Frysk op kompjûters

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It skriuwen fan Frysk op kompjûters is net sûnder tûkelteammen. Om't de measte kompjûters yn de Feriene Steaten ûntwikkele binne, is der faak net achte op it ynfieren fan letters dy't net yn it Ingelsk brûkt wurde. Yn it bysûnder is it skriuwen fan letters mei diakrityske tekens,^ ´ ` ¨ ensfh., net sûnder mis mooglik. Ferskate programma's en bestjoeringssystemen binne oanpast oan it ynfieren fan oare tekens en fral foar grutte talen binne der aparte kaaibuorden makke, mar der is gjin oplossing dy't foar eltse taal en elts programma jildt.

Fryske letters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Frysk alfabet.

Sa jout ek it skriuwen fan Frysk problemen. Der is gjin spesjaal Frysk kaaiboerd en lykas by oare talen binne der problemen mei it ynfieren fan diakrityske tekens. Der is gjin fêste oplossing foar it probleem.

Microsoft[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Frysktalige desktop

By Microsoft programma's is faak ien fan de folgjende oplossings mooglik:

  • Jo type earst it teken en dan de letter. Om't op in soad kaaibuorden gjin trema (¨) sit, wurde dêrfoar klamkes (") brûkt. De kaaiboerdynstelling moat dan by taal op VS (International) stean.
  • Jo brûke in kaaiekombinaasje om de Microsoftkoade fan de letter mei diakritysk teken oan te jaan: hâld de Oarre [Alt] fêst en tikje trije sifers yn op it rjochter siferblokje.

Yn dat lêste gefal giet it meast om de neikommende koades:

á 160 â 131 ä 132
é 130 ê 136 ë 137
í 161 î 140 ï 139
ó 162 ô 147 ö 148
ú 163 û 150 ü 129

Æ 146 æ 145

Linux[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By Linux kin de wize fan fêstlizzen fan ynstellingen per distribúsje ferskille!

Earst moat de 'LANG'-omjouwingsfariabele fêstlein wurde op systeem- of brûkersnivo. Foar it Frysk is dat: fy_NL (standert yn glibc), fy_NL@euro of fy_NL.UTF-8 (taal_LAN[Tekenset UTF-8, mar ISO-8859-1 of ISO-8859-15 komt ek foar]). Meastal sil foar in Nederlânske taal- en lânynstelling keazen wurde mei deselde tekenset. In Fryske LANG kin altiten noch eksportearre wurde yn in (sub)shell by it opstarten fan in inkeld programma (Fryske oersettingen sille dan ek automatysk te sjen wêze). Foar it brûk fan UTF-8 yn de console, en it euroteken yn de console of X-server kinne ekstra ynstellingen nedich wêze.

De kaaiboerdyndieling moat apart ynstelle wurde foar de console en de grafyske skyl (X-server). By sawol in Amerikaansk as Nederlânsk kaaiboerd, kin keazen wurde út twa manieren om letters mei aksinten te typen:

  • 'dead keys': druk in aksint yn, en dêrnei de letter (mar in spaasje jout allinnich it aksint).
  • 'compose key': druk de gearstalkaai yn (b.g. ljofter Microsoft-kaai), typ dêrnei de letter en aksint (aksint dan letter kin ek).

Mac OS[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op in Mac kinne diakrityske tekens oanbrocht wurde mei in kaaiekombenaasje foarôf. Der fan útgeande dat jo wurkje mei in Nederlânsk kaaiboerd en de taalynstellings ek op Nederlânsk stean ha, brûke jo:

dakje: alt-i folge troch it lûd: û, ô, î, ê, â
trema alt-u folge troch it lûd: ü, ö, ï, ë, ä
skerpteken alt-e folge troch it lûd: ú, ó, í, é, á
aksint alt-` folge troch it lûd: ù, ò, ì, è, à

Op in mobile telefoan of tablet mei OS giet it oars. Troch it lûd dêr't it diakrityske teken boppe moat langer yndrukt te hâlden ferskynt in rige tekens dêr't jo út kieze kinne.

Fryske tekst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net allinnich it skriuwen fan de letters is in probleem, ek by it skriuwen fan tekst is net faak rekken hâlden mei it Frysk. Sa wurdt der by tekstbewurkers meast gjin Fryske staveringshifker levere. Wannear't wurdlisten foar de staveringshifker te krijen binne, moatte dy hânmjittich tafoege of ynstallearre wurde.

Der binne fjouwer ferskillende systemen foar staveringshifking, dy't meast net frij keazen wurde kinne:

  • De Fryske Akademy hat ferskate staveringshifkers foar Frysk ûntwikkele. Dizze wurkje yn Microsoft Office ûnder Windows en Mac OS X, of as losse app yn Android. Meikoarten komt der ek in app beskikber foar iOS.
  • Oare grutte programma's brûke it iepenboarne systeem fan Hunspell/Myspell. Foar OpenOffice is der sûnt febrewaris 2007 in Fryske ferzje.
  • Folle programma's brûke ek wol it iepenboarne Aspell. Sûnt febrewaris 2007 wurdt hjir ek it Frysk offisjeel stipe.
  • De standertprogramma's fan Mac OS X hawwe in eigen staveringshifker, AppleSpell, mar in Fryske wurdlist ûntbrekt.

By it kontrolearjen fan teksten kinne ûnbekende wurden sels oan de listen tafoege wurde, troch mei de mûs op in knopke te klikken.

