Harns (stêd)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Harns
Flagge fan Harns Wapen fan Harns
Flagge Wapen
Lokaasje fan Harns
Gemeente Harns
Ynwennertal (2009) 15.000
Webstee Webstee Harns
Stedshûs fan Harns
1rightarrow.png Dizze side giet oer de stêd Harns. Foar de gemeente, sjoch: Harns (gemeente).

Harns is it haadplak fan de gemeente Harns. It is de belangrykste havenstêd fan de provinsje. Yn de haven fan Harns lizze, neist de Harnzer skippen, ek dy fan de grutte Urker float. Harns heart ta de Fryske Alve stêden en hat ûngefear 15.000 ynwenners. Dêrmei is it it fyfde plak fan Fryslân. It Harnzersk is in eigen dialekt.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grêft yn Harns

Harns krige yn 1234 stedsrjochten en is dêrmei as stêd âlder as bygelyks Ljouwert, Dokkum, Frjentsjer of Amsterdam. In diel fan de ferdigeningswurken is noch altyd te sjen yn it sintrum fan de stêd. Ek de oarspronklike grêftegurdles binne noch foar it grutste part werom te finen, krekt as de pakhuzen en de yn Hollânske styl boude huzen mei harren aparte gevels. De gevelstiennen jouwe oan in hûs in eigen merkteken wat in oerbliuwsel is út de tiid dat hûsnûmers noch net brûkt waarden. Se sitte soms op in opfallend plak, in oare kear as ornamint. In protte gevelstiennen binne restaurearre en litte de skiednis fan it hûs sjen (bygelyks hokker berop oft yn it hûs útoefene waard). De pakhuzen wurde net mear brûkt foar it doel dêr't se foar boud binne.

Yn de stêd binne noch ferskate steechjes dy't de ferbining foarmje tusken de grêften. Op de smelle strjitdielen waard eartiids in soad guod ferhannele dat oer wetter oanfierd wie. Yn in pear steechjes is dy strjitfunksje noch werom te kennen.

It toerisme nimt alle jierren noch ta: net allinnich Nederlanners komme nei de stêd, mar ek in soad Dútsers, inkele Belgen en in lyts mar tanimmend tal Ingelsen komt op de stêd ôf. De Harnzer fiskerijdagen foarmje ein augustus in bekend feest.

Yn Harns sit de Waadseeferiening, in organisaasje dy't opkomt foar de natuerlike belangen fan de Waadsee.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoaryske kaart fan Harns út 1664
'De haven fan Harns by moanneljocht' fan Heinrich Petersen-Angeln, 1901

Yn it jier 777 stifte Gustavus Forteman de earste Kristentsjerke yn Fryslân, yn Almenum.

Omtrint 1157 stifte Eilwardus Ludinga it kleaster Lúntsjerk yn it doarp Almenum. De muontsen groeven grêften om de hannelsfeart better mooglik te meitsjen. Ludingatsjerke waard dêrtroch ien fan de rykste kleasters yn Fryslân. De buert west fan Almenum, Harns, waard dêrtroch sà wichtich dat dy yn 1234 stedsrjochten krige. Noardwestlik fan Harns lei doe noch de stêd Gryn mei poarten, grêften en sels in hegeskoalle. Yn 1287 waard Gryn by needwaar foar it grutste part ferswolge troch de see. No is Gryn noch mar in sânplaat yn de Waadsee. De namme Harns komt nei gedachten fan de state Harlinga. Yn 1311 kaam "Harns" foar yn Ingelske havenregisters. Yn 1579 ûndertekenen ôfgesanten fan de stêd de Uny fan Utert en op 22 desimber 1634 krige Harns syn oktroai fan de Steaten fan Fryslân foar Grienlânsk- en Strjitte Daevids-fiskerij (walfiskfeart).

Twa iuwen lang bestiet Harns, lizzend op in bochtige herne fan de kust, yn it skaad fan de universiteitsstêd Frjentsjer. Mar troch de ferbining mei de see naam de wolfeart stadichoan ta. Earder lei de stêd westliker as hjoed, mar de see sloech geregeld lân fuort. Yn 1543 en 1565 waard der útwreide yn noardlike rjochting, sadat de Noarderhaven de Binnenhaven waard, dy't er no noch is. Op de middei fan 17 maaie 1568 waarden ta fernuvering fan de Harnzers 1800 Waalske soldaten oan lân set, dy't letter yn de Slach by Heiligerlee ferslein waarden. De hate Spaanske kolonel Caspar de Robles - troch Alva dêr as steedhâlder oansteld - ûnthjitte yn 1574 ferheging fan de diken. Yn 1579 folge in útwreiding nei it easten, mei troch de tafloed fan Flaamske menisten dy't it roomske suden ûntflechten. Troch dy útwreiding dy't yn trije moanne foltôge waard, lei de tsjerke fan Almenum no binnen de stedsfesten. De hannelsfeart nei de lannen om Noardsee en Eastsee naam ta en yn 1598 waard de stêd wer útwreide, no yn súdlike rjochting.

De Suderhaven mei Fryske Admiraliteit (1790)

Yn 1644 kaam de Fryske Admiraliteit fan Dokkum nei Harns. De Suderhaven krige it karakter fan marinehaven. De ferneamde Tsjerk Hiddes de Vries wurdt hjir letter luitenant-admiraal. De kriichsfeart bleau lykwols fan minder belang as de hannelsfeart. Withoefolle skippers ûnderholden beurtfearten nei de Waadeilannen, nei alle hoeken fan de provinsje en nei de Suderseehavens, dêr't Amsterdam de belangrykste fan wie. De stêd hie in soad yndustry. Der wienen skipmakkerijen, bierbrouwerijen, sâlt- en sjippesiederijen, stien- en pottebakkerijen, kalkûnen, nôt- en seachmûnen. Mar lykas soks al earder gie mei de Hânzestêden oan de doetiidske Sudersee, waard Harns yn de kommende iuwen foarbystribbe troch Amsterdam en Rotterdam. Dochs bleau Harns as kustfeart- en fiskershaven mei in soad foarsjennings en it nij groeven Van Harinxmakanaal fan grut ekonomysk belang foar Fryslân.

Yn 2014 wie Harns by de Tall Ships' Races 2014 it startpunt fan 'e ferneamde Tall Ships' Races, wêrby't wedstrydsyld wurdt mei grutte sylskippen. Yn 2018 wie de stêd yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 it einpunt fan 'e Tall Ships' Races 2018.

Wapen en flagge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste werjefte fan it stedswapen fan Harns is fûn op in stêdssegel út 1426. It wapen wie in eigendomsteken en symboal dat oan dokuminten fan de stêd in offisjeel karakter ferliende. De hâlder fan in wapen wie in rjochtspersoan. Oerienkomsten waarden 'besegele' troch in ôfdruk fan it wapen yn reade waaks op dokuminten of as slútsegel op perkaminten rôlen en sluven. Tsjinners en amtners fan de stêd droegen it wapen op amtsklean, helm of pet. Ek hjoed noch drage de boades yn it stedshûs en it havenpersoniel it wapen op harren unifoarm. Ek op eigendommen fan de stêd, lykas reau en brêgen, wurdt it wapen ôfbylde.

De gouden leeljes symbolisearje Mariaferearing en omdat men har heger achte as Sint-Michael, de beskermhillige fan de stêd, stean har gouden leeljes op in promininter plak yn it wapen as de reade krusen fan Sint-Michael. Faak wurdt Sint-Michael as drakedeader - bestrider fan ûnheil - njonken it wapen ôfbylde.

