Tekstbewurker

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Mei in tekstbewurker (editor) kinne jo hjoed de dei faak sawol programma's bewurkje/oanpasse as dat jo der teksten mei skriuwe/bewurkje kinne.

Jierrenlang hawwe de begripen tektstbewurker en 'editor' los fan elkoar funksjonearre. De technisy wienen mei de 'editor' dwaande de programma's fan de kompjûter oan te passen. It administrative personiel brûkte benammen de tekstbewurker om brieven ensfh. te skriuwen/bewurkjen. Mei de komst fan û.o. de earste 'HTML editor' yn 1989 begûnen beide begripen yninoar te skowen.

Technysk sjoen wienen der gjin grutte ferskillen. It iene programma wie makke om yn ien fan de kompjûtertalen te skriuwen en it oare programma wurke mei ús skriuwtaal. Mar beide wienen makke om (bestjoerings)teksten by eintsjebeslút yn ien-/nulkoaden oer te setten.