Slach by de Doggersbank (1781)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Nederlânske en Britske liny

De maritime Slach by de Doggersbank wie op 5 augustus 1781 yn de Noardsee, yn de Fjirde Ingelske Oarloch en wie teffens part fan de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. It wie in bluodderich treffen tusken in Britsk eskader ûnder fice-admiraal Sir Hyde Parker en in Nederlânsk eskader laat troch fice-admiraal Johan Zoutman, beide eskaders eskortearren in konfoai.

Ferrin fan de slach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De slach waard fierd yn de omkriten fan de de Doggersbank en einige feitlik ûnbeslist. In Ingelsk fleateskader foel de Nederlânske marine oan dy't in konfoai op wei nei de Eastsee begelate. De Nederlanners ûnder floatfâld Johan Zoutman sloegen de oanfal ôf, mar beide partijen hienen in soad skea. Dit wie de lêste seeslach fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Yn Nederlân waard de slach as in grutte oerwinning fierd. Zoutman waard yn it hiele lân huldige en krige in earedegen.

Op útstel fan steedhâlder Willem V waard de Doggersbank-medalje ynsteld. De ûnderskieding hie de tekst Pax quaeritur bello ('men kriget frede troch kriich'). Zoutman, syn earste offisier Jan van Kinsbergen, en de skipskapteins krigen elk in gouden eksimplaar útrikt. Offisieren krigen in sulveren-ien met read-wyt-blau lint; adelborsten en ûnderoffisieren krigen ek in sulveren-ien, mar dan mei in oranje lint. De legere rangen krigen in jildbedrach.

In protte Nederlanners droegen in spesjaal lint ta oantinken fan de slach. Om de widdo's fan de sneuvele seelju jildlik te stypjen waarden fûnsen stifte. Ut in fúzje fan twa fan dy fûnsen waard yn 1785 in kweekskoalle foar seelju betelle. By Keninklik Beslút fan 8 july 1815 krige Van Kinsbergen it Grutkrús yn de Militêre Willems-Oarder, en waard Albert Kikkert Kommandeur yn de Militêre Willems-Oarder.

De patriotten betochten de slach alle jierren om 5 augustus hinne. De dichter Jan Frederik Helmers skreau in lofsang, Rhijnvis Feith in segesang en Hieronymus van Alphen in kantate nei oanlieding fan de slach.

Dielnimmende skippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Battle of Dogger Bank, troch Thomas Luny

.

Mei it tal kanonnen.

Foar Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Erfprins 54 (Braak)
  • Admiraal Generaal 74 (Van Kinsbergen)
  • Argo 40 (Staring)
  • Batavier 50 (Bentinck)
  • Admiraal de Ruijter 68 (Flaggeskip fan Zoutman)
  • Admiraal Piet Hein 56 (Van Braam)
  • Holland 68 (Dedel)

Foar it Feriene Keninkryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Berwick 74
  • Dolphin 44
  • Buffalo 60
  • Fortitude 74 (flaggeskip)
  • Princess Amelia 80
  • Preston 50
  • Bienfaisant 64

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jaap Bruijn: Varend Verleden – De Nederlandse Oorlogsvloot in de 17e en 18e Eeuw. Meppel 1998, ISBN 90-5018-407-3.
  • Jonathan Israel: The Dutch Republic - Its rise, greatness and fall 1477–1806, Clarendon Press, Oxford 1995. ISBN 0-19-873072-1
  • Jan Willem Schulte Nordholt: The Dutch Republic and American Independence, University of North Carolina Press, Chapel Hill/ Londen 1982. ISBN 0-8078-1530-6

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: