Lippenhuzen

Ut Wikipedy
Lippenhuzen
Flagge fan Lippenhuzen Wapen fan Lippenhuzen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Lippenhuzen
Gemeente Opsterlân
Ynwennertal (2021) 1300
Webstee www.lippenhuizen.com
Wettertoer fan Lippenhuzen
Tolhús Sweachsterwei
Sweachsterwei 2

Lippenhuzen is in doarp yn de gemeente Opsterlân, noardeast fan Gordyk. It doarp hat likernôch 1300 ynwenners (2021). By Lippenhuzen leit de Liphústerheide.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1315 waard it plak foar it earst neamd, as Luppingahusum. Yn 1505 komt it doarp foar as Kobunderhuysum alias Leppenhuysum; yn 1573 as Koebunderhwijsum en yn 1622 as Leppenhuysen. Yn 1718 waard it plak wer oantsjut mei Lippenhuysen al eer Kabunderhuizen.

Nei alle gedachten komt Lippenhuzen fan de famylje Ljuppa of Luppinga. Iuwen lyn wenne dy famylje dêr en boude in stikmannich huzen. De huzen en famyljenamme byinoar waarden Luppengahuizen. Lippenhuzen is ûntstien op in sânrech fan De Gordyk nei de Himrik. De buorren lizze east fan de tsjerke. Yn de 18e iuw waard der besuden it doarp in soad bokweet op ferboud. Begjin 18e iuw waard de Skoatterlânske Kompanjonsfeart oanlein om de turf ôf te fieren. De tsjintwurdige turfrûte ferbynt it doarp mei Terwispel, De Himrik en De Gordyk. Begjin jierren njoggentich is de doarpsútwreiding út it bestimmingsplan "Lippenhuzen-East" folboud.

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeiske tsjerke stiet oan De Buorren en is it resultaat fan it yn 1860 opnij bouwen fan de yn 1743 op in ferhege tsjerkhôf boude tsjerke. De 17e-iuwske preekstoel datearret noch út de âlde tsjerke. De tsjerke hat in trijekantige koarsluting en in houten, mei laaien beklaaide geveltoer mei nullespits.

Noardwestlik fan it doarp stiet oan de ferbiningswei mei Beetstersweach, de Sweachsterwei, in út likernôch 1860 datearjend tolhûs. Oan de eastkant fan De Buorren foarmet de út 1932 datearjende wettertoer it hichtepunt fan it doarp, in yn ekspresjonistyske styl boud mânsk bouwurk. By de ûnderkant fan de ommanteling fan it reservoir kraget it mitselwurk fan de skacht der yn in dûbele beweging út om de hoeken op te fangen. De foarm fan de toer feroaret dan yn in achtkantich systeem. De lizzende finsters krigen op de hoeken mitsele silinderkes: art déko- ornamintyk.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de âlde skoalle sit no doarpshûs De Mande. It doarp hat acht buertferienings: De Boppewei, De Wiken, Metersleantsje, De Kompanjons, It Feestlân, De Wettertoer, It Fuottenein en De Foksebuorren. Doarpsbelang hat meidien oan de doarpsfizy oant 2010 en de doarpsspegel. De skoalle hjit De Flecht, it pjutteboartersplak de Hummelmande. Der is noch iin supermerk yn Lippenhuzen. It jierlikse doarpsfeest is meast yn juny. Doarpskrante 'De Harker' ferskynt tsien kear yn 't jier.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Mande - klaverjassen
  • Fleurich út ein - toaniel
  • Melomania - koar
  • Fuotbalferiening THOR - fuotbal
  • Keatsclub

Berne yn Lippenhuzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Tusken 1639 en 1832 stie der in nôtmole oan de Wispeler Heawei.
  • Yn it doarpswapen binne de turffearten en de bokweetkerrels symbolisearre.

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

't Corso, Boerestreek, Bûkenhage, Buorsterwyk, Bûtewei, Kompanjonsfeart, De Buorren, Dotterblom, Feestlân, Heidereed, Kobunderleantsje, Marten Janswei, Omgong, Pompeblêd, Rjochtskeamerpaad, Singel, Slûsleane, Swanneblom, Sweachsterwei, Tjalling Harkeswei, Trijehoek, Weme, Welgelegen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente Opsterlân
Flagge fan de gemeente Opsterlân
Haadplak: Beetstersweach
Doarpen en útbuorrens: BakkefeanFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen: Ald BeetsAllardseach (foar in part) • It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part) • Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden