Drukkerij

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Offsetdruk yn in drukkerij
Skiednis fan de
boekdrukkeunst
Blokdruk 200 f.Kr.
Losse letters 1040
Drukparse 1453
Ets ± 1515
Mezzotint 1642
Akwatint 1772
Litografy 1796
Gromolitografy 1837
Rotaasjeparse 1843
Stinsel 1869
Leadsetten 1884
Mimeograaf 1886
Kopiearapparaat 1907
Seefdruk 1910
Matrizedruk 1923
Kserografy 1938
Fotosetwurk 1949
Inket(snjit)printer 1951
Kleurstofsublimaasjedruk 1957
Matriks(nulle)printer 1968
Laser(ljocht)printer 1969
Termoprinter ± 1972
3D-printer 1984
Digitale printer 1993

In printerij of drukkerij is in wurkstee foar typografyske wurk, benammen it printsjen mei in drukparse. Yn in drukkerij kinne ien of mear drukparsen stean, fan in minyparske foar etiketten of besitekaartsjes oant in tsientallen meters lang mearkleure-parse.

Al foar de útfining fan de boekdrukkeunst yn Dútslân wie it fermannichfâldigjen fan yllustraasjes en tekst mei help fan in út hout sniene drukfoarm bekend. Yn de fyftjinde iuw kaam it printsjen fan leaden letters yn swang. It âldste type drukparse is de degelparse. Papier wurdt mei help fan in plaat (degel’) op de inke drukfoarm printe, dêr’t in ôfdruk troch ûntstiet. Yn de rin fan de iuwen is de degel modernisearre. Letter waarden silinderparsen en rotaasjeparsen makke dêr’t de produksjefaasje ûnbidich grutte troch waard.

Yn de tweintichste iuw kaam it offsetprosedee yn swang. Tsjintwurdich komt benammen de digitale printtechnyk op wêrby’t it bestân streekrjocht fan in kompjûter nei in (grutte) printer stjoerd wurdt en sa ôfprinte. Dêrnjonken binne der parsen foar folydruk, djipdruk, seefdruk en tampondruk.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]