KDE

Ut Wikipedy
KDE
Logo fan KDE, fanôf ferzje 3.4
Buroblêd fan KDE 4.0 op GNU/Linux
KDE Plasma 5.16 op GNU/Linux

Untwikkelder It KDE-team
Meast resinte ferzje 5.12.0/ 10 july 2015
Platfoarm Multyplatfoarm (BSD, Linux, OS X, Solaris, Windows)
Kategory Buroblêdomjouwing
Lisinsje GPL
Webstee (in) www.kde.org

KDE (K Desktop Environment) is in frije grafyske brûkersomjouwing en ramt boud op Trolltechs Qt-toolkit foar GNU/Linux en oare Unix-eftige bestjoeringssystemen.

In te ferlykjen projekt is GNOME.

Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De letter "K" stie oarspronklik foar "Kool" (Koel), mar is letter feroare yn allinne in "K", wat stiet foar: "De earste letter foar de "L" fan Linux yn it Latynske alfabet".

Neffens de webstee fan KDE: "KDE is in brûkersomjouwing foar Unix-wurkstasjons dy't modern en oersichtlik is. Mei KDE is oan it ferlet fan in maklik te brûken omjouwing foar UNIX-wurkstasjons foldien, ferlykber mei de brûkersomjouwings fan Mac OS X en Windows."

De ynspiraasje foar KDE komt fan Common Desktop Environment (CDE). CDE is in âldere brûkersomjouwing dy't mei X Window brûkt wurdt troch it VMS en kommersjele Unix-leveransiers lykas Sun Microsystems en Hewlett-Packard.

De Dútser Matthias Ettrich sette útein mei it KDE-projekt omdat de programma's en de ynterfaasje fan CDE der net itselde útseagen of wurken.

By KDE kin der in soad konfigurearre wurde en de opmaak fan bygelyks oersichtlike menu's en anti-aliasing foar tekst, dy't te ferlykjen binne mei de mooglikheden fan Windows en Mac Os X, kin de brûker sels feroarje.

Sêftguod[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne in soad KDE-applikaasjes en oar sêftguod dy't mei KDE levere wurdt, dy binne apart yn te laden en te ynstallearjen. De measte nammen fan dy applikaasjes begjinne mei in K om oan te jaan dat it in KDE-applikaasje is. De meast brûkte programma's binne û.o.:

KDE wurdt nei hast 90 talen oerset (sjoch keppelings om utens), sa ek nei it Frysk. In stikmannich fan dy talen wurde net stipe troch de kommersjele sêftguodprodusinten. Oare talen wurde net folslein stipe, sa is de dokumintaasje by in soad talen mar in bytsje of hielendal net oersetten. De Fryske ferzje docht sûnt ferzje 3.4 mei.

Guon fan de oan KDE besibbe projekten hawwe harren eigen útjefteskema, lykas KDevelop; in sêftguodûntwikkelomjouwing, Quanta; in DTD-ûntwikkelomjouwing foar it meitsjen fan û.o.. websteeën en KOffice, in útwreidpakket mei kantoarsêftguod.

Der is sawol konkurrinsje as gearwurking tusken KDE en GNOME, in oare frije grafyske brûkersomjouwing foar Unix. Gearwurking bart trochdat de makkers fan Qt yn jannewaris 2004 in pakket bibleteken beskikber steld ha om GNOME-applikaasjes hiel ienfâldich yntegrearje te litten op it KDE-buroblêd. It is net sa dat GNOME-applikaasjes oars net mei KDE wurkje kinne, mar der binne in tal wichtige eleminten nedich fan GNOME. Dat is oarsom ek it sa.

In skermprint fan KDE 4

Oare bestjoeringssystemen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

KDE wurdt neist UNIX ek ûntwikkele foar it bestjoeringsysteem Darwin OS en Windows. Darwin, de basis fan Mac OS X, is basearre op de Machkernel en BSD, in famylje fan iepenboarne Unixfarianten. De Darwin-ferzje is de earste ferzje fan KDE dy't funksjonearret mei in bestjoeringsysteem fan Apple. Brûkers fan Darwin en Mac OS X kinne KDE relatyf ienfâldich ynstallearje fia in fasiliteit as Fink.

Mei it ferskinen fan KDE4.1 is it hiel ienfâldich wurden om KDE te ynstallearjen op Mac Os X of Windows, beide ha in ynstallaasjeprogram krigen en in eigen side. Sjoch by de keppelings om utens foar de krekte ferwizings.

Organisaasje fan it KDE-projekt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas in soad iepenboarne- en oare frije sêftguodpakketten wurdt KDE yn it algemien troch frijwilligers ûntwikkele. Omdat de pear hûndert minsken op ferskillende manieren bydrage oan KDE (bgl. troch te programmearjen, oer te setten of de foarmjouwing te fersoargjen), is de organisaasje fan sa’n projekt frijwat dreech. De measte swierichheden wurde besprutsen op in grut tal diskusjelisten (sjoch keppelings om utens ûnder). Wichtige beslissings, lykas nije ferzjes dy't útbrocht wurde en it opnimmen fan nije applikaasjes, wurde makke op de diskusjelist "kde-core-devel" troch de saneamde "haadûntwikkelders". Dat binne de ûntwikkelders dy't al lange tiid meiwurkje oan KDE. Beslissings wurde net nommen mei help fan stimmerij, mar troch diskusje op de diskusjelisten. Yn de measte gefallen skynt soks goed te wurkjen en hiel grutte diskusjes, lykas de fraach oft de API fan KDE 2 net mear stipe wurde moat yn it foardiel fan KDE 3, binne der net safolle.

Utjefteskema en ferzjenûmers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sa as ûnder yn it skiednisoersjoch fan it projekt te sjen is, komme der geregeldwei nije ferzjes fan it KDE-team. Se binne der om bekend dat se fêsthâldend binne oan it útjefteskema en it bart net gau dat in útjefte mear as ien of twa wiken letter komt. Utsein KDE 3.1, dat mear as in moanne letter kaam, omdat yn 'e boarnekoade in tal feiligensswierrichheden foar it ljocht kamen. Fêsthâlde oan sa’n strak útjefteskema bart mei sa'n frijwilligersprojekt net gau. Bygelyks it útjefteskema fan Linuxkernel is net altiten like krekt. Soks hoecht perfoarst net ferkeard te wêzen: der binne gjin klanten dy't easkje dat it program binnen in bepaalde tiid klear wêze moat, sadat se it projekt pas dien meitsje as it program klear is.

Grutte útjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In grutte KDE-útjefte hat twa getallen yn it ferzjenûmer, bygelyks "KDE 1.1". Allinne in grutte KDE-útjefte sil nije mooglikheden hawwe. Oant no ta (augustus 2008) wienen der 13 grutte útjeften, nammentlik: 1.0, 1.1, 2.0, 2.1, 2.2, 3.0, 3.1, 3.2, 3.3, 3.4, 3.5, 4.0 en 4.1. Alle KDE-útjeften yn deselde grutte ferzje (bgl. KDE1, KDE2 en KDE3) binne sawol op binêr nivo as yn de boarnekoade kompatibel mei elkoar. Dat betsjut dat foar KDE 3.0.x ûntwikkele programmatuer wurkje sil mei alle ferzjes fan KDE3. Programma's hoege dus allinne mar op ‘e nij kompilearre te wurden by in nije grutte ferzje. Dat hat in betroubere API foar KDE-ûntwikkelders ta gefolch. Der wienen in protte feroarings tusken KDE 1 en KDE 2 en dy wienen grut, wylst de feroarings yn de API tusken KDE 2 en KDE 3 relatyf lyts wienen. Dêrtroch koenen applikaasjes maklik foar KDE 3 geskikt makke wurde. Oant no ta folgje de grutte KDE-útjeften it Qt-útjefteskema.

Al foardat in grutte útjefte klear is en oankundige wurdt, begjint men te wurkjen oan de folgjende grutte útjefte. Normaal hawwe se ûngefear in heal jier nedich om in grutte ferzje ôf te meitsjen (earder duorre dat ûngefear in jier). Mei dy perioade wurde de brekken (sêftguodflaters) oplost en dy oploste brekken wurde meinaam yn de lêste stabile ferzje.

Op dit stuit is KDE 4 de lêste ferzje.:

Lytse útjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lytse útjeften wurde makke om brekken te ferbetterjen en de oersettings ôf te wurkjen. Foar lytse útjeften wurdt der brûkme makke fan in koarter útjefteskema. In lytse KDE-útjefte hat trije ferzjenûmers, bygelyks KDE 1.1.1. De ûntwikkelders lizze har ta op it oplossen fan brekken, lytse flaters, en lytse ferbetterings yn de brûkerfreonlikens, as tsjinhinger fan it yntrodusearjen fan nije mooglikheden. Dêrneist wurde lytse útjeften brûkt om nije oersettings út te bringen dy't der mei it ferskinen fan de haadferzje noch net wienen. In lytse útjefte is basearre op in aparte Subversion-fertakking (branch) fan in foarige ferzje en hat gjin ynfloed op de "HEAD branch" (yn SVN-termen ek wol "trunk" neamd), it diel wêryn't de aktive ûntwikkeling fan de folgjende grutte útjefte plakfynt.

                       nije mooglikheden en 
                             brekferbetterings
  KDE 4.0 útjûn        -------------------->  KDE 4.1 (ek wol trunk neamd)
  (nije ûntwikkeling
   start)                  allinne brekken oplosse
                          -------------------->  KDE 4.0 branch (wurdt in lytse útjefte)

De ôfwikende namme "3.0.5a" wurdt brûkt omdat de ferzje nûmers op wienen. Se wienen al start mei KDE3.1 en der waard doe yntern noch brûkme makke fan ferzjenûmers lykas 3.06 yn it CVS-systeem om testferzjes te ûnderskieden fan de oankommende grutte útjefte 3.1. Nei ferzje 3.0.3 wie der ynienen needsaak om in tal wichtige en ûnferwachte brekken op te lossen, wat dus ta in ferzjekonflikt kaam mei 3.0.6, dy't al yn gebrûk wie. Kritike brekken wurde ek ferholpen yn âldere ferzjes fan KDE ("back-poarten").

KDE 4[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De resinte haadútjefte fan KDE hat de namme KDE 4. De tarieding fan KDE 4 duorre lang mar is dan ek op 'e nij skreaun en/of oanpast oan Qt4. Op 11 jannewaris 2008 kaam nei in lange rige fan alfa-, beta- en RC-ferzjes de úteinlike stabile ferzje 4.0 út.[1]

Feroarings yn KDE 4 binne:

