Grafyske foarmjouwing

Ut Wikipedy
Grafyske foarmjouwing: piktogrammen by in rôltrep yn de metro fan Praach
Cover Viva (2007)
Muorreskildering fan Willem Sandberg yn metrostasjon Waterlooplein

Grafyske foarmjouwing is it fisueel foarmjaan fan ideeën yn ferskate media, mei as doel minsken wat witte te litten. Dat fereasket de ynset fan sawol artistike as technyske kunde. By grafyske foarmjouwing wurdt sawol fisuele ekspresje as kreativiteit neistribbe yn de presintaasje fan tekst en ôfbyldings.

De praktyk fan de grafyske foarmjouwing omfiemet hjoeddedei it tradisjonele printwurk oan de moderne kompjûter, de ynteraktive media en de multymediale foarmjouwing dêrfan. Grafyske foarmjouwing hat sa syn tapassing yn bygelyks:

  • Administaasje
  • Advertinsjes
  • Ferdivedaasje (entertainmint)
  • Sjoernalistyk
  • Webdesign

It primêre ‘ark’ yn de grafyske foarmjouwing bliuwt de kreative geast. Kritysk, objektivearjend en analitysk tinken binne fereaske yn de mannichte oan foarmen fan it ûntwerp en de rendering.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It begryp grafyske foarmjouwing is foar it earst beneamd troch de Amerikaan William Addison Dwiggins (1880-1956) yn 1922. Yn syn tiid wiene printer, typograaf, skriuwer, grafikus en ûntwerper gauris noch ien en deselde persoan. Yn de 20e iuw ha al dy beroppen har ûntjûn ta in spesjalisme.

Grafyske foarmjouwingsdissiplines[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Animaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Animaasje is de yllúzje fan beweging troch it nei elkoar ôfspyljen fan ferskate stilsteande bylden, saneamdee frames. Dat komt yn it deistich libben it measte foar op it ynternet, yn tekenfilms en tekenfilmsearjes en animaasjefilms. Grafyske kompjûterformaten lykas GIF, MNG, SVG en Flash soargje foar de animaasjes op kompjûters en it ynternet.

Animaasjefilm is de algemiene namme foar filmopnames dêr’t gjin libbene akteurs yn optrede, mar yn stee dêrfan tekene figueren (tekenfilm), of libbenleaze matearje (lykas klaaifiguerkes) dy’t filme wurde yn de inkeldbyldtechnyk. Dat wol sizze dat de bylden ién foar ién opnommen wurde. By it efterinoar setten fan dy bylden yn in film jouwe dy dan, as it goed dien wurdt, de yllúzje fan beweging. Om in folslein floeiende beweging te meitsjen binne 24 frames de sekonde nedich. Der binne ek animaasjes dy’t mei 12 of 10 frames de sekonde geane. Mar mei sa’n animaasje krije jo gjin moaie floeiende beweging.

Boekbânûntwerpen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Psyche, boekbânûntwerp fan Jan Toorop (1898)

In ’boekbânûntwerper’ is immen dy’t in boekbân, omslach of in stofomslach foar boeken ûntwerpt. Yn it tiidrek 1890-1940 waarden yn Nederlân boekbannen makke dy’t o sa tekenjend wiene yn har omjouwing. Om 1890 hinne ûntstie yn Jeropa in keunststreaming; yn Frankryk Art Nouveau, yn Dútslân Jugendstil, yn Grut-Brittanje Arts and Crafts en yn Fryslân Nije Keunst neamd, hoewol’t hjir de namme Art Nouveau en Jugendstil likegoed ynboargere binne.

Guon útjouwers kamen yn it neamde tiidrek bekende keunstners op de lije side oan en joegen ha opdrachten foar bân- en omslachûntwerpen foar útjeften fan útienrinnende aard en ek foar omslaggen fan tydskriften, blêdmuzyk en brosjueres. Bysûnder by de tydskriften binne de 116 omslaggen foar Wendingen, maandblad voor bouwen en sieren van 'Architectura et Amicitia' (1918-1931), dy’t troch in pear fan de yn Nederlân bekendste keunsners ûntwurpen binne.

Kommunikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarmjouwing fan in krante yn Hongkong

Kommunikaasje is in proses dêr’t yn besocht wurdt in beskaat begryp oer te dragen út it iene foarstellingsramt (de stjoerder of de boarne dêr’t dy yn makke wurdt) nei in oar (de ûntfanger) troch ynformaasje dy’t nei dat begryp ferwiist. Kommunikaasje giet troch tekensystemen en oare útdrukkingsfoarmen. Giet de kommuniaasje troch bylden, dan hjit dy foarm fisualisaasje; tink oan diagrammen, piktogrammen en kaarten.

Kommunikaasjewittenskip is in wittenskiplike dissipline dy’t de minsklike kommunikaasje bestudearret yn al syn foarmen en yn ferskate konteksten. It is dus in alsidige dissipline, dy’t te krijen hat mei de kommunikaasjelear: skaaimerken fan stjoerder, drager, en ûntfanger fan in boadskip. Mei taal yn al syn foarmen, dus net allinnich de skreaune en sprutsen taal, mar ek de byldtaal, lichemstaal en gebeartetaal. Mei kennislear en it begripen en ynterpretearjen fan boadskippen, ferburgen boadskippen, ûndûbelsinnigens, objektiviteit. Mei sosjology en hoe’t opfettings fan maatskiplike groepen oerbrocht wurde oan de rest fan de maatskippij en oarsom. En as lêste mei psychology: hoe drukt de minske syn ideeën, gefoelens, winsken út; en hoe wurde dy troch de oaren persipiearre en begrepen?

Datafisualisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarbyld datafisualisaasje

Datafisualisaasje, ek wol wittenskiplike fisualisaasje, is it fakgebiet binnen de ynformatika dat him dwaande hâldt mei it fisueel werjaan fan gegevens. It doel fan in datafisualisaasje is om gegevens ynsichtlik te meitsjen mei help fan ôfbyldings. In ienfâldich foarbyld is in grafyk fan in metten temperatuer op beskate stuiten fan de dei. Utwrydsker foarbylden binne CT-skens of MRI-skens dy’t dien wurde yn sikehuzen om fan in pasjint beskate sykteferskynsels detektearje te kinnen en diagnoazes te meitsjen. Datafisualisaasje is relatearre oan de fisualisaasje yn it algemien. Dat giet om it ta stân kommen fan útdrukkingsfoarmen en de (fisualisaasje)modellen (en klassifikaasje) dy’t dêr in rol by spylje kinne by ûntwerper en ûntfanger fan it boadskip.

Letterûntwerpen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Specimen fan in set fonts fan letterûntwerper William Caslon yn de 1728 Cyclopaedia

In lettertype is in searje tekens dy’t letters útbyldzje. In soad tekstferwurkers jouwe de brûker de kar út ferskate lettertypes te kiezen, lykas Times New Roman, Helvetica, Arial of Courier. Der binne ferskate systemen betocht om lettertypes yn te dielen. Ien sa’n systeem is de gronologyske folchoarder. Yn de 20e iuw allinnich al binne safolle lettertypes makke, dat dat systeem net foldocht. De klassifikaasje fan Vox kloppet net altyd mar omdat it wat oarder skept is it noch altyd de meast brûkte klassifikaasje.

Desktoppublishing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Desktoppublishing, of DTP, is it bewurkjen en opmeitsjen fan dokuminten foar printwurk, en dy’t dus meast bestimd binne foar publiaasje, lykas boeken, tydskriften, brosjueres, en soksoarte, mei it brûken fan in persoanlike kompjûter. Desktoppublishing software, lykas QuarkXPress of Adobe InDesign is dêr apart foar makke. Oer it generaal ferfange dy programma’s de tekstferwurkers en grafyske programma’s net, mar wurde se brûkt om de ynhâld dy’t mei dy oare programma’s makke is te sammeljen en te ferwurkjen: tekst, rasterôfbyldings (lykas ôfbyldings dy’t bewurke binne mei Adobe Photoshop en fektorôfbyldings (lykas tekeningen/yllustraasjes dy’t makke binne mei Adobe Illustrator, of CorelDraw. As it materiaal klear is foar publikaasje, kin DTP-software dy útfiere as Postscript of Adobe PDF, dy’t dêrnei troch kommersjele printers brûkt wurde kinne om drukplaten te meitsjen.

Yllustraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yllustrasje fan in sylboat

In ’yllustraasje’ is in (meastentiids) fisuele taljochting by in ferhaal of in bewearing. Meastentiids is in yllustraasje in tekening of in tapaslike foto by in skreaun ferhaal. De yllustraasje byldet dan in fragmint út sadat de ferhaalline sichtber wurdt foar de lêzer of de sfear fan it ferhaal better útkomme lit. In yllustraasje is dan in fisuele útlis of ferdúdliking. Benammen berneboeken en wittenskiplike ferhanlings wurde gauris mei yllustraasjes ferluftige.

