Nij Beets
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Opsterlân | ||||
Ynwennertal (2015) | 1.678 | ||||
Webstee |
Nij Beets is in doarp yn de gemeente Opsterlân, west fan Beetstersweach. It doarp hat likernôch 1.691 ynwenners (2005). It Polderhaadkanaal rint troch it doarp. De namme Nij Beets komt fan it tichtby lizzende buorskip Ald Beets dat eartiids gewoan Beets hiet en in doarp wie.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nij Beets is stifte yn 1863 troch de feanarbeiders. De feanarbeiders kamen om 1860 hinne nei Nij Beets om it fean fan harren (fean)bazen ôf te graven en der dêrnei turf fan te meitsjen. De delsetting lei yn de himrik fan it âlde doarp Beets.
Troch de feanen rûn in wichtige ferbiningswei nei Utingeradiel, de Zeveinsweg; noardliker lei de Ga Weg - no de Prikkewei - yn it doarp. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland (1788): Den rydweg, die van Beetsterzwaag door dit Dorp en voorts naar 't Westen loopt, onder den naam van rechte Zeveins weg en dien van Ga weg; gaande de laatste geheel tot aan Utingeradeels grenzen, door de laage landen, die de Beetster Hooi- en Maadlanden worden genaamd. Verder Zuidoostwaards [...] liggen hooi- en weidlanden, bekend by den naam van Wester Buure Vennen, na welke de Marschen volgen.
Yn 1831 waard in nije strjitwei, de Nije Leppedyk - no de Domela Nieuwenhuiswei - tusken de Zeveinsweg en de Gean Wei oanlein. De lannen gienen fan 1863 ôf op de skeppe. Tweintich jier liet it lânskip in ôfwikseling fan stroken woeste grûn, healannen en turflannen sjen. Der waard benammen oan de Prikkewei boud, oan de eastside fan de Skipsleat en benoarden fan de Nij Beetsterfeart. Sûnt ein 19e iuw kaam de ûntginning fan de útfeante grûn stadichoan op 'e gleed.
Yn 1891 waard in houten tsjerkje boud. Yn 1908 koe oan de Skipsleat in stienen herfoarme tsjerke boud wurde. Yn 1917 folge oan de Prikkewei in grifformearde tsjerke. Fan de iere organisearre folkswenningbou binne de rige fan tweintich út 1921 oan de Swynswei (de eardere Zeveinswei) en it streekje fan tolwe dy't yn 1938 en 1940 oan in sydpaad fan de Domela Nieuwenhuiswei kamen, goede foarbylden.
Koloanje Frij Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1903 waard de koloanje Frij Fryslân yn Nij Beets stifte mei Jan Hoen as foarman. De koloanjes yn Bussum (Walden) en Blarikum (Ynternasjonale Bruorskip) wienen it foarbyld. Frederik van Eeden (skriuwer) makke as stifter fan Walden propagandatochten oer de ideeën fan mienskiplik grûnbesit. Yn de earmoedige omkriten fan Nij Beets gienen sokke ideeën der yn as in preek yn in âlderling. Lykas ek yn dy oare koloanjes mislearre it eksperimint; yn 1908 kaam in ein oan de koloanje Frij Fryslân. De Van Eedensrtjitte en de Hoenstrjitte yn Nij Beets binne nei de beide manlju neamd.
Damshûs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side It Damshûs.
Krekt yn Nij Beets is de skiednis fan de feanterijen sichtber yn it leechfeanterijmuseum 'It Damshus', dêr't in ienkeamerwente oan de Skipsleat in orizjinele kearn fan is. De feanarbeiders fertsjinnen suver neat en moasten wenje yn houten krotten (dy't se faak sels timmerje moasten) of op wêr't earst turf op ferfierd waard mar dy't net mear brûkt wurde koenen foar turffarren. Fan de boaten waard in húske makke of op de boaten waard in hûs makke. It Sudergemaal waard yn 1924 boud en wie ien fan de earste elektryske gemalen yn Fryslân.
Gea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nij Beets leit yn in polderlânskip, sadat der net folle horizonfersmoarging is mar wol moaie fiersichten. Troch Nij Beets rint it Polderhaadkanaal. It rint fan de Feanhoop ôf troch Nij Beets oant de Nije feart by De Ulesprong. By de Feanhoop leit natoergebiet de Kraanlannen. Hjir binne noch petgatten út de feanterijtiid. De Kraanlannen binne frij tagonklik mei in soad fûgels en oar dierte. Besuden Nij Beets rint it "Ald Djip ". Dit is in rivier dy't earder útrûn yn de Middelsee. Mear súdlik fan de rivier leit natoergebiet De Deelen, dat ek yn de ftiid fan de turfgraven ûntstien is.
Nij Beets leit sintraal yn it gebiet dat grinzet oan it boskgebiet fan Beetstersweach en it Fryske Marregebiet.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It doarpshûs hjit 't Trefpunt. De Jasker en De Arke binne de beide basisskoallen.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Kliuwend Omheech - toaniel
- Fuotbalferiening Blue Boys
- ODS / De Tûke Batsers - follybal
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Line 11: Akkrum - Aldeboarn - Nij Beets – Boarnburgum – Drachten vv.
- Line 18: It Hearrenfean – Lúnbert – Tsjalbert – Gersleat – Lúkswâld – De Tynje - Nij Beets – Boarnburgum – Drachten vv.
Stasjons yn de omkriten (ôfstân):
- Stasjon Akkrum (12 km.)
- Stasjon It Hearrenfean (16 km.)
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Blauwe Kampwei, De Bjirk, De Els, De Esk, De Peppel, Doarpsstrjitte, Domela Nieuwenhuiswei, Dumnysbosk, Gearen, Geawei, Giterskewei, Hoenstrjitte, Janssen Stifting, Kanaalwei Noard, Kanaalwei Súd, Krûme Swynswei, Legewei, Leppedyk, Prikkewei, Ripen, Swynswei, Tjeerd Nawijnstrjitte, Tolhikbuert, Van der Brugghenstrjitte, Van Eedenstrjitte.
Berne yn Nij Beets[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Prof. dr. D.S. (Dirkje) Postma (1951), longarts en heechlearaar Patofysiology fan it sykheljen
- Hannie Bruinsma-Kleijwegt (1936), politikus.
- Jan Schulting (1956), fuotbaltrener
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
![]() | |
---|---|
Haadplak: Beetstersweach | |
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | |
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden |