Lisinsje

Ut Wikipedy

In lisinsje (fan it Latynske wurd licere, tastien wêze) is de formele of wetlike tastimming om eat te dwaan. Het wurd kin ek betrekking hawwe op het dokumint wêryn stiet dat die tastimming jûn is.

Soarten lisinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In lisinsje hat altiten te krijen mei aktiviteiten dy't ferbean binne foar minsken dy't dêr gjin spesifike tastimming foar hat. Der binne lisinsje foar in ferskaat oan aktiviteiten.

Lisinsjes fan de oerheid of tafersjochhâlder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarbylden foar soksoarte lisinsjes binne:

  • in lisinsje om in medysk berop út te oefenjen;
  • in lisinsje om alkoholhâldende drank te skinken, bygelyks foar in kafee;
  • in fiskerijlisinsje om mei in fiskersskip te fiskjen;
  • in lisinsje om in útstjoerfrekwinsje te brûken, bygelyks foar UMTS;
  • in lisinsje om radio- of telefyzje-útstjoerings te fersoargjen (omroplisinsje).

Synonimen foar it wurd 'lisinsje' bine yn dizze foarm: fergunning, konsent, of konsesje.

Lisinsjes foar in sportbûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In sportbûn kin oan sporters in persoanlike lisinsje takenne. Dizze lisinsje is nedich om meidwaan te kinnen oan offisjele wedstriden. In foarbyld hjirfan is in bokslisinsje.

Lisinsje fan de hâlder fan in spesifyk rjocht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sommige rjochten kinne krigen wurde troch it oanfreegjen fan in oktroai, registraasje yn in bepaald register ensfh. Lisinsjes dy't hjir by hearre binne:

  • in lisinsje om in útfining wêr in oktroai opsit te produsearjen;
  • in lisinsje om in produkt nei te meitsjen wêrfan it model troch in oar deponearre is;
  • in lisinsje om in bepaalde merknamme foar goederen of tsjinsten te brûken;
  • in lisinsje om planten fan in bepaald ras te kweken (kwekersrjocht).

Lisinsje fan de auteur fan in wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De auteur fan in auteursrjochtlik beskerme wurk krijt automatysk het rjocht te bepalen wa't it iepenbier meitsje of kopiearje mei. It wurk hoecht earst net registrearre te wurden, lykas by in oktroai. De auteur kin in lisinsje jaan om in wurk iepenbier te meitsjen, te kopiearjen, te bewurkjen, te ferhieren, út te lienen of mear in het algemien te eksploitearen. Foarbylden hjirfan binne:

  • de softwarelisinsje;
  • de GNU/FDL, dy't foar de Wikipedy jildt;
  • de rjochten dy't de auteur fan in boek of fan in muzykwurk oan in útjouwer jout;
  • de rjochten dy't iepenbiere biblioteken hawwe om auteursrjochtlik beskerme wurken út te lienen (sjoch lienrjocht).

Lisinsjeoerienkomst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In syn simpelste foar bestiet in lisinsje út in ferklearring fan de kant fan de lisinsjejouwer dat de lisinsjenimmer de omskreaune aktiviteit útfiere mei. Yn de praktyk wurdt der meastal in oerienkomst sluten, wêryn de lisinsjejouwer en de lisinsjenimmer - soms eksplisyt, soms ymplisyt - betingsten oerienkomme, wêrûnder de lisinsjenimmer de krigen lisinsje eksploitearre mei.