Enno Doedes Star

Ut Wikipedy
Enno Doedes Star troch Bartholomeus van der Helst

Enno Doedes Star (Osterhusen 1631 - Wirdum 1707) wie in Nederlânsk seefarder en floatfâld.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Enno Star kaam út East-Fryslân, dat doetiids nauwe politike en religieuze bannen mei de Republyk hie. Hy tsjinne earst by de Admiraliteit fan Amsterdam en letter by de Fryske Admiraliteit. By de Admiraliteit fan Amsterdam waard er yn 1658 ekstra-ordinaris kapitein, in soarte fan opropkaptein. Oant en mei de simmer fan 1660 hie er konvoaitsjinst yn It Kanaal om de keapfardij te beskermjen tsjin Portugeeske kapers.
Yn 1661 en 1664 waard er kommandant fan in befoarriedingsskip fan de Middellânskeseefloat, de Groene Kameel, en gie mei Michiel Adriaenssoan de Ruyter op strafekspedysje nei de Ingelske besittings yn West-Afrika en Amearika. Yn 1665 waard er kaptein yn fêste tsjinst.

Yn de Twadde Ingelske Oarloch, de Fjouwerdeiske Seeslach en de Twadeiske Seeslach wie Enno befelhawwer fan de Gouden Leeuw (60 kanons), in VOC-skip. Datselde jier waard er skout-by-nacht by de Admiraliteit fan Fryslân en op foarspraak fan De Ruyter waard er op 13 desimber troch de Steaten fan Grinslân as opfolger fan Rudolf Coenders, dy’t sneuvele wie, ta fise-admiraal beneamd. Oant 16 maart 1667, doe’t de ek sneuvele Tsjerk Hiddes de Vries opfolge waard troch baron Hans Willem van Aylva, funksjonearre Star as waarnimmend luitenant-admiraal fan Fryslân.

By de Tocht nei Chatham fan 1667 spile hy in wichtige rol; yn it lêste part fan dy aksje blokkearre er Harwich. Under Michiel de Ruyter wie Enno befelfierder oer de Groningen, in linyskip mei tusken de 276 en 300 bemanningsleden en 70 kanons. Omdat Van Aylva begjin 1672 generaal fan de infantery waard en nea wer nei see gean soe hoewol’t er nominaal luitenant-admiraal bleau, wie Star fan dat stuit ôf wer waarnimmend befelhawwer fan de Fryske float. De Groningen wie yn 1672 noch hieltyd syn flaggeskip yn de Slach by Solebay, de earste fan de Tredde Ingelske Oarloch en ek yn de Twadde Slach by it Schooneveld en de Slach by Kijkduin yn 1673.

Yn 1678 wie er by de helpfloat foar Spanje ûnder kommando fan Cornelis Evertsen de Jonge. Yn 1691 hied er it befel oer in eskader yn de Ingelsk-Nederlânske float by in aksje yn de Ierske See; it wie syn lêste kampanje, dat jier gie er de tsjinst út. Luitenant-admiraal is er net wurden.

Houliken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star troude fannijs op 2 septimber 1677 mei Cornelia Pars út Appingedam, nei’t Reynouw Gaickinga, syn earste frou — mei wa’t er om 1652 hinne troud wie en twa soannen en in dochter hie — stoarn wie. Letter festige er him op de bûtenpleats Bolhuis yn Wirdum (Grinslân), dêr’t er yn 1705 of 1707 ek stoarn is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan Enno Doedes Star út de Nederlânsktalige Wikipedia.