It rjocht om it wapen te brûken waard yn 1818 fernijd en befêstige troch de Hege Rie fan Adel:

Gebrûk meitsjende fan de macht oan deselde ferliend, by beslút fan de 20e febrewaris 1816, befêstiget by dizze de stêd Harns, yn gefolgen it troch har diene fersyk, yn it besit fan it neifolgjende Wapen: Yn fjouwer parten dield. It earste en fjirde diel fan keel, beladen mei trije gouden leeljes pleatst twa en ien. It twadde en tredde diel fan sulver beladen mei fjouwer krusen fan keel. It skyld dekt mei in kroan.

Keel is yn de wapenkunde de term foar read. Yn tsjinstelling ta de betsjutting fan leelje en krús, beide symboalen dy't frommens ferbyldzje, is de betsjutting dêrfan net krekt fêstlein. Meastal waarden kontrastearjende kleuren keazen om in wapen of flagge werkenberder te meitsjen. Al besteane der populêre ferklearrings foar de betsjutting fan kleuren - sa soe read de kleur fan de hertstocht wêze - doch is dêr net mei sein dat it read yn it Harnzer wapen ek dy betsjutting hat. De útfiering fan it wapen is troch de Hege Rie fan Adel fêststeld. De kroan hat trije blêden en twaris trije pearels. Sint-Michael moat ôfbylde wurde as: 'In wjukt Frouljusbyld...'

De flagge fan Harns

De Harnzer flagge is, krekt as it stedswapen, iuwenâld. Der is gjin krekt jier oan te wizen wêryn't de stêd de flagge tawiisd krige of dy sels ûntwurpen hat. Nei alle gedachten hat de flagge stadichoan syn hjoeddeiske foarm krigen.

Yn 1695 stiet yn de "Nieuw Hollandsche Scheepsbouw" fan Carel Allard, in ôfbylding fan de flagge fan Harns. Yn 1708 beskriuwt de Dokkumer Gerrit Hesman in flagge besteande út trije banen dy't hiel oars fan kleur binne: read, wyt en giel sûnder blauwe seam of wapen. Yn 1719 beskriuwt in David Mortier út Amsterdam de Harnzer flagge: De giele middelbaan mei yn de midden it wapen, beslacht 6/8ste fan de breedte en de blauwe banen ûnder en boppe elk 1/8ste.

Oranjebesites[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate kearen is Harns besocht troch de steedhâlderlike en letter keninklike famylje. It earste besyk wie fan Willem fan Oranje.

Keninklike besiken oan Harns
Jier Persoan opmerkingen
1581 Willem fan Oranje Hy skinkt de stêd 3000 Karolusgûnen foar ferbettering fan de havenwurken
1734 Prins Willem IV earste besyk
1745 Prins Willem IV twadde besyk
1773 Prins Willem V earste besyk
1791 Prins Willem V twadde besyk
1837 Kening Willem I
1873 Kening Willem III
1877 Prins Hindrik fan Oranje-Nassau Prins Hindrik iepenet as plakferfanger fan Kening Willem II de Nije Willemshaven
1905 Keninginne Wilhelmina
Prinses Emma
en Prins Hindrik fan Mecklenburg-Schwerin
1982 Keninginne Beatrix Keninginnedei

Om de stêd hinne en har ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om de stêd is ek wat ikkerbou; dat yn tsjinstelling ta de yn Fryslân wenstige feehâlderij (swartbûnte Fryske stamboekkij). De doarpkes Winaam en Mullum lizze binnen de gemeente Harns.

In soad Harnzers hawwe neat mei Fryslân, wat blykt út it feit dat mar in bytsje Harnzers Frysk prate en it net folle ûnderwiisd wurdt op Harnzer skoallen. As ferklearring wurdt jûn dat Harns lange tiid ôfhinklik wie fan de hannel, en him dêrom mei op Hollân oriïntearre. Earder hienen in soad Harnzers it gefoel dat de provinsje net folle foar harren die, Frjentsjer krige in universiteit en Ljouwert hie as haadstêd in soad privileezjes. It feit dat gemeentlike weryndielingen yn Fryslân net folle foar Harns as gemeente oplevere hat ek wat kwea bloed set. Net te ferjitten dat Harns ea, ferlike mei de rest fan Fryslân, in grutte hannelsstêd wie. Inkelde Friezen nimme it gebrek oan Frysk nasjonalisme en taal ûnder de Harnzers kwealik. De Fryske Nasjonale Partij hat ek noch nea meidien oan de gemeenteriedsferkiezingen yn de stêd.

