Springe nei ynhâld

Q-liner

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Arriva Q-liner op it busstasjon yn Utert yn de griene kleur

De Q-liner is in flugge bus dy't sûnt jannewaris 2003 yn de noardlike provinsjes fan Nederlân rydt. Ferfierder Arriva betocht de Q-Liner as alternatyf foar de Interliner, in flugge busformule fan de VSN-Groep dy't yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw troch hast alle Nederlânske streekferfierders brûkt waard.

Connexxion woe yn de takomst as ienige de hannelsnamme Interliner brûken bliuwe, dus moasten oare ferfierders oare nammen foar harren bussen brûke. Doe't Arriva it busferfier yn in part fan Súd-Hollân útfiere soe, waard dat de Q-liner, wêrby't de Q foar Quality stiet.

Letter hat Arriva de namme Q-Liner yn de noardlike provinsjes oerdroegen oan de OV-autoriteiten, dêr't troch de namme ek troch oare ferfierders brûkt wurde kin.

Arriva wie foar 2005 de iennige ferfierder dy't de namme Q-Liner brûkte. Sûnt 1 july 2005 brûkt Connexxion de namme ek foar de flugge bus Lelystêd - Grins (line 315). Dy line waard yn it earstoan noch troch beide Arriva en Connexxion riden ûnder de namme Interliner. De line is lykwols oanbestege troch de OV-autoriteiten yn Fryslân, Grinslân en Flevolân, wêrby't as eask gou dat de namme Q-Liner brûkt wurde moast troch de nije ferfierder.

Om yn de ferskillende produktformules dochs noch wat unifoarmiteit te krijen, waard yn 2004 it 'HOV-taryf' ynfierd op de Griene Interliners en op de Q-liners. Dat taryfsysteem is basearre op it NS-taryf mar is net mear útwikselber. By it HOV-taryf binne de nasjonale ferfierbewizen ek jildich yn kombinaasje mei in taslachkaartsje, mar dan allinnich op de koartere ôfstannen. D.w.s. in maksimum fan 18 sônen (19 strippen) of 6-stjerren. In netmoannekaart is dus net jildich op de Q-liner.
Troch de yntroduksje fan de OV-chipkaart is it HOV-taryf kommen te ferfallen.