Springe nei ynhâld

Blêdspegel

Ut Wikipedy
De blêdspegel fan in lofterside

De blêdspegel fan in (printe) blêdside is de yndieling fan dy side, besjoen as de ferhâlding tusken de setspegel (it beprinte part, a yn de ôfbylding) en de marzjes (net-beprinte wytrânen, b).

It bylkjen fan de blêdspegel komt út troch in tal eleminten, dêr't de wichtichste fan binne:

  • de omfang fan de setspegel: Der kin in relatyf grut part fan it papieroerflak oan marzjes bestege wurde, mar de druk kin ek mear romte nimme, en krekt in soad romte freegje foar de setspegel; by deselde lettergrutte krijt in side dan mear wurden.
  • de posysjonearring fan de setspegel: De marzjes kinne sawat itselde wêze, mar der kin ek in bysûndere, faak opfallende marzjinearring keazen wurde; ien fan de marzjes wykt dan bygelyks útwrydsk ôf yn grutte.
  • it brûken fan de marzjes: Inkeld wurde de marzjes net wyt litten, mar hawwe se kommentaar of binne der guon dy't byskriften of yllustraasjes hawwe.
  • ôfrin" by yllustraasjes wurdt inkeld oan de râne fan it papier printe (c yn de ôfbylding), sadat der by it yllustraasjepart fan de blêdspegel gjin marzje mear is; op dat plak is der ôfrinnend printwurk op de blêdspegel. De opmakker sil yn de praktyk hast altyd op syn minst 3 mm bûten de marzjes fan de blêdspegel troch wurkje sûnder dêr elemintêre ynformaasje del te setten. Troch it ôfsnijen by de biner liket it as is der sekuer oan de râne ta wurke wat komselden it gefal is. Oars soe der by de alderlytste missnijïng in sichtber wytrântsje ûntstean.

Hânskriftkunde

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de grafology wurdt oan de blêdspegel bytiden ek omtinken jûn, omdat dy ek wat fan de persoanlikheid sjen litte soe. Litte jo in soad wytromte tusken de regels, brûke jo lytse marzjes; is de loftermarzje oerdreaun grutter of lytser as de rjochtermarzje; fersmelje of ferbreedzje de marzjes har neigeraden jo leger op de side komme ensfh.