De Jouwer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Jouwer
Flagge fan De Jouwer Wapen fan De Jouwer
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Jouwer
Gemeente Skarsterlân
Ynwennertal (2005) 296
Webstee
himrik fan De Jouwer

De Jouwer, it haadplak fan Skarsterlân, is in flekke, in plak dat eartiids mear rjochten hie as in doarp, bygelyks merkrjocht, mar dat gjin stedsrjocht hie. De Jouwer hat 12.921 ynwenners (1 jannewaris 2005).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jouwer is yn de Midsiuwen ûntstien as útbuorren fan it tsjerkedoarp Westermar, dêr't allinnich de toer op it krekt sa neamde âlde tsjerkhôf noch oan tinken docht. De Jouwer ûntstie op in sânrêch op in krusing fan wetterwegen neist it eardere doarp Westermar. It plak is fanâlds gjin stêd, mar ek wer te grut om in doarp neamde wurde te kinnen. Nei Ald-Fryske tradysje wurdt sa'n plak in vlecke neamd. Oer de oarsprong fan de namme De Jouwer binne ferskate teoryen. Fakentiden wurdt tocht dat it fan de nôtsoarte hjouwer komt In oare teory is lykwolsdat it fan it wurd ghebhara komt, dat Germaansk foar wetter is. De lêste is wierskynliker, fanwege de wetterrike omkriten fan De Jouwer. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke De Jouwer diel út fan de eardere gemeente Haskerlân, wêr't it it haadplak fan wie.

De Flecke

Ten easten fan De Jouwer lizze de Haulsterbosken. Yn 1466 krige De Jouwer merkrjocht en yn 1492 kaam dêr it rjocht om in jiermerk te hâlden by. Sa ûntstie de Jouster Merke, in ferneamde jiermerk dy't noch alle jierren de fjirde tongersdei fan septimber hâlden wurdt.

It winkeltsje fan Egbert Douwes.

Keapjlu en ambachtslju kamen nei de merk, en trochdat in part fan harren har yn de Jouwer nei wenjen sette woeks De Jouwer. Ien fan de Jouster keaplju wie Egbert Douwes, dy't yn 1753 in winkeltsje yn kofje, tabak, tee en koloniaal guod iepene, wat útwoeks ta Douwe Egberts. De oanwêzigens fan ambachtslju late ta de ûntwikkeling fan yndustry, lykas klokmakkerij en skipsbou, wat wer mear spesjalisearre ambachtslju oanluts, lykas koperslaggers. Hjirút kaam om 1900 hinne wer in bloeitiid fan it goud- en sulversmeien. Yn 1900 is Penninga's mole boud.

Ballonfeesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opstigen ballonnen op de Nutsbaan

Fierder is De Jouwer ferneamd om har Fryske Ballonfeesten en it grutte tal loftballonbedriuwen. De Jouwer wurdt dan ek wolris 'Balloon City' neamd.

De woansdei as de ballonfeesten begjinne wurdt ek de Boerebrulloft hâlden, mei as mûglik in echte trouwerij. Ek wurdt der dy dei hurddraafd en middeis is der ringriden.

De Fryske Ballonfeesten wurde al fan 1985 ôf hâlden. Der stige elke dei sa'n 35 hiteluchtballonnen op fan de Nutsbaan op De Jouwer. Alle jierren binne der in protte toeristen om it evenemint te besjen. Neist it omheech gean fan de ballonnen binne der ek altyd optredens fan artysten.

Midstrjitte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De histoaryske Midstrjitte foarmet it hert fan de Jouwer. Dizze winkelstrjitte is fan 2001-2004 alhiel fernijd en kin wer besjen lije. Oan dizze Midstrjitte stiet ek de Jouster Toer. Oan de ein fan de Midstrjitte is it park mei dêryn it gemeentehûs. It gemeentehûs is fêstige yn de Herema State.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wenwiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op De Jouwer binne 8 wenwiken (fan âld nei nij).

Yndustryterreinen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op De Jouwer binne 5 yndustryterreinen (fan âld nei nij).

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsgroei
plan Wyldehoarne

De befolkingsoantal is sûnt de jierren 1950 fertrijefâldige. Yn de tsien jier fan 1993 oant 2003 binne der dan ek mear as 1000 ynwenners by komd. Dit is foar fryske begripen in hiel soad. It sakjen fan de oantallen nei 2003 komt troch it sluten fan it asylsikerssintrum.

Ferneamde Jousters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • By De Jouwer oan de A7 by natoergebiet De Twigen komt it grutste iperen-arboretum fan Europa. Yn de 20e iuw stoar hast 90% fan de iperenbeammen. Yn it nije park komme mear as 40 ferskillende soarten ipen te stean.
  • De Jouwer hat syn eigen skûtsje yn de SKS-kompetysje. Skipper is Dirk-Jan Reienga.

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant de jierren tritich fan de tweintichste iuw lei De Jouwer oan it spoar en koe men mei de tram nei Snits, De Lemmer en It Hearrenfean ride.

Skipswerf De Jong

Alle linen wurde riden troch Connexxion.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten fan De Jouwer.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]