Springe nei ynhâld

Diagram

Ut Wikipedy
Sirkeldiagram
Histogram
Linediagram
Puntendiagram
Puzeldiagram

In diagram (fan it Aldgrykske διάγραμμα, diágramma) is in skematyske, grafyske werjefte fan in proses of fan in oantal grutheden en harren ûnderlinge ferbân.

Op grûn fan de foarm kinne njoggen diagrammen ûnderskiede wurde:[1] Yn alfabetyske folchoarder binne dat:

Bylddiagram
In bylddiagram is in foarm fan in stêfdiagram dêr ‘t de lingte fan de stêven mei figuerkes oanjûn wurdt.
Blokdiagram
In blokdiagram of flakdiagram is in skematyske foarstelling fan in systeem of in proses, dêr ‘t de wichtichste funksjes skematysk yn blokken oanjûn binne.
Kartogram
In kartogram is in kaart dat de geografyske ferdieling fan in bepaald ferskynsel toant.
Sirkeldiagram
In sirkeldiagram of taartdiagram is in grafyk yn de foarm fan in sirkel, brûkt om in ferdieling fan bepaalde gegevens op ienfâldige wize sjen te litten.
Histogram
In histogram of kolommendiagram is de grafyske werjefte fan de frekwinsjeferdieling fan yn klassen groepearre data, ôfkomstich út in kontinuë kânsferdieling. It toant kolommen mei oerflak ta grutte fan de (relative) frekwinsjes oprjochte boppe de klassen. In histogram jout in byld fan de kânstichtheid dêr ’t de data fan ôfkomstich binne.
Linediagram
In linediagram of linegrafyk jout yn de regel de ûntwikkeling fan in fariabele yn de tiid wer. Dit diagram wurdt faak brûkt om sjen te litten hoe ’t eat him yn de rin fan de tiid ûntwikkelt. In linediagram ûntstiet út in kolommendiagram, troch de middens fan de opfolgjende stêven mei elkoar te ferbinen.
Spriedingsdiagram of puntenwolk
In puntenwolk, of korrelaasje- of spriedingsdiagram is yn de statistyk de grafyske werjefte fan de gearhing tusken twa fariabelen yn in meardiminsjonale stekproef.
Stêfdiagram
In stêfdiagram is de grafyske werjefte fan de frekwinsjeferdieling fan data, ôfkomstich út in diskrete (kâns)ferdieling. It toant stêven mei in lytse breedte mei hichte gelyk oan de (relative) frekwinsjes oprjochte boppe de mooglike wearden.
Stroomdiagram
In stroomdiagram is in skematyske foarstelling fan in proses. Se wurde oer it generaal brûkt om in proses makliker te fisualisearjen of om fouten yn it proses fine te kinnen.

Dêrneist besteane noch:

Radardiagram
In radardiagram, spindiagram of stjerdiagram is in twadiminsjonaal diagram mei trije of mear assen fanút in selde oarsprong, wêryn meardere fariabelen kwantifisearre wurde.
Strookdiagram
In strookdiagram jout de ferdieling fan in grutheid wer yn de foarm fan in oerienkomstich ferdielde strook.
Venndiagram
In venndiagram is in grafyske represintaasje fan wiskundige samlingen en is neamd nei John Venn. Alderlei eigenskippen fan samlingen litte harren hjir goed mei illustrearje.

Trilineêr diagram

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei in trilineêr diagram kin men op in grafyske manier data werjaan dy ’t út trije ûnderdielen bestaan. Dizze ûnderdielen moatte mei inoar 100% foarmje. Der is bygelyks noait in suvere klaai-, sân- of siltboaiem (silt is klaai fan fine sânkerls). Ofhinklik fan de ûnderlinge ferhâldings is der sprake fan in klaaiboaiem, in sânliemboaiem ensfh.

Trilineêr diagram

In dendrogram of beamdiagram is in diagram mei in beamstruktuer. Yn de ynformatika betreft it in hiërargyske datastruktuer dy ’t in bysûnder gefal fan in ‘graaf’ is. Yn in beamstruktuer besteane gjin sirkelpaden en der is altiten mar ien paad fan de woartel nei in willekeurige knoop. At de struktuer skematysk tekene wurdt, docht se oan in beam tinken, fandêr de namme 'dendrogram'. In dendogram kin yn ferskate stannen tekene wurde: rjochtop, op syn kant of omkeard.

Dendrogrammen wurde ûnder oare brûkt om taksonomyske kennis mei te fisualisearjen of om sjen te litten hoe ‘t genen har klusterje yn biologysk en biogemysk ûndersyk. Dizze klusters wurde produsearre troch in klusteralgoritme (klusteranalyse). Yn in dendrogram wurdt de ûnderlinge ferbannen fan de klusters werjûn. It dendrogram jout bygelyks in byld fan de sibskippen tusken soarten.

Bekende foarbylden fan beamdiagrammen binne genealogyske stambeammen en de fylogenetyske stambeammen.

Fylogenetyske stambeam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In fylogenetyske stambeam is yn de evolúsjebiology in skema dat de evolúsjonêre skiednis fan in bepaalde groep besibbe soarten (of oare taxa) werjout. De ôfstammingsrelaasjes sels wurde de fylogeny neamd. De beam lit it patroan sjen wêrmei ’t de soarten fan in mienskiplike foarâlder ôfstamje. Yn sa ’n stambeam steane de noch besteande en ek de al útstoarne groepen.

In kladogram is in spesjaal type dendrogram dat brûkt wurdt om de evolúsjonêre relaasjes tusken groepen fan organismen wer te jaan. Yn in kladogram wurde meastentiids allinnich noch libjende groepen opnomd en hat in spesjale berekkeningstechnyk op grûn fan synapomorfyën. In kladogram hat grutte oerienkkomsten mei in fylogenetyske stambeam. In ferskil is fierders dat de tûken gjin nammen hawwe, en dat de beneamde groepen allinnich oan de úteinen fan de tûken steane.

Genealogyske stambeam fan pake en beppe

Genealogyske stambeam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Genealogyske stambeammen jouwe in histoarysk oersjoch fan de ôfstamming fan persoanen of fan de neisieten yn bepaalde famyljes. Se wurde faak fan boppen nei ûnderen lêzen, en hawwe op in soad knopen ornaris echtpearen.

Foarbyld fan in beslissingsbeam

Stroomdiagram en beslissingsbeam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In stroomdiagram of stroomskema, ek wol flowsheet of flowchart, is in skematyske foarstelling fan in proses. It wurdt oer it generaal brûkt om in proses makliker te fisualisearjen, of om fouten yn it proses fine te kinnen. In beslissingsbeam of beslisbeam is in wittenskiplik model foar de werjefte fan de alternativen en karren yn in beslútfoarmingsproses, en is in technyk út de besliskunde. De beslissingsbeam is in spesjaal soarte beamstruktuer. De beslissingsbeam wurdt yn de regel as skema werjûn. Besibbe hjiroan is de beslissingstabel, wêryn de beslútfoarmingsproblematyk yn tabelfoarm toand wurdt. In beslissingsbeam is in model foar de werjefte fan de alternativen en karmooglikheden yn in beslútfoarmingsproses, en is in technyk út de besliskunde.

Binêre sykbeam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In binêre sykbeam is in dichotome beam mei eigenskippen dy ’t derfoar soargje dat in wearde gau fûn wurde kin. Yn in binêre sykbeam hat elke knoop maksimaal twa ferwizings nei in oare knoop. Fierders hat elke knoop yn de beam de eigenskip dat alle wearden yn de linker subbeam lytser of lyk binne as de wearde yn de knoop en alle wearden yn de rjochtersubbeam grutter of lyk as de wearde yn de knoop.

Yn flora’s steane gauris determinaasjetabellen om planten op namme bringe te kinnen (identifisearje). Dizze tabellen kinne bestean út in dichotome beam mei hieltyd kar út twa ûnderskiedene skaaimerken, mar ek wol in polytome beam, mei kar út twa of mear ûnderskiedene skaaimerken.

De fekjes om taalpuzels yn te foljen wurde ek diagrammen neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wim Hartman & Jan Roos (1976) Technieken voor systeemonderzoek, Dimter : Kluwer, 1976, side 298.