä 132
é 130 ê 136 ë 137
í 161 î 140 ï 139
ó 162 ô 147 ö 148
ú 163 û 150 ü 129

Æ 146 æ 145

By Linux kin de wize fan fêstlizzen fan ynstellingen per distribúsje ferskille!

Earst moat de 'LANG'-omjouwingsfariabele fêstlein wurde op systeem- of brûkersnivo. Foar it Frysk is dat: fy_NL (standert yn glibc), fy_NL@euro of fy_NL.UTF-8 (taal_LAN[Tekenset UTF-8, mar ISO-8859-1 of ISO-8859-15 komt ek foar]). Meastentiids sil foar in Nederlânske taal- en lânynstelling keazen wurde mei deselde tekenset. In Fryske LANG kin altiten noch eksportearre wurde yn in (sub)shell by it opstarten fan in inkeld programma (Fryske oersettingen sille dan ek automatysk te sjen wêze). Foar it gebrûk fan UTF-8 yn de console, en it euroteken yn de console of X-server kinne ekstra ynstellingen nedich wêze.

De kaaiboerdyndieling moat apart ynsteld wurde foar de console en de grafyske skyl (X-server). By sawol in Amerikaansk as Nederlânsk kaaiboerd, kin keazen wurde út twa manieren om letters mei aksinten te typen:

  • 'dead keys': druk in aksint yn, en dêrnei de letter (mar in spaasje jout allinnich it aksint).
  • 'compose key': druk de gearstalkaai yn (b.g. ljofter Microsoft-kaai), typ dêrnei de letter en aksint (aksint dan letter kin ek).

Op in Mac kinne diakrityske tekens oanbrocht wurde mei in kaaikombinaasje foarôf. Der fan útgeande dat jo wurkje mei in Nederlânsk kaaiboerd en de taalynstellingen ek op Nederlânsk stean ha, brûke jo:

dakje: alt-i folge troch it lûd: û, ô, î, ê, â
trema alt-u folge troch it lûd: ü, ö, ï, ë, ä
skerpteken alt-e folge troch it lûd: ú, ó, í, é, á
aksint alt-` folge troch it lûd: ù, ò, ì, è, à

Op in mobile telefoan of tablet mei OS giet it oars. Troch it lûd dêr’t it diakrityske teken boppe moat langer yndrukt te hâlden ferskynt in rige tekens dêr’t jo út kieze kinne.

Net allinnich it skriuwen fan de letters is in probleem, ek by it skriuwen fan tekst is net faak rekken hâlden mei it Frysk. Sa wurdt der by tekstbewurkers meast gjin Fryske staveringshifker levere. Wannear't wurdlisten foar de staveringshifker te krijen binne, moatte dy hânmjittich tafoege of ynstallearre wurde.

Der binne fjouwer ferskillende systemen foar staveringshifking, dy't meast net frij keazen wurde kinne:

  • De Fryske Akademy hat ferskate staveringshifkers foar Frysk ûntwikkele. Dy wurkje yn Microsoft Office ûnder Windows en Mac OS X, of as losse app yn Android. Meikoarten komt der ek in app beskikber foar iOS.
  • Oare grutte programma's brûke it iepenboarnesysteem fan Hunspell/Myspell. Foar OpenOffice is der sûnt febrewaris 2007 in Fryske ferzje.
  • In protte programma's brûke ek wol it iepenboarnesysteem Aspell. Sûnt febrewaris 2007 wurdt hjir ek it Frysk offisjeel stipe.
  • De standertprogramma’s fan Mac OS X hawwe in eigen staveringshifker, AppleSpell, mar in Fryske wurdlist ûntbrekt.

By it kontrolearjen fan teksten kinne ûnbekende wurden sels oan de listen tafoege wurde, troch mei de mûs op in knopke te klikken.

Frysktalige programma's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêr’t it skriuwen fan Frysk al in probleem is, binne der fansels ek net folle programma's dy’t Fryske tagong hawwe. Dat jildt benammen foar bestjoeringssystemen. Der binne al wat projekten om foar iepenboarne programmatuer de tagong oer te setten nei it Frysk ta.

