Steaten-Generaal fan de Nederlannen
Appearance
De Steaten-Generaal fan de Nederlannen wie oarspronklik in bestjoersorgaan fan de Nederlânske Republyk (17e-18e iuw). De Republyk bestie út selsstannige steaten dy't harren ynlânske oangelegenheden sels regelen. Foar útlânske oangelegenheden en lânsferdigening kamen se gear. Dêrfoar stjoerden se ôffurdigen nei de Steaten-Generaal. Eltse steat hie dêr ien stim.
Sûnt 1815 is it de oantsjutting fan foar de fertsjintwurdiging fan it Nederlânske folk, ferdield yn in Earste Keamer en in Twadde Keamer. De keamers foarmje tegearre it parlemint.
Dit artikel is in stobbe oer polityk.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |