Mozilla Firefox
Appearance
| Mozilla Firefox | |
|---|---|
In skermprint fan Firefox 89.0 yn de KDE-buroblêdomjouwing | |
|
| |
| Untwikkelder | Mozilla Foundation en bydragers Mozilla Corporation |
| Meast resinte ferzje | 143.0/ 16 septimber 2025 |
| Lêste bêtaferzje | 142.0b9/ 8 augustus 2025 |
| Platfoarm | Android, Firefox OS, Linux, OS X, Unix (ports), Windows |
| Kategory | Webblêder |
| Lisinsje | MPL 2.0 |
| Webstee | mozilla.org/firefox |
Mozilla Firefox is in iepenboarne websneuper. De oarspronklike ferzje is út 2002.
Oersetting nei it Frysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn april 2006 is in Frysktalige ferzje fan it programma fan de Mozilla-organisaasje klearkaam. Mei de kommando-opsje '--UILocale fy' kin de Fryske oersetting opstart wurde, wannear't dy ynstallearre is.
In Frysktalige iOS-app wurdt oanbean yn iTunes, mar iOS sels stipet it Frysk noch net.
Fryske staveringshifker
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De staveringshifker wurdt levere troch Hunspell/Myspell dy't op it systeem ynstallearre is (Fryske wurdlist hânmjittich tafoegje), of de 'Frysk Wurdboek'-tafoeging yn Firefox/Thunderbird sels. Yn de lytsere Android/iOS-ferzje sit gjin staveringshifker.