Frysktalige programma's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêr't it skriuwen fan Frysk al in probleem is, binne der fansels ek net folle programma's dy't Fryske tagong hawwe. Dat jildt benammen foar bestjoeringssystemen. Der binne al wat projekten om foar iepenboarne programmatuer de tagong oer te setten nei it Frysk ta.

Programmeurs fan iepenboarne programma's, stelle yn it miene bydragen fan elkenien oan (nije) oersettingen tige op priis, om't it de status fan it programma ferheget en mear brûkers bynt. Sawol it programmearjen as it oersetten is meast hobbywurk. Foar it skriuwen en ûnderhâld fan oersettingen is gjin hege kompjûterkennis fereaske, mar wol bedreaunens mei it gebrûk fan it programma.

Programma Kategory Windows OS X Linux Android iOS Oars
7-Zip Systeemark ja ja ja - - ja
Avant Browser Webblêder ja Pompebled.svg - - - - -
Berneboel Underwiis - - - ja ja -
Deluge BitTorrent-kliïnt diels diels diels - - diels
Fauna yn Fryslân Ynternet - - - ja ja -
Firefox Webblêder ja Pompebled.svg ja Pompebled.svg ja Pompebled.svg ja nee ja Pompebled.svg
Firefox OS Bestjoeringssysteem diels Pompebled.svg diels Pompebled.svg diels Pompebled.svg diels Pompebled.svg - -
Fryske Staveringshifker Taalhelpmiddel - - - ja - -
FVWM-Crystal Buroblêdomjouwing - - ja - - ja
GNOME Buroblêdomjouwing diels Pompebled.svg diels Pompebled.svg diels Pompebled.svg - - -
KDE Buroblêdomjouwing diels Pompebled.svg diels Pompebled.svg diels Pompebled.svg - - diels Pompebled.svg
LibreOffice Kantoarpakket ja Pompebled.svg ja Pompebled.svg ja Pompebled.svg nee - nee Pompebled.svg
MATE Buroblêdomjouwing diels Pompebled.svg - diels Pompebled.svg - - diels Pompebled.svg
MediaWiki CMS diels Pompebled.svg diels Pompebled.svg diels Pompebled.svg - - diels Pompebled.svg
Microsoft Office Kantoarpakket nee Pompebled.svg nee Pompebled.svg - nee nee nee
Minecraft Kompjûterspul diels diels diels diels diels diels
NeoOffice Kantoarpakket - nee Pompebled.svg - - - -
Omrop Fryslân Ynternet ja - - ja ja ja
OpenOffice Kantoarpakket nee Pompebled.svg nee Pompebled.svg nee Pompebled.svg nee Pompebled.svg - nee Pompebled.svg
OpenTeacher Underwiis ja Pompebled.svg ja Pompebled.svg ja Pompebled.svg - - -
Opera Webblêder nee Pompebled.svg nee Pompebled.svg nee Pompebled.svg nee nee nee
Opera Mail E-mailkliïnt ja Pompebled.svg ja Pompebled.svg - - - -
PDF-XChange Viewer PDF-werjouwer ja - - - - -
Pennel Taalhelpmiddel - - - ja ja -
Poedit Taalhelpmiddel diels Pompebled.svg diels Pompebled.svg diels Pompebled.svg - - diels Pompebled.svg
Praat mar Frysk Taalhelpmiddel - - - ja ja -
SquirrelMail E-mailkliïnt ja Pompebled.svg ja Pompebled.svg ja Pompebled.svg - - ja Pompebled.svg
Thunderbird E-mailkliïnt ja Pompebled.svg ja Pompebled.svg ja Pompebled.svg - - ja Pompebled.svg
Vivaldi Webblêder ja Pompebled.svg ja Pompebled.svg ja Pompebled.svg - - -
Window Maker Finsterbehearder ja ja ja - - ja
WinSparkle Systeemark ja - - - - -
WordPress CMS diels Pompebled.svg diels Pompebled.svg diels Pompebled.svg - - diels Pompebled.svg
μTorrent BitTorrent-kliïnt ja ja ja nee - -
Programma Kategory Windows OS X Linux Android iOS Oars

Betsjutting:

ja Resinte programmaferzje stipe, en Fryske oersetting of tekst beskikber
diels Resinte programmaferzje stipe, en Fryske oersetting of tekst foar in part beskikber
nee Resinte programmaferzje stipe, mar (noch) gjin Fryske oersetting of tekst beskikber
- Gjin resinte programmaferzje (mear) stipe, of net fan tapassing
? Unbekend
Pompebled.svg Fryske staveringshifker beskikber

Frysk sûnder ynstallearjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Websiden en dvd's biede de taal ûnôfhinklik fan it kompjûtersysteem oan. Faak wurde der op 'e eftergrûn automatysk wat lytse helptriemmen ferpleatst nei de kompjûter. Yn in protte gefallen is it gebrûk fan Frysk net wûnderlik, bygelyks mei de webstee fan Omrop Fryslân of in film-dvd. Guon gefallen binne lykwols it neamen wurdich.

Websteeën[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Colnect, in wiki-eftige samlersmienskip foar tillefoankaarten, postsegels ensfh. De webynterfaasje is nei it Frysk oerset en kin as foarkar ynsteld wurde.

Dvd's en cd-roms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn begjin 2005 is der in kompaktskiif fan it "Lieteboek foar de Tsjerken" útkaam mei in Frysktalige ynterfaasje. It programma is (benammen) in Windows-tapassing en befettet triemmen foar ûnder oare ienstimmige muzyknotaasje en mearstimmige muzykwerjefte.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]