Admiraliteit fan Fryslân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fryske Admiraliteit)
It gebou fan de admiraliteit yn Harns
De Friso
It Admiraliteitshûs yn Dokkum
It plak fan de âlde admiraliteitswerf yn Dokkum

De Admiraliteit fan Fryslân, ek wol Fryske Admiraliteit (yn 't koart: Admiraliteitskolleezje), wie ien fan de Admiraliteiten út de tiid fan Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen dy't it befeiligjen fan de seefeart as taak hiene. De Fryske Admiraliteit waard yn 1596 oprjochte troch de Steaten fan Fryslân en oarspronklik fêstige yn Dokkum, letter yn Harns. Yn 1795 mei de Frânske tiid waard it kolleezje opheft.

It Admiraliteitskolleezje fan Fryslân waard yn 1597 ferheft ta Generaliteitskolleezje. Der wiene op dat stuit fiif generaliteitskolleezjes yn de Republyk. Dy yn Dokkum wie de iennichste yn it noarden. De leden waarden om bar foar in part troch Fryslân en foar in part troch oare gewesten keazen (sjoch ambulatware amten). Al gau die bliken dat Dokkum gjin gaadlike floatbasis wie, trochdat it Dokkumer Djip tichtslike. Dêrom waard yn 1645 it kolleezje nei Harns ta ferpleatst.

It yn feiligens stelle fan de seefeart wie de wichtichste taak fan de Admiraliteiten. Dêrta moast soarge wurde foar de bou en de útrissing fan oarlochsskippen neffens beslút fan de Steaten-Generaal. It heffen fan belestings op yn- en útkommende fracht en skippen en it ynbarren fan konfoai- en lisjilden wie in oare wichtige taak dy't dien wurde moast.

Ferneatiging fan it Admiraliteitsargyf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad boarnen oer de Fryske Admiraliteit binne der tsjintwurdich net mear oer. Dat hat alles te krijen mei twa brânen. By de grutte brân fan 12 op 13 febrewaris 1771 yn Harns gie hast al it argyfmateriaal ferlern fan de admiraliteit. Ek in soad âlde kaarten en dokuminten oer de skiednis fan Fryslân ferbrânden. It bytsje materiaal dat der noch oerbleau, waard oerbrocht nei it Departemint fan Marine yn De Haach. Doe’t dêr op 8 jannewaris 1844 brân útbriek, fergie ek it oerbleaune materiaal. Oer de grutte mannen fan de Admiraliteit is likegoed amper wat bekend. Dêr is it breklike argyfmateriaal ek de reden foar. It ferhaal fan Beucker Andreae is in oandwaanlik foarbyld. Andreae makke in stúdzje fan it libben fan Auke Stellingwerf. Oer syn sneuptocht nei de doopboeken fan syn berteplak skreau er it neikommende:

By de tsjerkfâden wie in kiste mei âlde boeken en skriften bewarre bleaun en neffens it sizzen fan in âld-ynwenner fan de stêd soene dêr ek de doopboeken by lizze moatte. Mar dy kiste waard in jiermannich lyn oan H.H. Diakenen jûn om him te bewarjen. En om't der gjin slot op 'e kiste siet, hie de mem fan it hûs de boeken út dy kiste yn lytse stikken knipt om it papier yn it húshâlden brûke te kinnen. En sa kin it wêze dat de kiste der noch stiet, mar de papieren weirekke binne.

Organisaasjestruktuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 14 juny 1597 waard op de gearkomste fan de Steaten-Generaal in útstel goedkard. Der waard besletten om it yn 1593 ophefte Collegie Superintendent fan 1589, dêr't Prins Maurits, sûnt 1588 Admiraal-Generaal, oan it haad fan stie, te ferfangen troch fiif selsstannige Admiraliteiten: de Siuwske, de Fryske, de West-Fryske, de Amsterdamske en de Rotterdamske. De Fryske Admiraliteit hie in eigen hierargy. De Admiraliteit waard laat troch in kolleezje dêr't de riedsleden ("raden") in sit yn hiene. Dat kolleezje wie ferantwurdlik foar it oanstellen fan amtners lykas boaden, klerken en doarwarders. Dêrneist waard troch de Steaten-Generaal by eltse Admiraliteit in ûntfanger-generaal, in sekretaris en in advokaat-fiskaal beneamd. Útsein Fryslân betelle de stêd Grins ek mei; faak waarden dêrom Grinzers beneamd op befelfierende posysjes, sa as admiraal Rudolf Coenders, en almeast wiene der in stikmannich skippen mei in nei Grins ferwizende namme. De Fryske Admiraliteit waard oprjochte op 15 augustus 1597. De fiif admiraliteiten kamen twaris yn 't jier gear yn De Haach en harren fertsjintwurdigers foarmen dan in Generaliteitskolleezje; yn de praktyk hiene se lykwols net in protte gesach.