Programmeurs fan iepenboarneprogramma's, stelle yn it miene bydragen fan elkenien oan (nije) oersettingen tige op priis, om't it de status fan it programma ferheget en mear brûkers bynt. Sawol it programmearjen as it oersetten is meast hobbywurk. Foar it skriuwen en ûnderhâld fan oersettingen is gjin hege kompjûterkennis fereaske, mar wol bedreaunens mei it gebrûk fan it programma.

Programma Kategory Windows OS X Linux Android iOS Oars
7-Zip Systeemark ja ja ja - - ja
Avant Browser Webblêder ja - - - - -
Berneboel Underwiis - - - ja ja -
Deluge BitTorrent-kliïnt diels diels diels - - diels
Fauna yn Fryslân Ynternet - - - ja ja -
Firefox Webbrowser ja ja ja ja nee ja
Firefox Focus Webbrowser ja diels ja diels nee -
Fryske Staveringshifker Taalhelpmiddel - - - ja - -
FVWM-Crystal Buroblêdomjouwing - - ja - - ja
GNOME Buroblêdomjouwing diels diels diels - - -
KDE Buroblêdomjouwing diels diels diels - - diels
LibreOffice Kantoarpakket ja ja ja nee - nee
MATE Buroblêdomjouwing diels - diels - - diels
MediaWiki CMS diels diels diels - - diels
Microsoft Office Kantoarpakket nee nee - nee nee nee
Minecraft Kompjûterspul diels diels diels diels diels diels
NeoOffice Kantoarpakket - nee - - - -
Omrop Fryslân Ynternet ja - - ja ja ja
OpenOffice Kantoarpakket nee nee nee nee - nee
OpenTeacher Underwiis ja ja ja - - -
Opera Webblêder nee nee nee nee nee nee
Opera Mail E-mailkliïnt ja ja - - - -
PDF-XChange Viewer PDF-werjouwer ja - - - - -
Pennel Taalhelpmiddel - - - ja ja -
Poedit Taalhelpmiddel diels diels diels - - diels
Praat mar Frysk Taalhelpmiddel - - - ja ja -
Signal Berjochtetsjinst nee nee nee ja nee
SquirrelMail E-mailkliïnt ja ja ja - - ja
Thunderbird E-mailkliïnt ja ja ja - - ja
Vivaldi Webblêder ja ja ja - - -
Window Maker Finsterbehearder ja ja ja - - ja
WinSparkle Systeemark ja - - - - -
WordPress CMS diels diels diels - - diels
μTorrent BitTorrent-kliïnt ja ja ja nee - -
Programma Kategory Windows OS X Linux Android iOS Oars

Betsjutting:

ja Resinte programmaferzje stipe, en Fryske oersetting of tekst beskikber
diels Resinte programmaferzje stipe, en Fryske oersetting of tekst foar in part beskikber
nee Resinte programmaferzje stipe, mar (noch) gjin Fryske oersetting of tekst beskikber
- Gjin resinte programmaferzje (mear) stipe, of net fan tapassing
? Unbekend
Fryske staveringshifker beskikber

Frysk sûnder ynstallearjen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Websiden en dvd's biede de taal ûnôfhinklik fan it kompjûtersysteem oan. Faak wurde der op ’e eftergrûn automatysk wat lytse helpbestannen ferpleatst nei de kompjûter. Yn in protte gefallen is it gebrûk fan Frysk net wûnderlik, bygelyks mei de webstee fan Omrop Fryslân of in film-dvd. Guon gefallen binne lykwols it neamen wurdich.

  • Colnect, in wiki-eftige samlersmienskip foar telefoankaarten, postsegels ensfh. De webinterface is nei it Frysk oerset en kin as foarkar ynsteld wurde.

Dvd’s en cd-roms

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Yn begjin 2005 is der in kompaktskiif fan it ‘Lieteboek foar de Tsjerken’ útkaam mei in Frysktalige interface. It programma is (benammen) in Windows-tapassing en befettet bestannen foar ûnder oare ienstimmige muzyknotaasje en mearstimmige muzykwerjefte.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]