  • Oersetting nei Qt-ferzje 4. Om de romme lisinsje-betingsten is de portabiliteit (fan KDE-programma's nei Windows en Mac OS X) ferbettere. Fierder makket Qt4 sichtbere ferbetterings mooglik lykas it slepen fan panielen. Qt4 makket fierder in snelheidswinst fan 20%-30% mooglik.[2]
  • Fernijde tema's, byldkaikes en eftergrûnôfbyldings troch middel fan it Oxygen-projekt. Troch KDE en de programma's deselde styl en byldkaikes brûke te litten moat dit projekt derfoar soargje dat KDE as gearhingjend gehiel wurdt. De byldkaikes sille skaalber wêze troch it brûken fan it SVG-formaat.
  • In kompleet nije ynterfaasje troch Kicker, KDesktop, en SuperKaramba te yntegrearjen yn ien gehiel; Plasma. It doel fan dit projekt is om it gebrûk fan de kompjûter moaier en logysker te meitsjen en better oanpasber oan de winsken fan de brûker, widgets stean sintraal yn dizze oanpak.
  • De windowmanager KWin krijt stipe foar 3D-effekten, te ferlykjen mei Compiz.
  • In nije standert triembehearder; Dolphin. Konqueror sil syn funskjes behâlde mar sil primêr fierder ûntwikkele wurde as webbrowser.
  • Phonon, in laach tusken ferskate multymediaramten en de programma's. Troch it brûken fan Phonon wurdt KDE ûnôfhinklik fan multymediaramten. Dêrtroch wurdt it foar ûntwikkelders makliker om mediafunksjonaliteit oan te bringen yn in programma. De einbrûker hat sels de kar hokker multymediaramt hy brûke wol.
  • Solid, in API foar netwurk en draachbere media. Programma's kinne op dizze manier makliker bewust makke wurde fan de hardware dy oan de kompjûter oansletten is.
  • Decibel, in kommunikaasje ramt. Decibel jout de mooglikheid om ferskillende protokollen dy't nedich binne foar Instant messaging, VoIP en fideokonferinsjes yn ien programma te yntegrearjen en makket it makliker om de krekte wei te finen om kontakt mei ien te sykjen.
  • NEPOMUK, in systeem om triemmen better te behearen, triemmen kinne oan in kwotum foldwaan en mei kommentaar en merken útrist wurde. Yn gearwurking mei de buroblêdsiker Strigi wurdt ek it sykjen fan triemmen dêrtroch makliker.
  • In skriptramt, neamd Kross, jout brûkers de mooglikheid skript te yntegrearjen yn KDE. Op it stuit wurde JavaSkript, Ruby en Python stipe.


KDE 4.1[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In skermprint fan KDE 4

De hjoeddeiske ferzje fan KDE is KDE 4.1 en waard útjûn op 29 july 2008.[3]

Feroarings yn KDE 4.1: [4]

  • Oerskeakeling fan ferzje Qt 4.3 nei 4.4. De nije mooglikheid fan dizze ferzje binne û.o. de yntergraasje fan WebKit, wat it mooglik meitsje sil foar Plasma om widgets fan Apple Dashboard yn te laden.
  • In soad oanpassings en nije mooglikheden yn Plasma, dêrûnder in nije API, mooglikheid om tema’s te brûken, de fluchstarter KRunner en mear ynstelmooglikheden.
  • De programma's út de module KDEPIM (Kontact, KMail) meitsje wer diel út fan dizze útjefte. Dy programma's sille oerset wêze nei Qt 4 en sille nije funskjes befetsje. De meast yn it each springende fernijing is it sintraal bewarjen fan gegevens Akonadi.
  • Stipe foar meardere eftereinen yn Phonon, wêrûnder GStreamer.
  • Nije programma's, lykas de Step fysika-simulator en de ienfâldige mediaspiler Dragon Player.
  • Nije effekten yn KWin, lykas in Cover Flow-funksje foar iepensteande finsters.
  • In soad nije funksjes yn oare programma's, lykas ljeppers yn Dolfyn, sesjebehear yn Konqueror en OpenStreetMap wurde stipe yn Marble.

Maskotte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Konqi - de KDE maskotte

De maskotte fan de KDE is it griene draakje Konqi. Yn eardere ferzjes wie de maskotte de tsjoender (wizard) Kandalf, waans namme ôflaat wie fan Gandalf, in persoan út de boeken fan de skriuwer Tolkien.

Projektskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryske staveringshifker[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De staveringshifker kin wurdlisten fan Hunspell/Myspell, Aspell of beide tagelyk tapasse, ôfhinklik fan wat ynboud is yn it subprogramma Enchant.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. KDE 4.0 Frijjaan
  2. ZDNet: "Speed improvements expected in KDE 4"
  3. (in) KDE 4.1 Release Announcement
  4. (in) Schedules/KDE4/4.1 Release Goals