Jan Frederik Helmers
Jan Frederik Helmers (Amsterdam, 7 maart 1767 – dêre, 26 febrewaris 1813) wie in Nederlânsk dichter en tige begoedige sakeman.
Ut syn gedichten docht bewûndering bliken foar de Renêssânse en Voltaire. It gedicht De Hollandsche natie út 1812 feroarsake swierrichheden mei de Frânske besetting. Doe't de plysje him arrestearje woe en oerbringe woe nei Parys, koe syn sweager Cornelis Loots allinne it lyk fan de krekt ferstoarne Helmers sjen litte.
De Frânske besetters ferbeane de publikaasje fan De Hollandse natie.
Amsterdam hat him eare mei in tal strjitnammen: de Earste-, Twadde- en Tredde Helmersstrjitte.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lijkzang op het graf van Nederland (1795)
- Aan het vaderland (1799)
- De Hollandsche natie (1812)
Neisieten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jan Helmers en dy syn broer Willem Helmers, fersetslju yn de Twadde Wrâldoarloch, wiene syn lêste neisieten. Sy waarden yn 1943 troch de Dútsers yn Berlyn fusillearre.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Profyl yn de DBNL
- Projekt Laurens Jz Coster mei teksten fan J.F. Helmers