Globaal kinne jo ferskate soarten yllustraasjes ûnderskiede:

  1. Tekeningen fan kompleksere objekten of sitewaasjes, sjoch ynfographic;
  2. Werjefte fan ynformaasje troch in kartoon
  3. Fotografy

In bysûndere foarm fan yllustrearjen is it tapassen fan ylluminaasjes.

In yllustraasje kin yn oerdrachtlike sin ek in útlis wêze by in oar ferhaal of by in presintaasje. Dêrby is de yllustraasje sels ek wer in ferhaal, dy’t lykwols as in foarbyld tsjinje kin ta ferdúdliking fan it petearûnderwerp.

Fotografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fotografy is it mei help fan ljocht en oare foarmen fan strieling meitsjen fan ôfbyldings fan foarwerpen en ferskynsels. It wurd is ôflaat fan it Gryksk en betsjut letterlik skriuwe mei ljocht. Immen dy’t (fan berop) fotografy docht neame jo in fotograaf. Foar it meitsjen fan in foto meitsje jo gebrûk fan in fotokamera. In ôfdruk fan in foarwerp dat daliks op ljochtgefoelich materiaal lein is en dêrnei beljochte, is in fotogram.

Grafyk (keunstfoarm)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grafyk, ek gravearkeunst en printkeunst, is in foarm fan byldzjende keunst, wêrby’t de keunstner allerhande druktechniken brûkt. Ek de ôfbyldings dy’t op dy wize makke wurde (de wurken) wurde grafyk (ek: gravueres op printen) neamd.

It brûken fan dy grafyske techniken troch in keunstner kin ferskate redenen hawwe, bygelyks:

  • dat der meardere ôfnimmers mooglik binne fan de makke keunst;
  • dat grafyk goedkeaper is foar de ôfnimmer;
  • dat de keunstner him yn dit medium optimaal útdrukke kin.

It tekenteltsje is in op grutte skaal foarkommende foarm fan grafyk en wurdt meastentiids drukt yn flakdruk lykas offset fjouwerkleuredruk (transparante swartfilm mei tekenwurk en tekst en in 3-kleureskildering op in blaudruk).

Kalligrafy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kalligrafy yn in 15e-iuwske bibel

Kalligrafy is de keunst fan it moaiskriuwen. Yn Sina en Japan wurdt kalligrafy noch altyd heech wurdearre, en yn Islamityske kultueren besteane gâns kalligrafearre ferzjes fan de Koran en wurde kalligrafearre spreuken út de Koran faak yn kleden ferwurke of oan it lewant hongen.


Yn Jeropa wurdt it kalligrafearjen yn ’t earstoan dien troch slaven Romeinske Ryk, letter nei it trochbrekken fan it kristendom troch muontsen yn kleasters. Yn de lettere midsiuwen ûntstiene gilden foar kalligrafen en ferluftigers (hja makken fersierings by it letterwurk). Der binne ferskate stylsoarten yn de kalligrafy: Goatysk, Romaansk, Karolysk, Beneventaansk ensfh.

Reklame[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reklame is in troch in betrokkene autorisearre oanbefelling, soms yn in medium fan in tredde, mar ek streekrjocht, fia reklameprintwurk. It is ek promoatsjen fan in produkt, tsjinst, bedriuw of idee troch in meastentiids sponsere boadskip.

By it ûntstean fan de moderne yndustriële maatskippij wurdt in flotte ôfset fan grutte tallen likense produkten, njonken in deeglike identifikaasje fan de winsken fan konsumintn, hieltyd nediger achte. Reklame, yn in breder ferbân marketing, foldie oan dy needsaak. Dêrmei fersterke se net in lyts bytsje de fierdere groei fan de yndustriële maatskippij, en late neffens mannichien ta it ûntstean fan konsumintisme: it sinleas befredigjen fan net echte winsken fan de yndustry oanpraat.

Tekenteltsjetekenjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Little Sammy Sneeze (1904-06) troch Winsor McCay

It ’tekenteltsje’ (ek ’byldferhaal’ of ’strip’ neamd) is ien fan de âldste foarmen fan literatuer. In tekenteltsje wurdt foarme troch in searje fan ôfbyldings dy’t in ferhaal foarmje. In tekenteltsje wurdt makke troch in striptekener en in senarist. Bytiden skriuwt de tekener ek it senario, bytiden wurkje mear persoanen oan it tekenwurk (sketse, inktsje, letterje) of oan it ferhaal. Yn it Amerikaansk hjit in tekenteltsje in comic, yn it Japansk in manga.

Typografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Typografy giet om it setten, printsjen en foarmjaan fan teksten, sawol foar funksjonele as estetyske doelen. Om dy doelen te heljen spylje de opmaak fan de tekstblokken, de blêdspegel en ek de kar fan lettertypes, fette en kursive farianten, wytromte en ynterpunksje in wichtige rol.

Oarspronklik wie it wichtichte medium foar de typografy it boek. Oars as foar boeken is typografy hjoeddedei net wei te tinken fan formulieren, [[Webside-ûntwerp}websiden]], ynteraktive cd-roms, reklameteksten of warskôgingsbuorden. Typografy moat rekken hâlde mei it medium en doel fan de skreaune teksten. Dy stelle ferskillende easken foar lêsberens en yn it each springen.

Webdesign[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbou webside

Webdesign is it foarmjaan fan alle aspekten fan in webside. Op ynternet binne folle mear dingen mooglik as yn âlderwetsk printwurk; dúdlike foarbylden derfan binne bewegende eleminten, ynteraksjemooglikheden, audio en fideo. Troch de technyske aspekten is in ûntwerper op it web net allinnich foarmjouwer, mar ek noch programmeur.

Foar de navigaasje op in side is de struktuer fan in webside wichtich. In reklamebrosjuere hat faak losse stikken tekst mei plaatsjes dertusken, mar websiden binne meast folle komplekser. Wikipedia jout dêr in goed foarbyld fan. It hat net allinnich in logo, in titel en tekst mei yllustraasjes, mar ek tabblêden, karmenu’s, in ynlochfunksje en in sykfunksje.

Yn ‘e regel is it de bedoeling dat de besiker fan in webside ynformaasje flot en maklik fine kin en him goed oriïntearje kin op de webside. Dêrom sil de struktuer logysk yninoar stekke moatte. In wize om oriïntaasje yn in hiërargyske webside te jaan is navigaasje, wêrby’t it troch de brûker keazen paad yn in beamstruktuer fan de webside op alle siden oanjûn is.

Grafysk ûntwerper en grafysk foarmjouwer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn tsjinstelling ta wat faak sein wurdt is der tsjintwurdich gjin of alteast amper ferskil tusken in grafysk foarmjouwer en in grafysk ûntwerper. Grafysk ûntwerper is yn wêzen krekt deselde oplieding as dy fan grafysk foarmjouwer, mar dan fersoarge troch universiteiten. Yn de praktyk komme der sels mear súksesfolle grafysk foarmjouwers/ûntwerpers fan de ferskate grafyske lyseums as dat der fan de universitêre tsjinhinger komme, wat mei te krijen hat mei it feit dat grafyske lyseums desennia mear ûnderfining ha op dit mêd as de universiteit.

Sawol de grafysk foarmjouwer as de grafysk ûntwerper fersoarget yn opdracht nei eigen ynsjoch de folsleine grafyske foarmjouwing fan útienrinnende soarten printwurk of multymedia en leit dy fêst yn in ûntwerp. Binnen it ûntwerp jout er/se de lay-out (yndieling), de typografy (lettertypes, -gruttes, kolombreedtes, rigelôfstân, ensfh.), de bylddragersoarte (papier, skermûndergrûn, ensfh.), it kleurgebrûk en de yllustraasje-/fotosoarte oan. Hiel inkeld makket er/se de yllustraasjes of foto’s sels. Faak besteget er/se de opdracht dêrfoar út oan in yllustrator of fotograaf.

Faak wurdt sein dat in grafysk foarmjouwer allinnich de grafyske foarmjouwing docht en dat it berop net betize wurde mei mei in grafysk ûntwerper. Ek wurdt steld dat in grafysk foarmjouwer mear dwaande is mei de technyk en de behearsking dêrfan as in designer artdirector of ûntwerper. Sa besiket er/se safolle mooglik te witten fan programmatuer as Adobe of QuarkXPress. Yn earder tiden wie dat fansels mear mei de film of noch earder mei leadletters. Wat kennis fan saken op dit mêd leart dat it lêste benammen binnen it takepakket fan in DTP’er (Desktoppublisher) falt wat in oplieding op himsels is.

Stúdzje fan de grafyske foarmjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jo kinne de grafyske foarmjouwing studearje oan:

Nederlân:

Oare opliedings:

België:

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eksterne links[bewurkje seksje | boarne bewurkje]