Springe nei ynhâld

Kserografy

Ut Wikipedy
Skiednis fan de
boekdrukkeunst
Blokdruk200 f.Kr.
Losse letters1040
Drukparse1453
Ets± 1515
Mezzotint1642
Akwatint1772
Litografy1796
Gromolitografy1837
Rotaasjeparse1843
Stinsel1869
Leadsetten1884
Mimeograaf1886
Kopiearapparaat1907
Seefdruk1910
Matrizedruk1923
Kserografy1938
Fotosetwurk1949
Inket(snjit)printer1951
Kleurstofsublimaasjedruk1957
Matriks(nulle)printer1968
Laser(ljocht)printer1969
Termoprinter± 1972
3D-printer1984
Digitale printer1993
Skematyske werjefte fan it kserografyproses

Kserografy (ôflaat út it Gryksk, letterlik drûch skriuwe) is in proses dat brûkt wurdt yn kopiearapparaten en yn Laser(ljocht)printers.

By moderne (digitale) kserografy wurdt in kopy skend mei in lampe. Dat ljocht wurdt troch spegels en in lins yn in CCD laden. Dêrnei wurdt de ôfbylding omset yn ienen en nullen (digitaal). Tagelyk wurdt in filmlaach dy’t op in rôle (drum) sit laden mei in lykmjittige negative statyske lading. Dêrnei wurdt de rôle beljochte mei de ôfbylding fan it orizjineel (black printing). Op de plakken dêr’t in soad ljocht falt, lekt de elektryske lading fuort. Dêrnei wurdt toner (in hiel fyn poeier) op de rôle oanbrocht troch in developer (in magnetysk laden rôle dêr’t toner yn mjukse wurdt mei lytse izerbaltsjes), dy’t allinnich op de laden stikken fan de rôle (dy’t yn it orizjineel dus ek donker wiene) troch de elektrostatyske oanlûkingskrêft klibjen bliuwe. Dêrnei wurdt in leech fel papier sterker laden mei in positive lading en by de rôle lâns fierd. It papier lûkt de toner fan de rôle oan en sa ûntstiet de kopy. De toner leit no noch los op it fel papier. Troch it papier by in waarmteboarne (fuser) lâns te fieren raant de toner fêst op it papier en is de úteinlike kopy (of print) klear. Dêrnei wurdt de drum skjinfage fan residu-toner en mei ljocht wer neutralisearre.

It resultaat fan kserografy sjocht der och sa kreas út, hast as echt drukwurk. De hâldberens is lykwols lyts. Opelkoar lizzende ôfdrukken plakke nei in tal jierren oanelkoar.