Springe nei ynhâld

Applikaasje

Ut Wikipedy

In applikaasje, of yn kompjûtertaal in app, is in tapassingsprogramma rjochte op in beskaat mêd. In applikaasje is in beheind programma om oer it ynternet te kommunisearjen. Jo kinne bygelyks in applikaasje brûke om alle artikels fan in boumerk te besjen en nei te gean oft dy boumerk soks op it stuit yn foarried hat. Mar der binne ek applikaasjes om alles fan en om in tillefyzjeprogramma hinne te folgjen.

Om't applikaasjes nochal wat privee saken fan jo hinne en wer stjoere en it net altiten like dúdlik is oft de kompjûterkoaden genôch fersifere binne, is it saak om tige hoeden mei sokke applikaasjes te wêzen. Ommers yn guon gefallen ferstjoere jo (bank)rekkennûmers, wachtwurden ensfh.