Printer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skiednis fan de
boekdrukkeunst
Blokdruk 200 f.Kr.
Losse letters 1040
Drukparse 1453
Ets ± 1515
Mezzotint 1642
Akwatint 1772
Litografy 1796
Gromolitografy 1837
Rotaasjeparse 1843
Stinsel 1869
Leadsetten 1884
Mimeograaf 1886
Kopiearapparaat 1907
Seefdruk 1910
Matrizedruk 1923
Kserografy 1938
Fotosetwurk 1949
Inket(snjit)printer 1951
Kleurstofsublimaasjedruk 1957
Matriks(nulle)printer 1968
Laser(ljocht)printer 1969
Termoprinter ± 1972
3D-printer 1984
Digitale printer 1993

In printer printet teksten of plaatsjes op papier.

Nulleprinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

nulleprinter-meganisme

De matrix printer hie in printkop mei njoggen (de matriks bestie út njoggen punten) en letter mei fjouwerentweintich (de matriks hie fjouwerentweintich punten) nullen. Dy lêste fariant joech dus skerpere printen. De nudles pripten op in inketlint en sa kamen der stipkes op it papier. Om’t it inketlint yn in kassette siet, joech soks al folle minder gegriem as by de skriuwmasine. Wol rûn de kwaliteit fan it printsjen stadich efterút.

Inket(snjit)printer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De inkjet printer spuitet de inket, salang’t dy der is, mei deselde dikte op papier. Yn sa’n printer moat in inketpatroan en dêr sit de oast, dy binne prizich. Inketpatroanen binne der yn ferskate fariaasjes. Der binne dy't alle trije kleuren (RGB-ried-grien-blau) yn ien patroan hawwe. Yn sa'n gefal is it patroan gau ta weismiten keard as bygelyks it read op is. Der binne ek inketprinters dy't foar alle kleuren in oar patroan hawwe. Yn dat gefal kin maklik ien fan de patroanen ferfongen wurde as dy kleur op is, sûnder dat de oare patroanen weismiten hoege te wurden. By printers dy't RGB-patroanen hawwe wurdt it swart opboud út in kombinaasje fan RGB. Der binne ek printers dy't it swart yn in apart patroan hawwe sadat dy kleur net opboud hoecht te wurden út de RGB-rige. Ferlykje dus by oankeap èn de prizen fan de patroanen (en sjoch oft it om ien kombinearre patroan of om foar elke kleur in apart patroan giet) èn dy fan de printers. Patroanen dy’t yn mear as ien model brûkt wurde kinne, kinne jo faak as werfolpatroan krije. Soks skeelt in soad jild en ús miljeu net te ferjitten. Leveransiers fan printers warskôgje wol dat it foar de printer net it bêste is.

Ljochtprinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Laser Jet Printer

Yn kantoar- en bedriuwsomjouwings is de laserprinter de meast brûkte printer. De laserprinter wurket mei tonerkassettes dy't in gâns gruttere produksje mooglik meitsje as de inketpatroanen fan in inketprinter. Boppedat leit de printfaasje gâns heger (ien fel A4 de sekonde is al lang gjin útsûndering mear). De measter laserprinters hawwe ek gâns gruttere papierkassettes as de inketprinter. Hoewol't inketprinters hjoed-de-dei (2007) ek kwalitatyf goede prints leverje binne de prints fan laserprinters oer 't it generaal skerper. Sjoch by it oantugen fan in printer dan ek net allinich nei de priis fan de printer mar ek nei hokker produktiviteit it apparaat leverje moat. It kin al gau sa wêze dat in laserprinter yn gebrûk foardieliger is as in inketprinter.

Der binne ek laserprinters dy't yn kleur printsje.

Foar thúsgebrûk foldogge dizze printers en de inketsnjitprinters troch de bank nommen skoan. Dochs is it hjoeddedei 2017 sa dat it by justjes gruttere oplagen (tink oan struimateriaal foar ferienings ensfh.) faak foardieliger is om it út te besteegjen oan in ekstern printbedriuw.

Printallyk (of LiPa)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad kompjûterprogramma’s wurkje hjoed de dei neffens it systeem fan printallyk. Oare programma's jouwe de mooglikheid in foarfertoaning fan sa'n printallyk te meitsjen. Dy metoade (Ingelsk: WYSIWYG - What-You-See-Is-What-You-Get) pretindearret dat wat jo op op it skerm sjogge krekt sa út de printer komt. Mei oare wurden: Op it skerm soene jo al krekt besjen kinne oft ien en oar goed op papier komme sil. Dat is lykwols lang net altyd wier want de fertaalslach dy't in kompjûter meitsje moat nei in skerm is altyd in oarenien as de fertaalslach nei in printer. It moat dan ek net mear as yndikaasje sjoen wurde. De terms printallyk en WYSIWYG binne dan ek slim misliedend en soargje foar mannich teloarstelling. De term SePa (it-SEems-to-be-PAper) hie dan ek bettter te plak west. Yn it Frysk hie dat dan LiPa (it-LIket-wol-PApier-) wurde kind.
Ut boppeneamde reden wolle profesjonele printers sokke bestannen net ferwurkje en easkje in (certified) PDF (Portable Document Format). In soad moderne tekstbewurkingsprograms binne by steat sa'n bestân te generearjen. Tagelyk kin fêststeld wurde dat it WYSIWYG fan de hjoeddeiske tekstferwurkers 2017 wol sa fier is dat it yn 99,9% fan de gefallen ek WYSIWYG is.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]