Taal en dialekt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Frysk wurdt wol op de Harnzer skoallen ûnderwiisd (al is it op beheind nivo), mar in bytsje sprutsen. It is dan ek net nuver dat it mei it Frysk yn Harns der net sa goed foar stiet. It Harnzersk wurdt mear sprutsen, mar oer it generaal wurdt de Nederlânske taal it meast brûkt. Yn de gemeentlike doarpkes Mullum en Winaam en de buorskip Foarryp wurdt wol in soad Frysk praten. De fearten en kanalen om Harns hinne hawwe ek Nederlânske nammen en gjin Fryske. Harns is dêrmei de iennige gemeente yn it Fryske taalgebiet dy't net ferfrysket.

Koartlyn hat de Harnzer Regionale Skoallemienskip Simon Vestdijk in ûntheffing oanfrege foar it ferplichte stellen fan it Frysk op de middelbere skoallen yn it Fryske taalgebiet. It hat oan de bern en âlden in enkête foarlein dêr't nei de taalsituaasje thús yn frege waard en oft men beswier hie tsjin it ferplichte ûnderwizen fan it Frysk.

Wiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It paviljoen
  • Easterpark
  • Skippewyk
  • Plan Súd
  • Harnzer Havenkertier
  • Binnenstêd
  • Grut Ropens
  • Trebolbuert
  • Byniastate
  • It Reade doarp
  • Almenum
  • De Spiker
  • Plan Ludinga
  • En oare

Harnzer Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten fan Harns.

Harnzer Havens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Havenmûne
Tsjerk Hiddesslûzen
Bildtstrjitsbrêge Sâltsleat

Sâltsleat

De Suderhaven yn 2004
  • Noarderhaven
  • Suderhaven
  • Plankepaad
  • It Dok
  • Willemshaven
  • Flechthaven
  • Yndustryhaven
  • Fiskershaven
  • Haven Eastpoarte

Ynfrastruktuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ungefear 8 kilometer súd fan Harns begjint de Ofslútdyk dy't sûnt 1932 in direkte rûte foarmet tusken Fryslân en Noard-Hollân. Kwa skipfeartferkear wurde ferskate frachtrûtes fanút de haven ûnderholden, lykas nei Skandinaavje. De measte koasters dy't nei Harns komme, komme om sâlt te laden by it sâltfabryk. De haven fan Harns is no útwreide, mei de "(nije) Yndustryhaven". Der bestean plannen foar noch in útwreiding.

Feartsjinsten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Feartsjinsten út Harns wei nei Flylân en Skylge wurde útfierd troch rederij Doeksen.

  • Harns-Skylge, 1 oere en 45 minuten; sneltsjinst 50 minuten*
  • Harns-Flylân, 1 oere en 30 minuten; sneltsjinst 50 minuten*
*as de sneltsjinst net streekrjocht giet duorret de oertocht 30 minuten langer.

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harns is mei it iepenbier ferfier goed te berikken. Mei de trein mar ek mei de bus. It busferfier wurdt regele troch ferfierder Connexxion, de treinferbining wurdt ûnderholden troch Arriva.

Fan en nei Harns geande buslinen (nei 15 april 2007):

Foar dy linen hat Connexxion in nij type bus oanskaft. De bussen binne lytser, dus better geskikt om troch in protte doarpkes te riden, ek miljeu stie yn it teken fan dy ynvestearring. De nije bus wurdt de Frysker neamd. Ek sil Connexxion de grutte bussen (yn haadsaak it type Ambassador fan VDL Berkhof) op koalsiedoalje ride litte, dêrmei foldocht de busmaatskippij oan de winsken fan de provinsje Fryslân. Ek sil Connexxion de OV-chipkaart yn juny 2008 yntrodusearje yn it Fryske iepenbier ferfier.

