Springe nei ynhâld

Linux

Ut Wikipedy

Linux is de namme brûkt foar in bestjoeringssysteem, eigentlik it Free Minix projekt fan 1991, opset om in UNIX-eftich bestjoeringssysteem te wêzen. Fan oarsprong is it systeem skreaun troch Linus Torvalds, mar net mear as 5% fan it hjoeddeiske systeem (2024), is noch fan Torvalds.

Linux is ek de koarte namme foar de GNU/Linux-projekten, dy't Torvalds syn Free Minix projekt keppelje oan it GNU-projekt ta folsleine systemen, dy't hielendal frij fan rjochten binne. Om't de systemen op harren sels frij fan rjochten binne, binne der ferskate tuken fan, en wer tuken dêr wer fan, dy't allegear besykje en biedt de beste foarm fan Linux oan. Troch de fariaasje oan, ûnder oaren, de tapassings is it lykwols net mooglike en meitsje de alderbêste ferzje. Al is Torvalds net mear dejinge dy't it meastepart fan it system skreaun hat, dochs hat er in wichtige stimme by it beheinen fan it fersnipperjen fan it projekt.