Springe nei ynhâld

Grafology

Ut Wikipedy
Hânskrift (fan Gandhi)

Grafology of skriftkunde is de pseudowittenskiplike[1] stúdzje en analize fan hânskriften en skriftbylden yn relaasje ta de minsklike psychology. De grafology is yn Nederlân skoften brûkt foar personielseleksje, of bygelyks foar it hifkjen fan houlikskandidaten foar prinsessen yn opdracht fan Keninginne Juliana.[2]

Etymology en ûntstean

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurd grafology is in gearstalling fan grafo- (fan it Grykske γραφή, ‘skriuwe’ en logy (fan it Grykske λογος, ‘wurd’), nei analogy mei wurden as astrology, refleksology.

Yn 1622 publisearre de Italjaanske fysikus Camillo Baldi as earste in wurk dêr’t er yn úthold dat it karakter fan de skriuwer ôf te lieden is út it hânskrift. Yn 1875 ferbûn de abt Jean-Hippolyte Michon de beneaming ‘grafology’ oan de hânskriftkunde, yn syn boek Système de Graphologie. In oare grûnlizzer wie Ludwig Klages (1872-1956); syn tinken en wurk hie letter ynfloed op de von weizsackeriaanske (Viktor von Weizsäcker) wize fan sjen nei wittenskip (fenomenology).

Neffens de grafology kin in hânskrift as in projeksje of ekspresje fan de persoan sels sjoen wurde. De moderne wittenskiplike psychology achtet de basis dêrfan lykwols wif. Faliditeite-ûndersyk fan grafologyske foarsizzings jout oan dat allinnich wat wearde jûn wurde kin oan it hânskrift, as der ek mei de ynhâld fan it skreaune rekkene wurdt. (boarne?). As jo lykwols proefpersoanen in neutrale tekst (stikje út ‘e krante bygelyks) oerskriuwe litte, dogge de grafologyske konklúzjes it net better as it sûne ferstân.(boarne?) Dêrom is it it doel in spontane tekst te skriuwen yn it rinnende hânskrift dêr’t de ynhâld fan yn prinsipe gjin rol spilet. De meast brûkbere hânskriften dy’t produsearre binne, binne dy doe’t de skriuwer der net mei op ‘e hichte wie dat se analisearre wurde soene.(boarne?)

Ek yn de grafology fynt men guon hânskriften net geskikt, bygelyks fan in net-belêzen, ferkrampe âldere dy’t te bot syn lichaamlike swakte projektearret yn in troch oerdreaun besykjen slim triljend skrift.(boarne?) Ek hânskriften fan jongerein oant 18 jier binne net geskikt foar persoanlikheidsanalize omdat harren aard dan noch net hielendal foarme is.(boarne?)

Yn 1953 waard Frits Böttcher op útstel fan in befreone heechlearaar psychology bûtengewoan heechlearaar grafology yn Leien, njonken syn heechlearaarskip fisyske skiekunde. Nei sawat fiif jier joech er dat bûtengewoan heechlearaarskip op ûnder de oprinnende druk fan Nederlânske psychologen tsjin dizze dissipline. Dêrmei wie er yn Nederlân de earste en daliks ek de lêste heechlearaar grafology.(boarne?)

Ferskil mei forinsyske skriftekspertize

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grafology wurdt yn de deistige praktyk gauris betize mei forinsyske skriftekspertize. Dy twa dissiplines hearre lykwols útinoar holden te wurden. In grafolooch kin útspraken dwaan oer eigenskippen fan de skriuwer, mar jout gjin oardiel, as de fraach him foardocht oer oft twa hânskriften al dan net troch ien en deselde skriuwer produsearre binne. Dat is it terrein fan de forinsysk skriftsaakkundige. Sa’n saakkundige docht ûndersyk nei de identiteit fan de skriuwer fan in skrift dêr’t oer ‘striden’ wurdt. Yn de deistige praktyk giet it dêrby om fragen as ‘Troch wa fan in groep yn de beneaming kommende persoanen is in driichbrief skreaun?’ of ‘Is de hânteken op de keapoerienkomst al of net in echte hânteken?’ en sokssawat. Om dy fragen te beäntwurdzjen, wurdt it hânskrift dat yn ‘e kiif stiet ferlike mei skrift, dêr’t it komôf dúdlik fan is. Der wurdt ek wol praat oer ferlykjend skriftûndersyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Graphology Is Serious Business in France : You Are What You Write?
  2. De Telegraaf

keppelings om utens