Neist dy buslinen is der ek in treinferbining nei Frjentsjer, Dronryp, Deinum en Ljouwert. Der binne twa treinstasjons yn Harns: Stasjon Harns Haven en Stasjon Harns. Tusken 2009 en begjin 2010 ha der gjin treinen riden tusken stasjon Harns en Harns haven y.f.m. wurksumheden oan de wetterkearing en binne it spoar en it perron fernijd. Yn 2010 wie it stasjon Harns Haven it earste treinstasjon fan Nederlân mei it Arrivalogo fan ferfierder Arriva.

Yn de simmermoannen lit Arriva op freed, sneon en snein (twa kear deis) in trein ride fan it Dútske Leer nei Harns en omkeard. Dy treinen gean streekrjocht, der hoecht dus net mear oerstapt te wurden op stasjon Grins en Ljouwert.

De trein, dy't op dit trajekt rydt, is de Stadler GTW. Yn de folksmûle wurdt dy ek wol Spurt neamd.

Sûnenssoarch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

MCL Harns, haadyngong.

It âlde Streeksikehûs Oranjeoard yn Harns moast yn 1995 fúzjearje mei it Medysk Sintrum Ljouwert (MCL). Neitiid waard it in njonkenfêstiging fan MCL, mei as namme MCL Harns. Sûnt 2007 wurde der gjin operaasjes mear útfierd, en kin men der inkeld noch telâne foar (dei)behannelings yn 'e polyklinyk. Yn 'e mande mei û.m. it yn itselde gebou fêstige Soarchsintrum De Batting foarmet MCL Harns it saneamde Soarchplein Harns.

Gevelstiennen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek de keppeling om utens ûnderoan oer Harnzer skiednis, mei in data- en fotobank fan alle gevelstiennen.

  • Noarderhaven 31 - tinkstien dy't oanjout hoe heech oft it seewetter kaam by oerstreamingen yn 1776 en 1825.
  • Noarderhaven 74 - idem.
  • Oarstrjitte 5 - hûs fan in timmerman ôfbylde mei in koer ark.
  • Kleine Bredepleats 12 - ôfbylding fan fermoedlik in herberch. Ek hat de gevel stiennen mei wapenskylden mei it jiertal 1667 en de inisjalen fan it troud pear Bernardus Dreijer en Alida van der Geest, dy't ein 18e iuw yn it pân wennen.
  • Hofstrjitte 34 - earste stien.
  • Simon Stijlstrjitte 2 - earste stien fan de eardere Lutherske tsjerke.
  • Tsjerkepaad 30 - tinkstien út 1763 fan de Nederlânsk-herfoarme diakonij.

Sport en rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fjoertoer
Tall Ship races, Harns july 2014
- Alexander von Humboldt II, Sorlandet, op de eftergrûn Stad Amsterdam

Troch de stêd rint de Europeeske kuierrûte E9, pleatslik ek North Sea Trail of Frysk kustpaad neamd. De E9 rint by de kust fan Portugal del nei de Baltyske steaten.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Radio Stêd Harns is de lokale omrop, as nijsblêd ferskynt de Harnzer Krante.

Organisaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skouting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • St. Michiel & Liobagroep
  • Caspar de Roblesgroep
  • Blauwe Fûgelgroep 'De ûntdekkers'

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare ferienings en stiftings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bedriuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

En ferskate basisskoallen.

Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gebouwen en attraksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Natuer en rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bysûndere Oernachtingsplakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gallery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende Harnzers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Understeande persoanen hoege net berne te wêzen yn Harns, mar hawwe wol in bân mei de stêd:

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: