De Skien (De Jouwer)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skien (De Jouwer))
De Skien op De Jouwer
De Skien yn 2019

De Skien is in strjitte op De Jouwer. De Skien is hast in kilometer lang en ferbynt De Merk by Park Ter Huivra mei de rotonde yn de Sewei.

De dyk lei eartiids op de grins fan Doanjewerstâl, tusken De Jouwer en Ousterhaule. Skien soe wolris in ferkoarting wêze kinne fan 'skieding'. De dyk kearde oant de achttjinde iuw it wetter út Haskerlân.

De Skien waard foar de oarloch noch Skiendyk, Lemsterdyk, Nije Dyk, Krúswei en Skienewei neamd en yn it Nederlânsk Scheen(weg). Bylâns de Skien wiene foar de Twadde Wrâldoarloch sleatsjes en brechjes, krektas by de noardliker lizzende Hurddraversdyk. Oan de dyk stiene de kristlike MULO. Yn 1928 waard oan de Skien de Jouster Wettertoer boud. Efter de wenningen oan de Skien lei de trambaan, dêr’t alle dagen in soad trams fan en nei De Lemmer en Snits oer rieden. De dyk waard foar de oarloch ferhurde.

Yn 1967 waard it krúspunt mei de Rykswei 43 ferbettere. Dat wie nedich nei de ferdûbeling fan de rydstroken. Dêrtroch waard ek in tunnel oanlein foar fuotgongers en fytsers. De tunnel kaam út by de ‘Skienpleats’ fan Holtrop oan de Roazebosk. Yn 1993 is de Skien renovearre.

Yn 2017 waard de Hollandiatunnel ûnder de A7 troch ferbrede. De tunnel leit yn de Hollandiastrjitte dy’t de rotonde oan de Skien ferbynt mei Skarsterbrêge. Lykas dêrfoar krigen fytsers en fuotgongers in eigen rydbaan.

Foto's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: