KOffice
KOffice | |
---|---|
KWord skermprint | |
| |
Untwikkelder | It KOffice Team |
Meast resinte ferzje | 1.6.3/ 6 july, 2007[1] |
Lêste bêtaferzje | 2.0 alpha 9/ 16 july 2008[2] |
Platfoarm | Multyplatfoarm (Linux, BSD, Solaris, Windows, Mac OS X) |
Kategory | Office suite |
Lisinsje | GPL, LGPL, BSD license and others |
Webstee | http://koffice.org |
KOffice is it officepakket foar 'K Desktop Environment KDE en falt ûnder de nûmer fan frije sêftguod. De lêste ferzje fan KOffice is 1.6.3, dy't op 7 juny, 2007 it ljocht seach. KOffice wurdt apart fan KDE útbrocht en kin ynladen wurde fanôf it thúsblêd fan KOffice. Koffice brûkt as it mooglik is it triemformaat OpenDocument as standert yn de applikaasjes.
KOffice komponinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]KOffice komt mei de folgjende komponinten:
KWord | In tekstbewurker mei ramt en stylblêd stipe foar DTP-styl bewurkings fan ingewikkelde opmaak. | |
KSpread | In rekkenblêd applikaasje mei stipe foar meardere rekkenblêden, sjabloanen en mear as 100 wiskundige formules. | |
KPresenter | In presintaasje programma mei ôfbylding en effekt stipe. | |
Kivio | In te programmearjen stroomdiagramprogramma | |
Karbon14 | In Fektortekenprogramma mei ferskate teken en bewurkhelpmiddels. | |
Krita | (Dit wie earst bekend as Krayon en KImageshop). In teken- en byldbewurkprogramma. | |
Kugar en KChart | In yntegrearre programma om rapporten op te meitsjen en in grafiekprogramma. | |
KFormula | In programma om formules mei te meitsjen. | |
Kexi | In yntegrearre databank programma. It hat beheinde komptabiliteit mei it MS Access triemformaat. | |
KPlato | In projektmanagement programma. |
In filterset makket it mooglik om nei ferskate triemformaten te skriuwen en te lêzen.
OpenDocument
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt ferzje 1.5 brûke de wichtichste komponinten, krekt lykas OpenOffice.org 2.0 en heger, it OpenDocument-formaat.
KOffice 2.0
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it stuit is de Koffice ferzje 1.6.x ûntwikkele foar de Unix omjouwing, mar mei ferzje 2.0 komt dêr feroaring yn. Op 19 maaie 2008 binne der ek al de earste tekens fan sjoen mei in alfa ferzje dy't ek op de Windows omjouwing te ynstallearjen wie [3]. Neist it brûkber meitsjen foar oare platfoarmen is it 'flake'-konsept in opfallende fernijing.
Flake[4] is de objekt bibleteek foar Koffice. De basis is dat der fan útgong wurdt dat de saneamde “shapes”, dy alderhande figueren oannimme kin, ferskillende saken lykas media, tekeningen of tabellen yn in dokumint yntegrearje kinne. En omdat de figueren fan elkoar witte dat se besteane kin der bygelyks tekst om in fideofiguer setten wurde. Flake objekten kinne grafysk ferpleatst, rotearre, skale en skean lutsen wurde.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings op utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) http://www.koffice.org Webstee fan KOffice]
- (in) KOffice 2.0 fisy en doelstelling
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |