GNU Aspell

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
GNU Aspell
It GNU-logo

Untwikkelder GNU Aspell ûntwikkelders
Meast resinte ferzje 0.60.6.1/ 4 july 2011
Platfoarm Multyplatfoarm
Kategory Staveringshifker
Lisinsje LGPL
Webstee (in) aspell.net

GNU Aspell is de staveringshifker fan it GNU-projekt, oarpronklik útbrocht yn 2011, en bedoeld as opfolger fan Ispell. De wurdlisten dy't dit systeem brûkt, wurde wurdboeken neamd. Bekende programma's dy't it Aspell-systeem tapasse, binne b.g. SquirrelMail en Poedit (fia it subprogramma Enchant). In protte grutte programma's hawwe foar in oare staveringshifker (Hunspell) keazen, en de ûntwikkeling fan Aspell leit al in tiid stil.

As programma hoecht Aspell gewoanlik net los ynstallearre te wurden, om't dat automatysk dien wurdt troch it haadprogramma. De wurdlisten moatte wol sels ynstallearre wurde, en binne fia de softwaredistribúsjes of de Aspell-webstee te krijen.

Fryske wurdlisten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aspell kin foar Fryske tekst brûkt wurde, wannear't de Fryske wurdboeken ynstallearre binne. Sûnt 2007 is der in offisjele ferzje, mar dy is dêrnei net mear ûnderholden en befettet de nijste stavering net. Dêrfoar jildt de GPL-lisinsje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]