Drukparse

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skiednis fan de
boekdrukkeunst
Blokdruk 200 f.Kr.
Losse letters 1040
Drukparse 1453
Ets ± 1515
Mezzotint 1642
Akwatint 1772
Litografy 1796
Gromolitografy 1837
Rotaasjeparse 1843
Stinsel 1869
Leadsetten 1884
Mimeograaf 1886
Kopiearapparaat 1907
Seefdruk 1910
Matrizedruk 1923
Kserografy 1938
Fotosetwurk 1949
Inket(snjit)printer 1951
Kleurstofsublimaasjedruk 1957
Matriks(nulle)printer 1968
Laser(ljocht)printer 1969
Termoprinter ± 1972
3D-printer 1984
Digitale printer 1993
Degelparse, 1811

In drukparse wie oarspronklik in stik hânark dat brûkt waard om teksten of ôfbyldings yn oplage mei te fermannichfâldigjen. De âldste drukparsen makken ôfbyldings foar spylkaarten. Dy wiene om 1050 hinne yn Sina yn gebrûk.

De earste Jeropeeske drukparsen ûntstiene om 1350 hinne yn Easteryk, yn Wenen of yn Salzburg.

In drukparse is in masine dy't brûkt wurdt om tekst en/of ôfbyldingen yn oplage te fermannichfâldigjen.

It âldste type drukparse yn Europa is de degelparse. Dizze bestiet út in stellaazje fan in ûnderplaat dêr't de drukfoarm op leit en in boppeplaat (degel). De drukfoarm wurdt mei de hân yninkte. Dan wurdt der in fel papier op de drukfoarm lein. De degel kin mei help fan in spindel omleech draaid wurde oant op de drukfoarm. Troch it oandraaien fan de degel tsjin it papier ûntstiet de ôfdruk. De âldste Europeeske drukparsen binne te sjen yn it Plantin-Moretus museum yn Antwerpen. It Frysk Grafysk Museum op De Jouwer hat in grutte kolleksje op it mêd fan drukken.

Yn de rin fan de iuwen is de degel modernisearre. Letter waarden silinderparsen en rotaasjeparsen ûntwikkele wêrtroch't de produksjesnelheden folle heger waarden.

Yn de tweintichste iuw kaam it offsetprosedee yn swang. Dêrneist besteane der parsen foar folydruk, djipdruk, seefdruk en tampondruk.


Losse letters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Súd-Dútslân waard om 1450 hinne foar it earst gebrûk makke fan losse letters om teksten te foarmjen dy’t dan printe wurde koene, dat stiet bekend as de boekdrukkeunst. De man dy ferneamd waard mei dy ynnofaasje wie Johannes Gutenberg. Syn bekendste wurk is de Gutenbergbibel. Súd-Dútslân, Basel en Feneesje wiene de wichtichste sintrums foar printe wurk yn it tiidrek 1470-1550. Der wiene ferskate printers aktyf en de ûnderwerpen fan it printe wurk wiene tige ferskillend.

De drukparse hat de fersprieding fan ynformaasje in nije diminsje jûn. Foarhinne wiene alle boeken hânskreaun en dat wie och sa kostber en bewurklik. Mar in bytsje minsken hiene ien of mear boeken yn besit. Om it yn in kontekst te setten: de ferneamde bibleteek yn Aleksandrië hat ‘mar’ 4.000 boeken ofwol hânskriften. (boarne?)

De drukparse makke ynformaasje breed tagonklik. De renêssânse hat in ekstra ympuls krige troch de útjeften fan klassike wurken foar in breed publyk. Yn dat tiidrek wie Latynsk in gongbere taal foar publikaasje. Thomas More skreau ‘Utopia’ yn it Latyn. Ek Erasmus skreau syn 'Laus Stultitia', yn midsiuwsk Latyn, net yn klassyk Latyn. Erasmus liet syn boeken printsje yn Bazel. De folgjende stap wie om yn de folkstaal te skriuwen lykas Dante al dien hie mei syn Divina Commedia.

Gallerij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Buringh, Eltjo; van Zanden, Jan Luiten: "Charting the “Rise of the West”: Manuscripts and Printed Books in Europe, A Long-Term Perspective from the Sixth through Eighteenth Centuries", The Journal of Economic History, Vol. 69, No. 2 (2009), pp. 409–445 (417, table 2)
  2. 2,0 2,1 2,2 Incunabula Short Title Catalogue, rieplachte op 2 maart 2011