Springe nei ynhâld

Johan Zoutman

Ut Wikipedy
Postúm portret fan Johan Zoutman troch Cornelis van Cuylenburg yn 1801

Johan Arnold Zoutman (Reeuwijk, 10 maaie 1724De Haach, 7 maaie 1793)[1] wie skout-by-nacht fan Hollân en West-Frieslân en befelhawwer fan de Nederlânske float ûnder de Fjirde Ingelsk-Nederlânske Oarloch.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't er tolve jier wie kaam er yn tsjinst fan de Admiraliteit fan Amsterdam. Yn 1742 wie er luitenant-op-see. Op 8 maart 1750 waard er beneamd ta ekstra-ordinaris kaptein en op 19 maaie 1760 ta ordinaris kaptein. Op 22 juny 1779 waard er titulêr skout-by-nacht.

Nei it útbrekken fan de Fjirde Ingelsk-Nederlânske Oorloch waard er yn 1781 belêste mei it begelieden fan in konfoai nei de Eastsee. Op 5 augustus stjitte er op in Britsk eskader ûnder fice-admiraal Hyde Parker. De dêrop folgjende Slach by de Doggersbank einige yn feite ûnbeslist. Foar syn fertsjinsten by dy slach waard er troch de Steaten-Generaal beleanne mei in swiere gouden medalje oan in gouden keatling en in gouden Doggersbank-medalje mei in wearde fan 1300 gûne.[1] Fan steedhâlder Willem V fan Oranje-Nassau krige er in gouden degen.[1] Op syn portret – skildere troch Cornelis fan Cuylenburg – draagt er syn ûnderskiedingen.[2] Op 18 augustus 1781 waard hy befoardere ta fice-admiraal en yn 1782 waard er kolonel fan de mariniers.

Nei ôfrin fan de Fjirde Ingelsk-Nederlânske Oarloch krewearre Zoutman foar ferbettering fan de seemacht, mar de measte fan syn útstellen waarden nea útfierd.

Koart foar syn dea yn 1793 waard er op 1 jannewaris befoardere ta luitenant-admiraal en ynspekteur en kommandant fan de see-artilleristen.

Zoutman wie boaske oan Adriana Johanna van Heusden, dochter fan de rintmaster fan de prins fan Oranje oer it kertier fan Geertruidenberg. Dêrom waard er nei syn ferstjerre byset yn it famyljegrêf yn de Groote Kerk fan Geertruidenberg.[3]

  • Yn Oranjestêd op Arûba is in fort nei Johan Zoutman ferneamd, Fort Zoutman.
  • Yn De Haach binne de Zoutmanpânen oan de Prinsegracht nei Johan Zoutman ferneamd. Hy wenne dêr oant syn dea yn 1793.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Meij, Otto van der, Zoutman, Johan Arnold yn: Biografisch Woordenboek van Nederland
  2. Rykstsjinst foar keunsthistoaryske dokumintaasje: Portret fan Johan Arnold Zoutman
  3. Een dode zeeheld in het zand BN De Stem 2 july 2008