Turf (brânstof)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Turfstekken
Turven
Kroade mei turven
Turffjoer

Turf is droege fean dat eartiids as brânstof brûkt waard.

It brûken fan fean as branje is al tige âld. De Romein Plinius maior beskreau yn Historia Naturalis dat de Sjauken fan modder ballen draaiden en dy as brânstof brûkten. Sûnt de Midsieuwen waard fean yn de foarm fan turf as brânstof brûkt. Yn sompe- en feangrûnen foarmje de ôfstjerrende planten in soarte grûnstof dy't útspitten waard (turfstekke) en te droegjen lein waard op de saneamde stripen. De útstutsen turf waard faak mei platboaiemskippen troch de saneamde wiken nei de opslach fard. De stof wurde brûkt as brânstof. De turf út it heechfean wie oer it generaal fan bettere kwaliteit as turf út leechfean.

Turf yn Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Noardwest- en West-Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Yn Hollân, Flaanderen en omkriten wie turf oant de komst fan de stienkoal yn de 19e ieu de wichtichste brânstof. Omdat de waaksende stêden in soad ferlet hienen oan dizze brânstof waard turf yn West-Nederlân op grutte skaal út feanplassen baggele. Sa binne in soad grutte plassen ûntstien (bygelyks de Nieuwkoopse Plassen en de Vinkeveense Plassen). De Haarlimmermar koe mei troch turfwinning oan de ouwers en golfslach waakse ta de grutste mar yn Hollân. In protte plassen binne letter ynpoldere om it ferlies oan lân binnen de perken te hâlden. Oare plassen út dy tiid binne lykwols noch oanwêzich en waarden natoerreservaten. Yn Fryslân is dat noch te sjen yn It Damshûs yn Nij Beets. Yn De Deelen en by Earnewâld yn De Alde Feanen is oan it lânskip mei wetter en stripen goed te sjen dat der turf stutsen is.

Noardeast-Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Yn Noardeast-Nederlân en it oanswettende Dútske gebiet lei in grut sompegebiet, it Bourtanger Moor. Troch it út de stêd Grins wei stiftsjen fan de saneamde Grinslanner Feankoloanjes sûnt 1600, waard it gebiet stadichoan ûntgûn foar de ikkerbou. De wûne turf waard ferkocht as brânstof.

Dat proses is yn it Nederlânske diel trochgien oant ûngefear 1980 doe't eastlik fan Emmen de lêsten kommersjele feanterij sluten waard. Turf waard ferkrongen troch oare fossile enerzjyboarnen as oalje en gas en stadichoan in ûnbelangryk produkt foar de feanterij. Potgrûn en aktive koal (troch Norit) waarden de wichtichste opfolgers. Noch altiten wurdt fean as brânstof hjirfoar brûkt, allinnich wurdt it no op oare plakken yn Europa wûn. Dútslân en hieltiten mear de Baltyske lannen binne de grutste leveransiers.

Yn Barger-Compascuum wurdt yn it Feanpark de skiednis fan de turfwinning yn súdeast-Drinte noch libben holden.

Eigenskippen[bewurkje seksje | edit source]

droege parse
soartlik gewicht (kg/m3) 160-200 200-400
stookwearde (MJ/kg) 11-14 15-17


Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]