Yn Dokkum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Admiraliteit kaam yn it âlde riedhûs, it yndruk meitsjende Blauhûs, op de hoeke fan de Heechstrjitte en de Lange Easterstrjitte yn Dokkum. Dat gebou wie yn 1589 oankocht troch kaptein Tjaerd Tjebbes foar 900 goudgûne.

Yn 't earstoan betelle it stedsbestjoer de hier, mar fan 1610 ôf gie de Admiraliteit sels ta de bûse.

Yn 1618 ferhuze de ynstelling nei in oar pân, dêr't no it stedsmuseum fan Dokkum, it "Het Admiraliteitshuis", yn sit (it museum rjochtet him net allinnich op it seefeartferline fan Dokkum).

Oer de perioade tusken de oprjochting en de Slach by Duins is net folle bekend troch de ferneatiging fan it argyf fan de Admiraliteit. Wol docht út de floatlist bliken dat by de Slach by Gibraltar kaptein Teunis Woltersz derby wie mei it skip De Friesche Pinas. It is net bekend hoefolle en hokfoar manlju en hoefolle kanonnen oft dat skip hie.

Dat mei it oanmeunsterjen by de Admiraliteit te Dokkum in soad jild te fertsjinjen wie, docht bliken út it de folgjende passaazje út de notulen (oantekens) fan in gearkomste fan de Steaten-Generaal, dêr't dy kaptein in beleanning yn freget fanwegen de moed dy't er sjen litten hat:

Kaptein Thoenis Woltersz. freget troch it yntsjinjen fan in skriftlik fersyk in betelling fan f. 50,-, dy't him op 17 desimber 1609 tawiisd waard foar syn koeraazje yn de Slach by Gibraltar, fierders is foarskreaun oan de Adm.fan Dokkum om him wer yn tsjinst te nimmen en wilens in traktemint ta te kennen. De Steaten beslute om de Adm. te skriuwen dat se Woltersz de f. 50,- útbetelje moatte en om him by de earste fakatuere wer yn tsjinst te nimmen. Foarriedich sil er in ekstra-ordinaris-traktemint fan f. 12,- krije, as bliken docht dat er syn wurk fierder oppakt.

De Admiraliteit yn 'e Slach by Duins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1626 waard de Fryske Admiraliteit frijsteld fan de levering fan seis oarlochsskippen. Dat wie mooglik in teken dat it bestjoerlik en finansjeel net hielendal goed gie yn Dokkum. De Admiraliteit die wol mei oan in aksje om de Iems en de Jade te blokkearjen ûnder lieding fan Maarten Harpertszoon Tromp. Dêrby feroveren de Friezen sels de frijbûtser Du Mortier. Yn 1639 makke de Admiraliteit trije skippen en fjouwer jachten ree foar de Republyk. In wykmannich foar de Slach by Duins waard in roeifregat, reemakke troch de Fryske Admiraliteit, ûnder lieding fan kaptein Joris Pieters van der Broeck op ferkenning stjoerd. Nei't er syn ferhaal dien hie by Admiraal Tromp, waard besletten om mei in Nederlânske float fan 29 skippen de striid oan te gean mei 67 Spaanske skippen. Ien fan de grutste skippen ûnder it befel fan Tromp wie in fregat mei 70 man en 22 kanonnen ûnder lieding fan de Fryske kaptein Tjaard de Groot. Yn de striid waard Van den Broeck nei Calais stjoerd om in nije foarried buskrûd te heljen foar it flaggeskip fan Tromp. Yn de slach sels slagge it Van den Broeck om in Spaansk galjoen mei 140 man en 18 stikken geskut te feroverjen.

Yn de jierren nei de Seeslach by Dúntsjerk fan 1639 oppenearre Van den Broeck him ek noch in kearmannich. Yn maaie 1641 ferovere er in Dúntsjerker skip mei 80 man en 12 stikken geskut en yn 1642 ferovere er mei in skip dat mar 67 man en 10 stikken geskut hie, in oar fregat mei 140 man en 20 kanonnen.

Ferhuzing fan Dokkum nei Harns[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dokkumer haven hie neffens de Fryske admiraliteit de fasiliteiten dy't nedich wiene foar it reemeitsjen fan twa oarlochsskippen dy't it Waadgebiet ûnder kontrôle hâlde moasten. Der wiene net mear fasiliteiten om ek noch oare oarlochsskippen ree te meitsjen, mar dat achte de Fryske Admiraliteit ek net nedich. Doe't it ferlet fan grutte oarlochskippen der wol wie, waarden oare havens brûkt. Fan 1620 oant 1636 waarden de grutte oarlochsskippen fan de Admiraliteit dan ek klearmakke yn Amsterdam. Yn 1636 waarden de skippen noch in skoft yn de haven fan Rotterdam lein. Al yn 1631 wiene der yn it Fryske kolleezje minsken dy't har oppenearren oer in ferhuzing nei Harns. De stêd Harns lei op in goed plak om skippen ree te meitsjen en it soe boppedat de ferdigening tsjin de fijân sterker meitsje. Pas tsien jier letter waard der in kommisje ynsteld dy't in ûndersyk dwaan moast nei de mooglikheden foar de ferhuzing.

Op 18 augustus 1643 waard in reglemint opsteld dêr't de wichtichste bepalings foar de ferhuzing yn beskreaun stiene. Op 1 maart 1644 waard it definitive beslút nommen om te ferhúzjen. Yn 'e rin fan 1645 gie de Fryske Admiraliteit oer. De magistraat fan Harns sei ta dat de Admiraliteit goede fasiliteiten krije soe yn 'harren' stêd. It jild dat nedich wie, waard troch de stêd betelle. De Admiraliteit hie lykwols mear bouwurken nedich as dat der tocht waard. Der wie net allinnich ferlet fan romten foar gearkomsten, mar der wie ek ferlet fan pakhuzen en ûnderkommens foar de finzenen. De Admiraliteit krige in gebou oan de súdkant fan de Suderhaven. Der moast tige op oanstien wurde om ek in bouwurk yn de Noarderhaven te krijen. Yn 1653 moast ek noch war dien wurde om in stikmannich pakhuzen yn de omkriten fan de Westertsjerke ta it domein fan de Admiraliteit rekkenje te kinnen.

Ferneamde floatfâden fan de Fryske admiraliteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seeslaggen dêr't de Fryske Admiraliteit oan dielnaam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1596 en 1792 waard oan ferskillende seeslaggen dielnommen. Almeast foarme de Fryske float in part fan de konfederearre float fan de fiif Admiraliteiten byinoar, nammentlik: De Siuwske, De Fryske, De West-Fryske, De Amsterdamske en de Rotterdamske). Yn in pear gefallen gie it om in ynternasjonale koälysje. By guon bekende seeslaggen liet de Fryske admiraliteit it sitte; soms omdat se te let wiene en soms omdat der gjin jild wie foar it tarissen fan in float, lykas by de measte slaggen fan de Tredde Ingelsk-Nederlânske Oarloch, doe't Fryslân en Grins oanfallen waarden troch de biskop fan Münster, Bernhard von Galen.

De Slach by Ter Heijde, troch Jan Abrahamsz Beerstraaten

Dêrneist fochten noch in stikmannich skippen fan de eardere Fryske Admiraliteit yn de Seeslach by Kamperduin yn 1797, doe ûnder de flagge fan de Bataafske Republyk.

Slach by Kijkduin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1673 wie der in grutte seeslach by Kijkduin. It wie de lêste grutte fjochterij yn de Tredde Ingelsk-Nederlânske Oarloch. Hjirûnder in oersjoch fan de skippen en kapteins fan de Admiraliteit fan Fryslân dy't der oan meidiene.

Linyskippen:
Elf Steden 50 (Witzo Johannes Beima)
Prins Hendrik Casimir 70 (skout-by-nacht Hendrik Bruynsvelt)
Groningen 70 (ficeadmiraal Enno Doedes Star)
Oostergo 58 (Jan Janszoon Vijselaer)
Fregat:
Windhond 30 (Jan Pieterszoon Vinckelbos)
Advysjachten:
Hoop 6 (Cornelis Reindertssoan Ienearm)
Liefde (Jochum Jansen)
Brâner:
Welkomst (IJsbrand Albertszoon)

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Engels, M.H.H. Admiraliteit in Friesland - Dokkum 1599 (Ljouwert, 1999)
  • Hoogeveen, H. Tsjerk Hiddes - Hwat in dekfeintsje wurde kin (Boalsert, 1967)
  • Kamminga, L. Schepen van de Friese Admiraliteit (Ljouwert, 1973)
  • Roodhuyzen, T. De Admiraliteit van Friesland (Frjentsjer, 2003)
  • Smits, E. De Friesche Admiraliteit boven water - deel I (Dokkum, 1996)
  • Smits, E. De Friesche Admiraliteit boven water - deel II (Dokkum, 1996)
  • Piter Terpstra, Tweeduizend jaar geschiedenis van Friesland (Ljouwert, 1979)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Admiraliteitscollege.