Springe nei ynhâld

Geweldleasheid

Ut Wikipedy

Geweldleasheid is in opfetting oer moraal, macht en konflikten dêr't it brûken fan geweld om sosjale of politike doelen te beriken yn ôfkard wurdt. Hoewol't de term geweldleasheid faak as synonym brûkt wurdt fan pasifisme, hat it healwei de 20e iuw dochs syn eigen betsjutting krige.

As middel yn de striid foar sosjale ferwurvenheden wurdt geweldleasheid meastentiids assosjearre mei de kampanje eartiids foar de Yndyske ûnôfhinklikheid laat troch Mahatma Gandhi, en de striid foar boargerrjochten foar de Afro-Amerikanen laat troch Martin Luther King. Mahatma Gandhi is de grutte inspirator foar de fjirtjinde dalai lama Tenzin Gyatso om autonomy yn Tibet en dy't ek geweldleas fiere wurdt.