Mahatma Gandhi

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mahatma Gandhi

Mohandas Karamtsjand Gandhi, byneamd Mahatma dat yn it Sanskryt grutte siel betsjut, (2 oktober 1869New Delhy, 30 jannewaris 1948) wie in Yndiaask nasjonalistysk lieder. Mahatma Gandhi wie ien fan de grûnlizzers fan de moderne steat Yndia en foarstanner fan aktive geweldleasheid as middel foar de revolúsje.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Gandhi waard op 2 oktober 1869 berne yn Porbandar, in doarpke yn de steat Gujarat, as soan fan de diwan (haaddminister) fan de provinsje Porbandar. Op jonge leeftyd giet er nei Ingelân ta foar in stúdzje rjochten en yn 1893 ferfard er nei Súd-Afrika, dêr't hy him festige as abbekaat. Yn Natal set er him yn foar de Yndiaaske befolkingskloft en as lieder rint er foarop yn de striid tsjin de efterútsetting troch de blanken.

Yn 1914 giet Gandhi werom nei Yndia en hâld er him ek dêr aktyf dwaande mei de polityk, ein 1921 waard hy foarsitter fan de Kongrespartij. Hy komt oan it haad te stean fan in beweging dy't mei in polityk fan geweldleasferset "non-cooperation" en "civil disobedience" striid foar ûnôfhinklikens. Hy set de Yndiaaske befolking oan de Britske ekonomy te boykotten troch gjin Britske goederen mear te keapjen en propagearet it sels spinne fan tekstyl. It sels spinnen hat ek as doel de boeren in oanfoljend middel fan libbensûnderhâld te jaan en it fergrutsjen fan de ienigens tusken syn folgelingen dy't sawol út moslims as hindoes besteane.

Syn duldsume aksjes yn de jierren tweintich en tritich liede in oantal kearen ta finzenskip. Ek yn de finzenis ferset er him tsjin it Britske bewâld en brûkt it middel fan hongerstaking om te protestearen en druk út te oefenjen. As de Twadde Wrâldkriich útbrekt set Gandhi syn easken foar ûnôfhinklikens mear krêft by troch it útskriuwen fan de "Quit India"-resolúsje dêr't hy de Britske regearing yn fersiket Yndia te ferlitten. Dit stânpunt wie ek binnen syn eigen Kongrespartij omstreden. De "Quit India"-kampanje wie de grutste en meast massale beweging foar ûnôfhinklikens ea. Yn de kampanje fûn massa-arrestaasjes plak en wied er op grutte skeal geweld.

Yn 1947 kriget Yndia ûnôfhinklikens. Gandhi wegert elts polityk amt, mar bliuwt him wol ynsetten foar gearwurking tusken de Islamiten en Hindoes. Lykwols leit er him del by de ferdieling fan Yndia en Pakistan. Troch in ekstremistyske hindoe wurdt er yn 1948 yn New Delhi fermoarde.

In bekende siswize fan Gandhi is: "De wrâld biedt genôch foar eltsenien ferlet, mar net foar eltsenien begearigens"

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]