Springe nei ynhâld

Lippenhúster Wettertoer

Ut Wikipedy
Wettertoer Lippenhuzen

De Lippenhúster Wettertoer is in wettertoer dy't yn Lippenhuzen stiet. It gebou is in ryksmonumint. De wettertoer waard boud yn 1932 troch de I.W.G.L. en de Bredasche Beton Mij.

De wettertoer hat in hichte fan 44,25 meter en hat twa wetterreservoirs fan elk 300 m3. De ynhâld is deselde as dy fan de Harnzer Wettertoer. De toer hat in tintedak fan koper (troch korroazje ljochtgrien útslein) mei acht siden, krektas de wettertoer fan Harns en de Boalserter Wettertoer.

Yn 2019 ferkocht Vitens de wettertoer, dy't al jierren net mear brûkt waard, oan partiklieren.